John Miles (muzikant)
sjonger en/of muzikant
John Miles (2016)
John Miles (2016)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohn Errington
nasjonaliteit Britsk
berne23 april 1949
berteplakJarrow
stoarn5 desimber 2021
stjerplakNewcastle upon Tyne
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenreRock
sjongtaalIngelsk
ynstrumintToetsen &
Gitaar
jierren aktyf1970-2021

John Miles berne as John Errington (Jarrow, 23 april 1949 - Newcastle upon Tyne, 5 desimber 2021) wie in Ingelsk muzikant. Hy waard yn 1976 wrâldferneamd mei it nûmer Music (was my first love).

Karriêre

Op jonge jierren learde John piano en gitaar spyljen. Op syn achttjinde spile er by de band The Influence, o.a met drummer Paul Thompson dy 't letter drummer by Roxy Music waard. Nei it útinoar fallen fan dizze band rjochte John ûnder syn eigen namme in bân op dy't benammen soulcovers brocht. Mar dat waard gjin sukses, en John begûn eigen nûmers te skriuwen. John Miles brocht yn 1976 syn debútalbum Rebel út mei der op de iennichste nûmer 1 hit fan Miles yn Nederlân Music (was my first love). John Miles hat njoggen studio-albums en ien live-album útbrocht.

Om't syn karriêre nei de hit Music stroef ferrûn, wurke John Miles dêrnei as sesjemuzikant foar oare artysten. Sa wie er lange tiid fêste gitarist fan Tina Turner, mar gie ek mei op toernee mei de The Alan Parsons Project, Joe Cocker, Jethro Tull, Fleetwood Mac, Tom Petty, Stevie Wonder en Jimmy Page.

John Miles ferstoar op 5 desimber 2021 yn 'e âldens fan 72 jier oan de gefolgen fan kanker.

Diskografy

Studio-albums

AlbumUtbrocht ynLabelSingles
Rebel maart 1976 Decca Highfly,
Music (was my first love)
Stranger in the City febrewaris 1977 London Slow Down,
Remember Yesterday,
Manhattan Skyline
Zaragon maart 1978 Decca No Hard Feelings
More Miles Per Hour
Sympathy (1980 Amerikaanske ferzje)
april 1979 Can't Keep a Good Man Down,
Oh Dear,
(Don't Give me Your) Sympathy
Miles High 1981 EMI Turn Yourself Loose,
Reggae Man
Play On 1983 The Right to Sing,
Song for You
Transition novimber 1985 Valentino Blinded,
I Need Your Love,
Upfront 1993 EMI One More Day Without Love,
What Goes Around,
Oh How the Years Go By
Tom and Catherine 1999 Orange

Live-albums

AlbumUtbrocht ynLabel
John Miles BBC Radio 1 in Concert 1992 BBC

Kompilaasje-albums

AlbumUtbrocht yn
John Miles' Music 1982
Anthology 1993
Millennium Edition 1999
John Miles His Very Best 2000
The Best of John Miles at the Night of the Proms 2009
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.