Jonathan Adams | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jonathan Adams | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 july 1967 | |
berteplak | Pittsburgh (Pennsylvania) | |
etnisiteit | Afro-Amerikaansk | |
jierren aktyf | 1990 – no | |
offisjele webside | ||
Jonathan Adams op Twitter |
Jonathan Adams (Pittsburgh, 16 july 1967) is in Amerikaansk akteur en stimakteur fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy hat benammen wurk dien foar de tillefyzje, en is it bekendst wurden mei syn weromkearende rol as buorman Chuck Larabee yn 'e populêre Amerikaanske komeedzjesearje Last Man Standing.
Libben en karriêre
Jonkheid en oplieding
Adams waard yn 1967 berne en is fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Hy is hikke en tein yn Pittsburgh, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania.
Aktearkarriêre
Adams sette yn 1990 útein mei in wurkpaad as akteur mei in gastrol yn 'e ôflevering Pilot fan 'e tillefyzjesearje Equal Justice. Op it wite doek wied er yn 1993 foar it earst te sjen, yn 'e film Heartstopper. Yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren spile Adams fjouwer jier toaniel op it Oregon Shakespeare Festival, dêr't er û.m. de rollen fertolke fan Petruchio yn De Fekke Nuet fan William Shakespeare, Buckingham yn De Trije Musketiers fan Alexandre Dumas en Guy Jacobs yn Blues for an Alabama Sky fan Pearl Cleage.
Op 'e tillefyzje hie Adams fierders gastrollen as bygelyks in brânwacht yn 'e komeedzjesearje Frasier (2001), in ferpleechkundige yn 'e dramasearje Felicity (2001), en in sjuerylid yn 'e searje Crossing Jordan (2004). Ek wied er yn gastrollen te sjen yn plysjesearjes as Walker, Texas Ranger (2001), 24 (2007 en 2009), NCIS (2007), NCIS: Los Angeles (2009) en Memphis Beat (2011), yn dramasearjes as Boston Legal (2008), Desperate Housewives (2010) en Dallas (2014), en yn komeedzjesearjes as No Ordinary Family (2010), Up All Night (2012) en Man with a Plan (2017).
Weromkearende rollen hie Adams as Q yn 'e searje The American Embassy (2002), as dr. Daniel Goodman (de baas fan Temperance Brennan) yn seizoen 1 fan 'e plysjesearje Bones (2005-2006), en as Ed Washburn yn Women's Murder Club (2007-2008). Fierders spile er Vulcan Simmons yn 3 seizoenen fan 'e plysjesearje Castle (2011-2014) en Matt Duncan yn rige Revenge (2012-2013). Yn 2012 fertolke Adams foar it earst de swarte buorman en âld-marinier Chuck Larabee yn 'e populêre komeedzjesearje Last Man Standing. Dat wie in gastrol dy't him neitiid troch de gemy tusken Adams en haadrolspiler Tim Allen ûntjoech ta in weromkearende rol yn in searje dy't rûn oant yn 2021.
Behalven mei live-actionwurk is Adams ek gâns aktyf as stimakteur, dêr't syn djippe basstim him tige foar lient. Op 'e tillefyzje hat er datoangeande benammen meiwurke oan tekenfilmsearjes fan it superheldesjenre, lykas Black Panther (2009), The Avengers: Earth's Mightiest Heroes (2010-2012), Green Lantern: The Animated Series (2011-2013), Hulk and the Agents of S.M.A.S.H. (2013-2014), Ultimate Spider-Man (2015), Guardians of the Galaxy (2015) en Justice League Action (2017). Fierders fersoarge Adams de stim fan 'e tsjoender Merlyn yn in ôflevering fan Once Upon a Time, en died er de voice-over foar de dokumintêres The Bomb (2015) en Bible Secrets Revealed (2013-2018).
Op it wite doek fersoarge Adams ek stimrollen, û.m. yn films as Osmosis Jones (2001), Superman/Batman: Public Enemies (2009) en Justice League: Crisis on Two Earths (2010). Yn 2010 wurke Adams as stimakteur foar it earst mei oan it meitsjen fan in kompjûterspultsje, troch Tyson Rios te spyljen yn Army of Two: The 40th Day. Oare fideospultsjes dêr't er neitiid oan meiwurke, binne bygelyks Marvel vs. Capcom 3: Fate of Two Worlds (2011), World of Warcraft: Mists of Pandaria (2012), League of Legends (2013), Heroes of the Storm (2015) en World of Warcraft: Legion (2016).
