Joke Tjalsma | ||
akteur | ||
Joke Tjalsma (2018) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 juny 1957 | |
berteplak | Nijlân | |
reg. identiteit | Frysk | |
jierren aktyf | 1984-no |
Joke Tjalsma (Nijlân, 1 juny 1957) is in Nederlânsk aktrise fan Frysk komôf út Amsterdam dy't op toaniel en telefyzje te sjen is. Groeide op oan de Willem Loadewykstrjitte yn Snits en folge nei de detailhannelskoalle yn Snits de Hafû. Sy studearre ôf yn 1983 oan de Toanielskoalle Maastricht.
Spile rollen by ferskate teaterselskippen en hat sy ek eigen teaterfoarstellings makke. Dit die sy yn 'e mande mei Tom de Ket en Dirk Groenveld ûnder de namme 'Balieproduksjes'. Wurke fierders by selskippen as Carver, it Zuidelijk Toneel, Hollandia, Oostpool, it Onafhankelijk Toneel en it Noard Nederlânsk Toaniel. Ek wiene der gearwurking mei ûnder oare Suver Nuver, Alex d'Electric en mei Freek de Jonge yn 'Kerst van een Clown'en 'Kortgehouden'.
Sy wie ek te sjen yn films sa as De Dream en Nynke en hja hie rollen yn telefyzjesearjes, û.o. Hertenkamp, De Daltons en it mei in Nipkow-skiif bekroande '30 minuten'. Ein 2006 is hja fannijs te sjen yn in film: Wild Romance, oer it libben fan Herman Brood. Hja spilet de rol fan Herman syn mem. De film komt nei't ferwachte wurdt op 5 novimber 2009 út.
Yn 2008 siet Joke Tjalsma as Joke yn de dramasearje Gooische Vrouwen (fjirde seizoen).
Filmografy
- 1985 - De Dream - Ymkje Jansma
- 1987 - Donna Donna - Coby Gompelman
- De Vuurtoren
- 1995 - 30 minuten
- 1998 - Hertenkamp (telefyzje) - Wies
- 1999 - De Daltons (telefyzje) - Mem fan Gijs-Jan
- 2001 - Nynke - Nelly van Kol
- 2006 - Wild Romance (film) - Herman Brood's Mem
- 2007 - De Daltons, de jongensjierren - Mem fan Gijs-Jan
- 2008 - Gooische Vrouwen - Joke
- 2006 - Sportman van de Eeuw
- 2010 - Iep!' - Tine
- 2010 - De gelukkige huisvrouw - Henriette, mem fan Lea
- 2012 - Golden Girls - Buorfrou Gerda Fransen
- 2013 - 't Schaep in Mokum - Jannie Balk
- 2013 - Bobby en de geestenjagers - Dorothea
- 2014 - Bak - Wethâlder Geke Jensma
- 2014 - Aanmodderfakker - Leonie, mem fan Thijs
- 2015 - Jack bestelt een broertje - Jans
- 2016 - De Ludwigs - Muoike Hedwig
- 2016 - De mannen van dokter Anne - Helen Hazenberg
- 2017 - B.A.B.S. - Marian Nieuwenhaag
- 2018 - Exportbaby- Ria
- 2018 - Masterclass - Hinke
- 2022 - De regels van Floor - Tina
Telefyzje
- Pleidooi
- 30 Minuten
- Hertenkamp
- De Daltons en De Daltons
- De Jongensjaren
- Gooische Vrouwen
- Verborgen Gebreken
- Sinterklaasjournaal - Lotje Koekkoek (2018)
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|