Jonkerslân
Fûgelsang
Fûgelsang
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal275 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak4,65 km²
Befolkingsticht.62 ynw./km²
Oar
Koördinaten53° 58' N 6° 00' E
Offisjele webside
FB-side Jonkerslân (net offisjeel)
Kaart
Jonkerslân (Fryslân)
Jonkerslân

Jonkerslân is in doarp yn de gemeente Opsterlân, súd fan Gordyk.

Jonkerslân is bekend om de moaie beamwâlen. Der wurdt ek war dien om toeristen oan te lûken

Jonkerslân hat 275 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners en is dêrmei it op ien nei lytste plak fan Opsterlân.

Skiednis

Jonkerslân hat syn namme krigen troch Piter Dekema. Piter Dekema wie neist riedshear by it Hof fan Fryslân ek ûndernimmer. Dekema wie ien fan de kompanjons fan de Skoatterlânske Kompenije, mar hy hie foar himsels ek in eigen feanterij.

Der wurdt oannommen dat Dekema's feanterij yn Opsterlân healwei de 16e iuw begûn mei syn sweager Boudewijn van Loo. Foar it ferfieren fan de turf waard de Jonkersfeart groeven. Dizze feart slette wer oan op de oare fearten dy't foar dit doel groeven binne. De Jonkersfeart is net mear befarber, mar is noch wol werom te finen yn it lânskip.

Jonkerslân is in jong doarp en hat lang in part fan Langsweagen west. Sa om 1850 hinne kaam der wat wy no in ferieniging foar doarpsbelang neame soenen. De oantekenboeken fan dy feriening binne bewarre bleaun en binne yn it museum fan 'e Gordyk. Yn 'e rin fan tiid binne de doarpsgrinzen yn Opsterlân feroare. De buorskippen Jonkerslân en Fûgelsang binne doe it doarp Jonkerslân wurden.

Doe't it boerebedriuw'yn Jonkerslân minder arbeiders nedich hie, fûnen minsken fral wurk op 'e Gordyk. Mei de oanlis fan De Feanboarch krige it doarp nijbou.

Mienskip

Doarpshûs De Lytse Jonker

It doarpshûs fan Jonkerslân is De Lytse Jonker. Dat gebou wie eartiids de basisskoalle, mar doe't dy yn 2014 slute moast, waard it omboud ta it nije doarpshûs. "Us Doarpshûs", it âlde doarpshûs, waard dêrnei ferkocht en krige in nije funksje as wenhûs.

Yn it doarp is fierders is in spesjale Boarterstúnferiening, in Feestkommisje en in Aktiviteitenkommisje. Ein maaie, begjin juny is it jierlikse doarpsfeest. "Jarrewetter" is it pleatslike slokje.

Tsjerke

Skoalle

Bern binne foar basisûnderwiis op Langsweagen oanwiisd. De skoalle fan Jonkerslân waard yn 2014 sletten fanwegen te min bern.

Ferienings

Eveneminten

Strjitten

Pleats oan de Fûgelsang

Bonteboksleane, De Nije Sleat, Feanboarch, Fûgelsang, Jelle Beenenwei, Langewyk, Sing-Sang, Twadde Kompanjonswei.

Publikaasje(s)

A. Postma e.o. Trije yn ien (Histoarysk fotoboek oer Jonkerslan, Langsweagen en Lúkswâld).

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.