Filmografy
Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1990 | Equal Justice | Keane | gastrol; ôfl. Pilot |
2001 | Frasier | brânspuitman | gastrol; ôfl. The Show Must Go Off |
2001 | Walker, Texas Ranger | Lyle Nugent | gastrol; ôfl. Justice for All |
2001 | Felicity | ferpleechkundige | gastrol; ôfl. Girlfight |
2002 | The American Embassy | Elque "Q" Polk | weromkearende rol |
2002–2005 | American Dreams | Henry Walker | fêste rol |
2004 | Crossing Jordan | sjuerylid | gastrol; ôfl. Slam Dunk |
2005–2006 | Bones | dr. Daniel Goodman | fêste rol yn seizoen 1 |
2006 | The Unit | Buko | gastrol; ôfl. Old Home Week |
2007 | One Tree Hill | Chuck Taylor | gastrol; ôfl. The Birth of Death of the Day |
2007, 2009 | 24 | Peter Hock | weromkearende rol; 2 ôfl. |
2007 | The Closer | Randall Williams | gastrol; ôfl. Ruby |
2007 | NCIS | Thomas Zuri | gastrol; ôfl. Designated Target |
2007 | Cane | Fosko | gastrol; ôfl. The Exile |
2007–2008 | Women's Murder Club | Ed Washburn | weromkearende rol |
2008 | Medium | Curtis Lambert | gastrol; ôfl. Being Joey Carmichael |
2008 | Boston Legal | plysjeman Preston Holt | gastrol; ôfl. Kill, Baby, Kill! |
2009 | NCIS: Los Angeles | Peter Caldwell | gastrol; ôfl. Search and Destroy |
2009 | Numb3rs | Clifford Hansen | gastrol; ôfl. Greatest Hits |
2009 | Black Panther | T'Chaka | as stimakteur; gastrol; 2 ôfl. |
2010 | Desperate Housewives | Luke Rayfield | gastrol; ôfl. Chromolume No. 7 |
2010–2012 | The Avengers: Earth's Mightiest Heroes | Kang the Conqueror | as stimakteur; weromkearende rol |
2010 | No Ordinary Family | coach Baskin | gastrol; ôfl. No Ordinary Vigilante |
2011–2014 | Castle | Vulcan Simmons | weromkearende rol |
2011 | Memphis Beat | resjersjeur Moran | gastrol; ôfl. Troubled Water |
2011–2013 | Green Lantern: The Animated Series | Atrocitus | as stimakteur; weromkearende rol |
2011 | Burn Notice | Kamba | gastrol; ôfl. Necessary Evil |
2011 | Harry's Law | dokter | gastrol; ôfl. Head Games |
2012–2021 | Last Man Standing | Chuck Larabee | weromkearende rol; 109 ôfl. |
2012 | Up All Night | Ray | gastrol; ôfl. Couple Friends |
2012–2013 | Revenge | Matt Duncan | weromkearende rol |
2013 | Nikita | presidint fan Tsjaad | gastrol; ôfl. Inevitability |
2013 | The Legend of Korra | Vaatu | as stimakteur; weromkearende rol |
2013 | Uncle Grandpa | ferskaat | as stimakteur; ferskate ôfl. |
2013–2014 | Hulk and the Agents of S.M.A.S.H. | Absorbing Man Korg Thunderball (seiz. 2) Piledriver | as stimakteur; weromkearende rollen |
2013–2016 | Bible Secrets Revealed | ferteller | 6 ôfl. |
2014 | Once Upon a Time | Merlyn | as stimakteur; gastrol; ôfl. Lily |
2014 | Crisis | Clark Froy | gastrol; ôfl. What Was Done to You |
2014 | Dallas | Calvin Hannah | gastrol; 2 ôfl. |
2014 | Pair of Kings | dhr. Dawson / Paka Tui | gastrol; ôfl. Meet the Parent |
2015 | The Bomb | ferteller | dokumintêre |
2015 | Avengers Assemble | Absorbing Man | as stimakteur; gastrol; ôfl. Small-Time Heroes |
2015 | Ultimate Spider-Man | Absorbing Man | as stimakteur; gastrol; 2 ôfl. |
2015 | Sofia the First | Mantacorn | as stimakteur; gastrol; 1 ôfl. |
2015 | Guardians of the Galaxy | Ronan the Accuser | as stimakteur; weromkearende rol |
2017 | Justice League Action | Darkseid | as stimakteur; weromkearende rol |
2017 | Man with a Plan | dûmny Carl | gastrol; ôfl. Andi's Boyfriend |
2018 | Designated Survivor | gûverneur | gastrol; ôfl. Run |
2020 | Teen Titans Go | Ultralak | as stimakteur; weromkearende rol; 3 ôfl. |
films | |||
1993 | Heartstopper | Jorell | direkt-op-fideo útbrocht |
1998 | Air Bud: Golden Receiver | Amerikaansk fuotbalspiler foar de Giants | |
2001 | Osmosis Jones | plysje Tom | as stimakteur |
2005 | Planetfall | Zitan Backgrounder | |
2007 | Doctor Strange: The Sorcerer Supreme | Dormammu | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2009 | Superman/Batman: Public Enemies | generaal | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2010 | Justice League: Crisis on Two Earths | Martian Manhunter | as stimakteur; direkt-op-fideo útbrocht |
2012 | The Polar Bears | Kaskae | as stimakteur; koarte film |
fideospultsjes | |||
2010 | Army of Two: The 40th Day | Tyson Rios | as stimakteur |
2011 | Marvel vs. Capcom 3: Fate of Two Worlds | Galactus | as stimakteur |
2011 | Ultimate Marvel vs. Capcom 3 | Galactus | as stimakteur |
2012 | Diablo III | Tyrael | as stimakteur |
2012 | World of Warcraft: Mists of Pandaria | Xuen the White Tiger Tsulong | as stimakteur |
2012 | Hitman: Absolution | Cosmo Faulkner | as stimakteur |
2014 | Diablo III: Reaper of Souls | Tyrael | as stimakteur |
2014 | Skylanders: Trap Team | ferskaat | as stimakteur |
2015 | Heroes of the Storm | Tyrael / Blaze | as stimakteur |
2015 | Skylanders: SuperChargers | ferskaat | as stimakteur |
2016 | World of Warcraft: Legion | Lothrius Mooncaller | as stimakteur |
2017 | For Honor | Shugoki Okuma | as stimakteur |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |