John Morgan (Pentonville, yn it noarden fan Londen 1822 - Hastings, 1885) wie in Ingelske suksesfolle sjenreskilder.
Wurkpaad
Morgan studearre oan de School of Design yn Londen en ek yn Parys by Thomas Couture (1815–1879). Doe't er yn 1861 yn Aylesbury wenne, waard er bekend mei syn skilderijen The Jury en The Country Auction.
Hy wie lid fan de Society of British Artists (SBA). Syn wurk waard beynfloede troch de skilders Thomas Webster en William Powell Frith. Syn soan Frederick Morgan wie ek in populêre skilder dy't foaral bekend waard mei syn skilderij His Turn Next, dat ferneamd waard troch de reklamekampanje foar Pears Soap.
Hy stoar yn Hastings, East Sussex.
Galery
- The Jury ('De sjuery', 1861)
- Snowballing ('Sniebalje')
- The Schoolmistress's Birthday ('De jierdei fan de skoaljuffer')
Keppelings om utens
- Wurk fan Morgan op artnet
- Which hand has it? (skilderij, 1865)
- The Lion and the Lamb (skilderij, 1861)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.