Jonathan Banks
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJonathan Ray Banks
nasjonaliteit Amerikaansk
berne31 jannewaris 1947
berteplakWashington, D.C.
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf1974 – no
prizenSaturn Award 2013
offisjele webside
Jonathan Banks op Facebook

Jonathan Banks (folút: Jonathan Ray Banks; Washington, D.C., 31 jannewaris 1947) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur. Syn earste rollen dy't it opmerken wurdich wiene, hied er yn 'e films Airplane!, 48 Hrs., en Beverly Hills Cop. Syn trochbraak kaam mei syn rol as de eardere plysjeman Mike Ehrmantraut, yn 'e tillefyzjesearje Breaking Bad. Banks wûn yn 2013 in Saturn Award en hat seis kear nominearre west foar in Emmy.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Banks waard yn 1947 berne yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., as de soan fan Elena Adams Banks (1917-2012). Nei't er de middelbere skoalle trochrûn hie, studearre er oan 'e Universiteit fan Indiana, yn Bloomington yn 'e Amerikaanske steat Indiana, dêr't er yn deselde klasse siet as de lettere akteur Kevin Kline. Yn dy tiid spilen se tegearre yn in produksje fan The Threepenny Opera. Banks briek úteinlik syn stúdzje ôf om as toanielprodusint yn Austraalje op toernee te gean mei in toanielselskip dat de musical Hair opfierde.

Aktearkarriêre

Yn 1974 ferhuze Banks nei Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't er him ûnderhold as toanielakteur oant er lytse roltsjes op 'e tillefyzje begûn te krijen. Sa spile er yn in oerheidsfoarljochtingsspotsje út 1974 op it mêd fan seks, mei as titel Linda's Film on Menstruation. Yn 2015 waard dat nochris foar it fuotljocht helle troch de komyk John Oliver yn syn show Last Week Tonight with John Oliver, wêrby't Banks oan 'e ein fan it programma opkaam om 'e ynhâld fan it (ûnderwilens folslein efterhelle rekke) foarljochtingsfilmke bespotlik te meitsjen.

Yn 'e 1970-er jierren hie Banks fierders lytse roltsjes yn tillefyzjefilms en yn tillefyzjesearjes as Barnaby Jones, Lou Grant en The Waltons. Syn earste rol yn in film wie yn Coming Home, út 1978. Yn 'e 1980-er jierren spile er yn searjes as Little House on the Prairie, Whiz Kids, Cagney and Lacey en Falcon Crest. Tagelyk krige er syn earste opmerkenswurdige rollen yn films as Airplane! (1980), 48 Hrs. (1982), Gremlins (1984) en Beverly Hills Cop (1984). Fan 1987 ôf hie Banks ien fan 'e fêste rollen as Frank McPike yn 'e rige Wiseguy, wêrfoar't er nominearre waard foar in Emmy Award yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in dramasearje. Dêrmei wie syn namme as akteur fêstige, alteast yn 'e fermiddens fan 'e tillefyzje- en filmyndustry fan Hollywood.

Yn 'e 1990-er jierren hie Banks benammen gastrollen yn searjes as Star Trek: Deep Space Nine, Highlander: The Series, Matlock, Walker, Texas Ranger en Due South, hoewol't er yn 1997 en 1998 in fêste rol as Guy Mann hie yn 'e komeedzjesearje Fired Up. Op it wite doek hie Banks yn dyselde perioade byrollen yn films as Boiling Point, Under Siege 2: Dark Territory en Flipper. Nei de iuwwiksel hied er gastrollen yn plysjesearjes as CSI: Crime Scene Investigation, Cold Case, Without a Trace, CSI: Miami en Body of Proof, de sikehûsrige ER, de fantasytillefyzjesearje Ghost Whisperer en komeedzjesearjes as Modern Family, Two and a Half Men en Parks and Recreation. In weromkearende rol (as Buzz Hickey) hied er yn 2014 yn alve ôfleverings fan 'e komeedzjesearje Community.

Banks briek ynternasjonaal troch mei syn weromkearende rol as de âld-plysjeman Mike Ehrmantraut, dy't er foar it earst yn 2009 spile, yn it twadde seizoen fan 'e misdiesearje Breaking Bad. Hy fertolke dy rol yn 25 ôfleverings fan dy rige, en sleepte dêrmei yn 2013 syn twadde nominaasje yn 'e wacht foar in Emmy foar bêste manlike byrol yn in dramasearje. Teffens wûn er der datselde jiers in Saturn Award mei yn 'e kategory bêste manlike byrol yn in tillefyzjesearje. Fan 2015 ôf kroep Banks fannijs yn 'e hûd fan Ehrmantraut foar in weromkearende rol yn 'e rige Better Call Saul, in spin-offsearje fan Breaking Bad. Yn 2015, 2016, 2017 en 2019 waard er elts jier foar dy rol nominearre foar in Emmy foar bêste manlike byrol. Hy wûn mei de rest fan 'e cast fan Breaking Bad yn 2014 ek in Screen Actors Guild Award foar bêste ensemble yn in dramasearje.

Yn 2014 spile Banks de rol fan plysjeresjersjeur Hatcher yn 'e misdiekomeedzje Horrible Bosses 2. Oare films dêr't er yn 'e 2010-er jierren yn spile, wiene û.m. Identity Thief (2013), Mudbound (2017) en The Commuter (2018). Ek wied er as stimakteur belutsen by de tekenfilm Incredibles 2 (2018). Fierders wurke er yn 2018 mei oan 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan 'e Nederlânske regisseur Roel Reiné, oer Redbad, kening fan 'e Friezen, dy't yn 'e achtste iuw libbe. Banks spile yn dy film de histoaryske persoan fan 'e Frankyske hofmeier Pepyn fan Herstal, ien fan 'e wichtichste antagonisten.

Priveelibben

Banks troude yn 1968 mei syn earste frou Marnie Fausch, mei wa't er ien dochter krige. Nei't harren houlik yn 1970 al nei twa jier op in skieding útrûn wie, bleau er tweintich jier frijfeint. Yn 1990 wertroude er mei syn twadde frou Gennera, mei wa't er in twilling (twa jonges) krige. Banks hat ek in styfdochter út in eardere relaasje fan syn twadde frou.

Yn april 2016 waard oan Banks troch syn eardere universiteit, de Universiteit fan Indiana, in earedoktoraat takend. Syn hûs yn Kalifornje baarnde yn 2018 ôf by de Woolseybrân, in grutte natoerbrân.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1976Barnaby JonesVince Gentrygastrol; ôfl. Dead Heat
1976The MacahansWoodwardtillefyzjefilm
1977Familyassistintgastrol; ôfl. Taking Chances: Part I
1977Barnaby Jonesautoferkeapergastrol; ôfl. Duet for Dying
1977Carter CountryBob Phillipsgastrol; ôfl. The Fireside Burnside Budget Chat
1977Alexander: The Other Side of DawnMichaeltillefyzjefilm
1979Lou GrantClay Starkesgastrol; ôfl. Kidnap
1979The WaltonsJeb Sandersgastrol; ôfl. The Wager
1979Lou GrantCyrusgastrol; ôfl. Sweep
1979She's Dressed to KillRudy Strikertillefyzjefilm
1980Desperate VoyageLouistillefyzjefilm
1980Little House on the PrairieJedgastrol; ôfl. Darkness Is My Friend
1981Lou Grantynkringergastrol; ôfl. Rape
1981SanfordAlgastrol; ôfl. Cal the Coward
1981The Gangster ChroniclesDutch Schultzweromkearende rol; 13 ôfl.
1981Best of the WestHombregastrol; 2 ôfl.
1982Report to MurphyVinnygastrol; ôfl. Papillon
1982T.J. HookerDanny Scottgastrol; ôfl. The Witness
1983Hill Street BluesReggiegastrol; 2 ôfl.
1983Whiz Kids ?gastrol; ôfl. Programmed For Murder
1983T.J. HookerFreddy Bakergastrol; ôfl. The Hostages
1983The Invisible WomanDarrentillefyzjefilm
1983Murder Me, Murder YouJanos Saracentillefyzjefilm
1984JessieErnie Rossgastrol; ôfl. Pilot
1984Cagney & LaceyKeith Edsingastrol; ôfl. Old Debts
1984NadiaGheorge Comanecitillefyzjefilm
1985Otherworldluitenant-kolonel Nuveen Krollweromkearende rol; 8 ôfl.
1985Hunterresjersjeur Gary Krewsongastrol; ôfl. The Big Fall
1986The Fifth MissileRay Olsontillefyzjefilm
1986AssassinEarl Dickmantillefyzjefilm
1986Who Is JuliaJack Bodinetillefyzjefilm
1987Falcon CrestKolinksiweromkearende rol; 8 ôfl.
1987Designing WomenEldon Ashcroft IVgastrol; ôfl. 101 Ways to Decorate a Gas Station
1987–1990WiseguyFrank McPikefêste rol; 74 ôfl.
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje
1991Don't Touch My DaughterRytertillefyzjefilm
1993Star Trek: Deep Space NineShel-lagastrol; ôfl. Battle Lines
1993Blind SideAarontillefyzjefilm
1994Highlander: The SeriesMakogastrol; ôfl. Under Colour of Authority
1994MatlockJack Starlinggastrol; ôfl. The P.I.
1994Walker, Texas RangerShelby Valentinegastrol; ôfl. Deadly Reunion
1994Tales from the CryptWilliamgastrol; ôfl. The Assassin
1995Due SouthGarretgastrol; ôfl. Heaven and Earth
1995Women of the HouseJim Sugarbakergastrol; 2 ôfl.
1994–1995SeaQuest 2032Maximillian Scullygastrol; 2 ôfl.
1996Diagnosis: MurderMax Jupegastrol; ôfl. Murder by Friendly Fire
1997Melanie DarrowArthur Abbotttillefyzjefilm
1997A Thousand Men and a Babypreester Edward O'Reillytillefyzjefilm
1997–1998Fired UpGuy Mannfêste rol; 28 ôfl.
1998Dollar for the Deadkolonel Skinnertillefyzjefilm
2000Diagnosis: MurderBruce Locatelligastrol; ôfl. Murder by Remote
2000–2001The Trouble with Normaldokter Lowellgastrol; 2 ôfl.
2001The DistrictMonya Pastovgastrol; ôfl. Fools Russian: Part I
2003AliasFrederick Brandongastrol; 2 ôfl.
2003Strong MedicineFrank Hardwyckgastrol; ôfl. Skin
2004Joan of Arcadiasheriff Mike Rakowskigastrol; ôfl. Jump
2004–2006CSI: Crime Scene InvestigationBobby Jensenweromkearende rol; 2 ôfl.
2005E-Ringadmiraal Cooperweromkearende rol; 4 ôfl.
2006Ghost WhispererLyle Chasegastrol; ôfl. Friendly Neighborhood Ghost
2006Without a TraceSal Marcellogastrol; ôfl. Check Your Head
2006–2007Day BreakShadow Manweromkearende rol; 7 ôfl.
2007Dexteradjunkt-direkteur fan 'e FBI Max Adamsgastrol; 2 ôfl.
2008ERRobert Trumangastrol; ôfl. Atonement
2008SharkJason Normandygastrol; 2 ôfl.
2008LifeNathan Graygastrol; ôfl. Crushed
2008Eli Stonespesjaal agint Johnathan Mainegastrol; ôfl. Owner of a Lonely Heart
2009Lie to Meâld-FBI-agint Bitchergastrol; ôfl. Sacrifice
2009Cold CaseJohn Clarkgastrol; ôfl. Jackals
2009CastleBruce Kirbygastrol; ôfl. Hell Hath No Fury
2009–2012Breaking BadMike Ehrmantrautfêste rol; 25 ôfl.
Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2014)
nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (2013)
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2012, 2013)
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje (2013)
2011Modern FamilyDonnie Pritchettgastrol; ôfl. The Musical Man
2011Two and a Half Menpantsjesbaasgastrol; ôfl. A Fishbowl Full of Glass Eyes
2011CSI: MiamiOscar Duartegastrol; ôfl. Long Gone
2012RingerRemy Ostermangastrol; 2 ôfl.
2012Parks and RecreationSteve Wyattgastrol; ôfl. Ben's Parents
2012VegasAngelo LaFlattagastrol; 2 ôfl.
2013BloodlineLeo Killpriestpilotôflevering
2013Body of ProofGlenn Fitzgastrol; ôfl. Daddy Issue
2013–2015Axe Copferskaatas stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl.
2014CommunityBuzz Hickeyweromkearende rol; 11 ôfl.
2014Mike Tyson Mysteriesde Tsjoenderas stimakteur; gastrol; ôfl. Is Magic Real?
2015The Lizzie Borden Chroniclesdhr. Flowersweromkearende rol; 3 ôfl.
2015Major LazerDe Wetas stimakteur; gastrol; ôfl. Escape from Rave Island
2015Gravity FallsFilbrick Pinesas stimakteur; gastrol; ôfl. A Tale of Two Stans
2015Robot ChickenComposite Supermanas stimakteur; gastrol; ôfl. Magical Friendship
2015The Expanseearste ofsiergastrol; ôfl. Dulcinea
2015MythBustersMike Ehrmantrautgastrol; ôfl. Supernatural Shooters
2015–noBetter Call SaulMike Ehrmantrautfêste rol; 48 ôfl.
4 × nom. Emmy Award foar bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje (2015–2017, 2019)
2 × nom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in dramasearje (2019, 2021)
2 × nom. Satellite Award foar bêste byrol fan in akteur yn in tillefyzjesearje, minysearje of tillefyzjefilm (2016, 2017)
nom. Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur op 'e tillefyzje (2019)
2016–2018Skylanders AcademyEruptoras stimakteur; fêste rol; 38 ôfl.
2017Dr. Kendokter Erwingastrol; ôfl. Ken's Professor
2017–2020Tangled: The SeriesQuirinas stimakteur; weromkearende rol; 8 ôfl.
2020F Is for FamilyWilliam Murphyas stimakteur; weromkearende rol; 9 ôfl.
2020The CasagrandesCoach Crawfordas stimakteur; gastrol; ôfl. Team Effort
2020The Comey RuleJames Clappergastrol; 2 ôfl.
2021–noA Tale Dark & GrimmJohannesas stimakteur; weromkearende rol
films
1977The Night They Took Miss BeautifulBuck
1978Coming Homemarinier op feest
1978The Cheap Detectivetaksysjauffeur
1978Who'll Stop the Rainmarinier
1979The Rosetillefyzjeferslachjouwer
1980Airplane!Gunderson
1980Stir CrazyJack Graham
1981Gangster WarsDutch Schultz
1982Franceslifter
198248 Hrs.resjersjeur Algren
1984Gremlinshelpsheriff Brent
1984The Adventures of Buckaroo Banzai Across the 8th DimensionLizardo-sikehûswachter
1984Beverly Hills CopZack
1986Armed and DangerousClyde Klepper
1987Cold Steelde "Iceman"
1988PinPinas stimakteur
1990Honeymoon AcademyPitt
1992FreejackMichelette
1992There Goes the NeighborhoodHandsome Harry
1993Boiling PointMax Waxman
1995Under Siege 2: Dark TerritoryScotty
1996FlipperDirk Moran
1996Dark Breedkaptein-luitenant-op-see Joe Shay
1999Let the Devil Wear BlackSatch
1999FoolishNumbers
1999Trashrjochter Callum
2001Crocodile Dundee in Los AngelesMiloš Drubnik
2001ProximityPrice
2002Dark Blueûnderkommissaris Jimmy Barcomb
2002R.S.V.P.Walter Franklin
2006Puff, Puff, PassLance
2007Reign over MeStelter
2008Proud AmericanMoretti
2012Watercolor PostcardsLedball
2013Identity ThiefPaolo
2013RoarBernie Warrenkoarte film
2014BulletCarlito Kane
2014Authors AnonymousDavid Kelleher
2014Horrible Bosses 2resjersjeur Hatcher
2016Term LifeHarper
2016AlibiBillykoarte film
2017Mudbound"Pappy" McAllannom. Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in spylfilm
2018The CommuterWalt
2018Incredibles 2Rick Dickeras stimakteur
2018Redbadhofmeier Pepyn fan Herstal
2019El Camino: A Breaking Bad MovieMike Ehrmantraut
2022Catwoman: HuntedBlack Maskas stimakteur
fideospultsjes
2015Batman: Arkham KnightJames Gordonas stimakteur; te finen ûnder "Voiceover & Mocap Talent"
2018Lego: The IncrediblesRick Dickeras stimakteur; te finen ûnder "Featuring the Voice Talents of:"

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.