Joy Wielkens
akteur
Joy Wielkens (2017)
Joy Wielkens (2017)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJoy Wielkens
nasjonaliteit Nederlânsk
berne14 july 1980
berteplakAmsterdam (Noard-Hollân)
etnisiteit Arûbaansk
Surinaamsk-Kreoalsk
jierren aktyf2003 – no
offisjele webside
www.joywielkens.net

Joy Wielkens (Amsterdam, 14 july 1980) is in Nederlânsk aktrise en kabaretiêre fan mingd Surinaamsk-Arûbaansk komôf. Hja is benammen bekend wurden troch har rol as resjersjeur Leona Savonet, yn 'e plysjesearje Van Speijk.

Libben en karriêre

Wielkens groeide op yn Amsterdam-Osdorp as de dochter fan in Surinaamsk-Kreoalske mem en in Arûbaanske heit.[1] Hja trochrûn fan 1992 oant 1998 it Montessori-Lyseum yn Amsterdam. Neitiid waard se talitten ta de Amsterdamske Lytskeunst Akademy, dêr't se fjouwer jier lytskeunst en ien jier toanielskoalle folge, en yn 2003 mei goed gefolch ôfstudearre. Yn har lêste jier oan 'e akademy rûn hja staazje by it Amsterdamsk Lytskeunst Festival yn 'e foarstelling 't Schaep met de Vijf Pooten. Teffens spile se yn 'e musical Die Sieben Todsunden en makke se mei de oare studinten fan har jiergong de ôfstudearfoarstelling Carmen.

Fan 2003 ôf spile se earst yn 'e bernefoarstelling De Huilende Koningin, het Dienstmeisje en het Meisje van Ree, en fertolke doe oardel jier lang de rol fan 'e hyena Shenzi yn 'e Broadway-musical The Lion King, yn it Dútske Hamburch. Fierders spile hja Cassandra yn 'e toanielfoarstelling Beest, en wie hja yn 'e simmer fan 2005 op Oerol te sjen yn 'e musical Phylaca.

Har tillefyzjedebút makke Wielkens yn septimber 2005, doe't se cast waard yn 'e rol fan 'e ûnferfearde froulike resjersjeur Leona Savonet, yn 'e plysjesearge Van Speijk. Dat personaazje spile se twa seizoenen, dy't yn 2006 en 2007 útstjoerd waarden. De simmers fan dat lêste jier stie Wielkens wer op Oerol, mei it stik Mahagonny, en fanôf 2008 gie se op toernee mei har earste soloteäterprogramma Sneeuw. Letter hie hja ek ferskate rollen yn films, û.m. yn Alles Is Familie (2012) en Toscaanse Bruiloft (2014). Op it stuit lit Wielkens yn har omgean oft se mei in eigen muzykalbum ek in sjongkarriêre neistribje wol. In stikmannich koarte fragminten fan har demo kinne beharke wurde op 'e "muzyk"-side (ûnder it tabblêd "media") fan har webstee.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brader, Peggy, Joy Wielkens zoekt haar vader met theaterstuk, RNW, 21 jannewaris, 2012

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.