Jongnammesân (Dútsk: Jungnamensand; Noardfrysk: Jongnaamen) is in lytse sânbank yn de Dútske Bocht westlik fan it eilân Oomram.
Geografy
Jongnammesân leit 2,4 kilometer westlik fan Knypsân en 3,2 kilometer westlik fan it westlikste puntsje fan it Sleeswyk-Holsteiner eilân Oomram. Wannear’t it drûch leit is te sjen dat it sirkelfoarmich is. It hat in diameter fan 400 meter.
Noardlik fan de sânbank, rjochting Sylt, binne twa lytsere sânbanken dêr't seehûnen tahâlde: Hörnumknob en Theeknob.
Natuerbeskerming
Hoewol't Jongnammesân gjin diel útmakket fan it Nasjonaal park Sleeswyk-Holstein, is it wol ferbean foar minsken. It makket diel út fan it Fûgelrjochtline en Habitatrjochtline fan de Europeeske Uny.[1] Jongnammesân is neist Helgolân it iennige briedplak foar seehûnen yn Dútslân. Ek is it in ûntwyk foar in soad fûgels.
Yn jannewaris en desimber, wannear't der oerstreamings plakfine, fine de jonge seehûnen harren ûntwyk op it strân fan Oomram en wurde dêr fierder fersoarge troch harren memmen.
Oar
Ferskate húskes op it eilân Oomram hawwe de namme "Jongnammesân".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Westfryske eilannen: |