Judith Leyster
keunstner
Selsportret fan Judith Leyster (1630)
Selsportret fan Judith Leyster (1630)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJudith Leyster
nasjonaliteit Nederlânsk
bernejuly 1609
berteplakHaarlim
stoarn1660
wurkpaad
wurksum asKeunstskilder
streamingHollânske skoalle
Skilderij fan Judith Leyster
Serenade (fan ûnderen beljochte) troch Leyster, 1629 (Ryksmuseum Amsterdam).

Judith Leyster (Haarlim, july 1609 - Heemstede, 18 febrewaris 1660) wie in Nederlânske skilderesse út de 17e iuw. Sy wie ien fan mar in pear froulike skilders yn Nederlân yn de Gouden Iuw; wie ek de iennichste frou by it Haarlimse skildersgilde. Leyster har skildertechnyk hat in soad fan dy fan Frans Hals, dêrom wurdt der tocht dat hja syn learling west hat en dat sy studearre hat by Frans de Grebber.

Libben

Judith Leyster waard op 28 july 1609 doopt yn de Grutte Tsjerke yn Haarlim. Se wie it achtste bern fan Jan Willemssoan en Trijn Jasperdr. Har heit hie in brouwerij, de Leyster. Yn 1628 ferfarde de húshâlding nei Vreeland yn de provinsje Utert, dêr't hja nei alle gedachten kontakt hie mei de Utertske Caravaggisten Hendrick Terbrugghen en Gerrit van Honthorst. Yn septimber 1629 giene Judiths âlden nei Saandam. It is net wis at Judith mei gie of dat se rillegau werom gie nei Haarlim. Yn alle gefallen wie der yn 1631 in Judith Jansd. tsjûge by de doop fan ien fan de bern fan Frans Hals. Har earste signearre wurk is fan dat jier. Dat die hja mei in monogram in de foarm fan in stjer, taheakke oan har namme: fan Ley-ster. Yn 1633 waard Judith talitten by it Sint-Lucasgilde. Se troude op 1 juny 1636 yn Heemstede mei de keunstskilder Jan Miense Molenaer en krige fiif bern: Johannus (1637), Jacobus (1639), Helena (1643), Eva (1646) en Constantijn (1650). It soargjen foar har húshâlding wie wierskynlik wol de ein fan har skilderskarriêre, want der is suver gjin wurk bekend fan nei 1636; wol twa platen yn in boek oer tulpen út 1643 en noch in portret út 1652. Yn it neijier fan 1659 waard Judith Leyster, krekt as har man, slim siik. Judith stoar inkelde moannen letter en kaam te hôf yn Heemstede op 10 febrewaris 1660. Har man Jan Miense Molenaer bleau oer mei de twa noch libjende bern en stoar acht jier letter.

Wurk

Leyster wie foaral fernijend wat har tematyk oanbelanget. Sy skildere rêstige húslike tafrielen mei froulju dy't yn 'e hûs oan 't wurk binne; dit soarte wurk wie foar 1650 net sa populêr. Har wurk hie fierders itselde karakter as dat fan har tiidgenoaten, sa as Hals, Jan Steen, en de Utertske caravaggisten Hendrick Terbrugghen en Gerrit van Honthorst; dit soarte sjênrestikken, fan herbergen en oare ferdivedaasje waard stadichoan populêrder by de oanwaaksende Hollânske middenklasse.

Leyster wie by har libben wol bekend en waard wurdearre troch har tiidgenoaten, mar nei har dea hat har wurk lange tiid fergetten west. Leyster's wurk waard yn 1893 opnij ûntdekt doe't it Louvre in skilderij kocht dat taskreaun waard oan Frans Hals, mar feitlik fan Leyster wie.

Oan Judith Leyster wurde 48 wurken taskreaun. Tolve binne weirekke, alteast net mear te finen, en fan sân oare stikken is net wis at hja dy yndie skildere hat.

Bekend wurk is:

  • It útstel (of Man biedt jonge vrouw geld aan) (1631)
  • Famke mei striehoed
  • Spultsje Tiktak
  • Bern mei in kat en in iel
  • Musisearjend selskip
  • Selsportret (1633)
  • Jonge mei fluit (ca. 1635)
  • Serenada
  • Pikelhjerring (1629)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.