Jordan Lee | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Jordan Leigh, Nikki Lee, Samantha | |
echte namme | Gloria Lynn Grimes | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 oktober 1959 | |
berteplak | Dallas (Teksas) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1993 – 1998 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Jordan Lee, echte namme: Gloria Lynn Grimes (6 oktober 1959), is in rêstend Amerikaansk pornografysk aktrise, dy't ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jordan Leigh, Nikki Lee en Samantha. Neffens har offisjele opjefte wie se ûnder har pornokarriêre 1.73 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 38D, dy't se krigen hie troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Har artystenamme Jordan Lee ûntliende hja oan in fiktyf personaazje út 'e tillefyzjesearje Dallas.
Libben en karriêre
Jordan Lee is hikke en tein yn it Teksaanske Dallas, dêr't se letter wurksum wie as plysje-aginte by it Dallas Police Department (DPD). Se sette útein mei in karriêre as pornoaktrise yn 1993, doe't se 34 jier wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se dêrnei yn 208 ûnderskate pornografyske films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as VCA Pictures, Vivid Entertainment, Wicked Pictures en Sin City, mar ek foar in grut tal minder bekende studio's. Yn 1998 loek se har út 'e pornoyndustry werom.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |