Joop den Uyl
politikus
Joop den Uyl
Joop den Uyl
echte nammeJohannes Marten den Uyl
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum9 augustus 1919
berteplakHilfertsom
stjerdatum24 desimber 1987
stjerplakAmsterdam
partijPVDA
Lid Twadde Keamer
amtsperioade1956-1963,
1967-1973,
1977,
1978-1981,
1982-1987
Wethâlder Amsterdam
amtsperioade1962-1965
Minister fan Ekonomyske Saken
regearkabinet-Cals
amtsperioade1965-1966
foargongerKoos Andriessen
opfolgerJoop Bakker
partijleider fan de PvdA
amtsperioade1966-1986
foargongerAnne Vondeling
opfolgerWim Kok
fraksjefoarsitter PVDA Twadde Keamer
amtsperioade1967-1973,
1977,
1978-1981,
1982-1986
Minister-presidint
regearkabinet Den Uyl
amtsperioade1973-1977
foargongerBarend Biesheuvel
opfolgerDries van Agt

Johannes Marten (Joop) den Uyl (Hilfertsom, 9 augustus 1919 - Amsterdam, 24 desimber 1987) wie Nederlânsk politikus en lieder fan de Partij fan de Arbeid (PvdA) fan 1967-1986. Oer it generaal wurdt er karakterisearre as in ydealistysk beflein lieder dy't as ('Ome Joop') in grutte oanhing hie ûnder de befolking. Lykwols hie hy ek tsjinstanners, dy't net tefreden wienen oer syn belied, bygelyks dat hy steatsskuld yn Nederlân te heech oprinne litten hie. Hans Wiegel en Dries van Agt wienen syn grutte opponinten yn de polityk.

Libbensrin

Op jonge leeftyd ferlear Joop syn heit, dy't winkelman en kuormakker wie. Hy gie nei it Kristlik Lyseum yn Hilversum fan 1931-1936, wêrnei't hy ekonomy studearre oan de Gemeentlik Universiteit fan Amsterdam (tsjintwurdich UvA) dêr't hy yn 1942 syn doktorandustitel helle. Tidens syn stúdzje stimde hy net op de Sosjalisten mar op de ARP. Oant 1945 wie hy amtner op it Ministearje fan Ekonomyske Saken; nei de Twadde Wrâldkriich waard hy sjoernalist by Het Parool en Vrij Nederland. Fan 1949 ôf wie hy direkteur fan de Wiardi Beckman Stichting, it wittenskiplik buro fan de PvdA.

Nei in wethouderskip yn de gemeente Amsterdam (1963-1965) waard hy in skoft minister fan Ekonomyske Saken (1965-1966) en fan 1967-1973 wied er fraksjelieder fan de PvdA yn de Twadde Keamer. Nei de ferkiezings waard hy de minister-presidint fan it kabinet-Den Uyl (1973-1977). Yn 1977 wûn de PvdA yn ien klap tsien setels der by. Mei 53 setels wie de PvdA doe fierwei de grutste partij, mar lykwols kaam er net op 'e nij yn de regearing. Under syn lieding moast de PvdA opposysje fiere fan 1977 oant 1981, folge troch in ynterim-perioade fan 1981-1982, wêryn hy weromkearde yn de kabinetsfunksje fan fise-premier en minister fan Sosjale Saken ûnder de CDA-premier Van Agt. Dêrnei wie hy wer op 'e nij fraksjelieder oant 1986.

Yn 1985 krige Den Uyl fan de Universiteit fan Amsterdam, in earedoktoraat. Joop den Uyl wie troud mei Liesbeth den Uyl. Harren dochter Saskia Noorman-den Uyl is ek poliktus foar de PvdA.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.