Jolene Blalock
akteur
Jolene Blalock yn 2006.
Jolene Blalock yn 2006.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJolene Blalock
nasjonaliteit Amerikaansk
berne5 maart 1975
berteplakSan Diego (Kalifornje)
etnisiteit Skotsk
jierren aktyf1998 – no
offisjele webside
mrsrapino.com

Jolene Blalock (San Diego, 5 maart 1975), is in Amerikaansk aktrise en model. Se is ferneamd wurden mei har rol as de bûtenierdske astronaute T'Pol yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Star Trek: Enterprise.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Blalock, dy't fan Skotsk komôf is, waard yn 1975 berne yn San Diego, yn it uterste suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja waard grutbrocht yn in húshâlding mei trije oare bern en wie yn har jonkheid gauris dwaande troch mei surfen en keunstsinnige leafhawwerijen. Yn in fraachpetear sei se dat de status fan sekssymboal, dy't se krige troch har rol yn Star Trek: Enterprise har wakker oer it mad kaam, mei't se as bern in ûnoannimlik foarkommen hie en de jonges beslist net fan har ôf hoegde te slaan. Mei famkes koe se likemin goed oer de wei, dat hja hie in iensume bernetiid, sûnder echte freonen.

Aktearkarriêre

Geandewei de puberteit ûntjoech it ûnsjogge einepykje har lykwols ta in swan, en op har santjinde gie Blalock út 'e hûs om yn Jeropa en Aazje as model te wurkjen. Yn 1998 makke se har debút as aktrise op 'e tillefyzje, yn in ôflevering fan 'e komeedzjesearje Veronica's Closet. Se hie roltsjes yn ferskate oare tillefyzjesearjes, lykas Love Boat: The Next Wave, CSI: Crime Scene Investigation en JAG, en spile ek yn 'e tillefyzjefilm Jason and the Argonauts, út 2000.

Yn 2001 krige Blalock ien fan 'e haadrollen taparte yn in nije tillefyzjesearje fan 'e ferneamde science fiction-franchise Star Trek, te witten: Star Trek: Enterprise. Dêryn spile se fiif seizoenen en yn totaal 98 ôfleverings lang ûnder-oerste T'Pol, in Vulcaanse dy't tsjinst nimt op in Ierdsk romteskip. Dy rol foarme foar Blalock har grutte trochbraak; se waard der tige populêr mei en wûn yn 2001 de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje. Neffens de Amerikaanske edysje fan it manljusblêd FHM wie se yn 2005 de op njoggen nei meast seksy frou op 'e wrâld. Se stie twaris mei in glamourfotoreportaazje yn it manljusblêd Maxim, en yn april 2002 posearre se, mei de klean oan, ek foar it neakenblêd Playboy.

Sûnt Star Trek: Enterprise yn 2005 stopset waard, is it mei Blalock har karriêre wat yn it neigean rekke. Se hie rollen yn B-films as Starship Troopers 3: Marauder (2008) Sinners and Saints (2010) en Sex Tape (2014), wylst se ek gastrollen fertolke yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes as Stargate SG-1, CSI: Miami en House. Echte grutte rollen giene lykwols oan har foarby.

Priveelibben

Jolene Blalock stiet derom bekend dat se net in protte ynterviews jout en frijwol nea Star Trek-konvinsjes besiket. Se wennet yn Los Angeles en is troud mei sakeman Michael Rapino, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't syn bedriuw, Live Nation, har frege foar in reklamekampanje foar bier. It oansyk kaam fan har kant, en it pear troude op 22 april 2003 yn Negril, op Jamaika. Hja hawwe trije bern. Mei har man is Blalock de oprjochter fan 'e Rapino Foundation, dy't him taleit op ûntwikkelingswurk yn 'e Trêde Wrâld. Fan Blalock is fierders bekend dat se in grut hûneleafhawster is.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1998Veronica's Closetfrou #3gastrol; ôfl. Veronica's Breast Efforts
1999Love Boat: The Next Wavefrougastrol; ôfl. Prom Queen
2000G vs ELibbygastrol; ôfl. Cougar Pines
2000D.C.Kristiweromkearende rol; ôfl. Truth en Justice
2000Jason and the ArgonautsMedéaminysearje
2000CSI: Crime Scene Investigation   Laura Garrisgastrol; ôfl. Crate 'n' Burial
2001JAGkorporaal Lisa Antoon   gastrol; ôfl. Touch and Go
2001On the EdgeCharlie syn froutillefyzjefilm
2001The Diamond HuntersRuby Grangeminysearje
2001–2005Star Trek: EnterpriseT'Polfêste rol; 98 ôfl.
Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje (2001)
2003–2004Stargate SG-1Ishtaweromkearende rol; ôfl. Birthright en Sacrifices
2006I Dream of MurderJoannatillefyzjefilm
2008CSI: MiamiFeratelli Portergastrol; ôfl. Bombshell
2009HouseLexagastrol; ôfl. Teamwork
200910 Items or Lessharselsgastrol; ôfl. Star Trok
2010Legend of the Seekersuster Nicciweromkearende rol; ôfl. Dark en Perdition
2017My Favorite BachelorBrendatillefyzjefilm
films
2000Queen for a Dayfrou yn it gielkoarte film
2005Slow BurnNora Timmer
2007Shadow PuppetsKate Adams
2008Starship Troopers 3: Marauderkaptein Lola Beckdirekt-op-fideo útbrocht
2010Sinners and SaintsStacy
2011One Kine DayC.C.
2012Troubled Teenmemkoarte film
2014Sex TapeCatalina
2014Killing FriscoJolene

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.