John Shepherd-Barron
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohn Adrian Shepperd-Barron
nasjonaliteit Britsk
berne23 juny 1925
berteplakShillong flagge fan Yndia
stoarn15 maaie 2010
stjerplakInverness
etnisiteit Skotsk
wurkpaad
berop/amtútfiner
reden
  bekendheid
útfiner fan de pinautomaat

John Adrian Shepperd-Barron (Shillong (Yndia), 23 juny 1925 – Inverness (Skotlân), 15 maaie 2010) wie in Skotsk útfiner fan ûnder mear de pinautomaat. Yn 2005 krige hy de Oarder fan it Britske Ryk.

Hy studearre oan de Universiteit fan Edinburgh en de Universiteit fan Cambridge. Yn de jierren sechtich gie er oan it wurk foar De La Rue Instruments. Doe't Shepherd-Barron yn de jierren 60 in sûkelarjeautomaat foarby rûn, frege hy him ôf wêrom't der net soksoarte apparaat bestie om jild út te heljen nei kantoaroeren.
Yn 1967 ynstallearre de bank Barclays yn Londen de earste 'Automated Teller Machine'. Dêr koe de kears maksimaal 10 pûn ôfhelle wurde. Omdat der destiids noch gjin sprake wie fan bankkaarten, waard der wurke mei spesjale cheques. Dy wiene gemysk bewurke en hienen in geheime koade. Dy masine waard yn Ingelsktalige lannen bekend as de ATM (Automated Teller Machine) en yn Nederlânskstalige lannen as pinautomaat of flappetap (bargoens). Barron hie in pinkoade fan seis sifers útsteld, mar omdat syn frou dy net ûnthâlde koe, waarden it úteinlik fjouwer sifers. Tsjintwurdich binne der wrâldwiid mear as 1,7 miljoen pinautomaten beskikber.

Neist de pinautomaat hat hy ek tal fan oare minder súksesfolle saken útfûn, lykas in apparaat dat lûden fan orka's ôfspilet om sa seehûnen te ferjeien fan salmkwekerijen.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.