Joseph-Nicolas Robert-Fleury troch Gaston Thys
Joseph-Nicolas Robert-Fleury

Joseph Nicolas Robert-Fleury (Keulen, 8 augustus 1797 - Parys, 5 maaie 1890) wie in Dútsk-Frânske keunstskilder.

Tony Robert-Fleury, syn soan, wie ek keunstskilder.

Fleury waard troch syn famylje nei Parys stjoerd. Nei in reis troch Itaalje gie er werom nei Frankryk om foar it earst yn de Paryske salon te eksposearjen yn 1824. Syn namme krige earst trije jier letter klank. Yn 1850 folge er François Granet op as lid fan de Académie des Beaux-Arts. Yn 1885 waard er dosint en fan 1863 ôf direkteur fan de École des Beaux Arts en yn it neikommende jier ferfear er nei Rome.

Hy waard yn 1846 opnaam yn it Legioen fan Eare.

Oeuvre

Wichtige stikken fan Robert-Fleury binne:

  • Lecture chez Mme de Sévigné (1836)
  • Henri IV au Louvre après son assassinat (1836)
  • Entrée triomphale de Clovis I à Tours, 508 (1838), Paleis fan Versailles
  • Le colloque de Poissy (1840), museum fan Lúksemboarch
  • Les enfants de Louis XVI au Temple (1840)
  • Marino Faliero
  • An Autodafé
  • Galilée devant le Saint-Office au Vatican, útstald yn 1847
  • Réception de Christophe Colomb par la cour d’Espagne à Barcelone, Louvre
  • Les derniers moments de Montaigne (1853)
Galileo Galilei foar de ynkwisysje, troch Robert-Fleury
Baldwin fan Boulogne foar Edessa (1098)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.