John Lennon | ||
sjonger en/of muzikant | ||
John Lennon oefenet Give Peace A Chance | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | John Winston Lennon | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 9 oktober 1940 | |
berteplak | Liverpool | |
stoarn | 8 desimber 1980 (40 jier) | |
stjerplak | New York City | |
etnisiteit | Iersk-Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, pop, eksperimintele muzyk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar, piano | |
jierren aktyf | 1957-1975, 1980 | |
offisjele webside | ||
http://www.johnlennon.com/ |
John Winston Lennon MBE (Liverpool, 9 oktober 1940 – New York City, 8 desimber 1980) wie in popmuzikant dy't bekend waard as oprjochter fan de Liverpoolske groep The Quarrymen, dy't letter bekend waard as The Beatles. Mei Paul McCartney, George Harrison en Ringo Starr hie Lennon mei de groep in wichtige rol yn de popmuzyk.
Biografy
Jonkheid
De famyljenamme fan Lennon komt fan O'Leannain of O'Lionnain, in namme dy't in protte foarkomt yn de Ierske greefskippen Fermanagh en Galway. Pake Jack Lennon wie yn 1858 nei Liverpool ferfearn. John syn heit Alfred hie in goede stim en song om jild by te fertsjinjen.
John Lennon waard berne yn Liverpool (yn tsjinstelling ta wat dêroer beweard wurdt barde dat net tidens in Dútske loftoanfal), as soan fan de steward Alfred Lennon en Julia Stanley, neffens eigen sizzen in ouvreuse. Syn heit wie faak moannen op see en sette him yn Nij-Seelân nei wenjen doe't John fiif jier wie, earst yn 1964 soenen sy elkoar weromsjen.
Lennon wenne sûnt syn fjirde jier by de suster fan syn mem, Mimi. Neffens syn beppe soe Mimi in bettere âlder foar him wêze as Julia. Mimi wie in goed minske, mar John sei fan har dat sy tige strang wie en him net folle leafde joech. Op 15 july 1958 waard syn mem deariden troch in dronken plysjeman.
Julian en Sean Lennon, de soannen fan John hawwe mei wikseljend sukses in muzikale karriêre dy't folslein oerskade wurden is troch de artistike erfenis fan harren heit. Beide krige lykwols net folle fysike stipe fan him: doe't Julian noch in lytse jonge wie ferliet John syn mem Cynthia Powell om nea mear werom te kearen en Sean wie fiif doe't John fermoarde waard.
The Beatles
Lennon die bliken in markant figuer yn de popmuzyk te wêzen. Doe't de Beatles healwei de sechstiger jierren besleaten har út te sprekken oer maatskiplike fraachstikken en foarfallen yn de wrâld (bygelyks Fietnam), tsjin de sin fan manager Brian Epstein yn, ûntjoech Lennon him ta sprekbuis fan in generaasje.
John Lennon feroarsake in ynternasjonale rel en in boykot fan de Beatles troch in ynterview mei de Evening Standard. 'The Beatles binne populêrder as Jezus Kristus', bewearde er, wat him net allinnich op in plateboykot yn de FSA kaam te stean, mar ek op in eterboykot yn Nederlân troch de NCRV.
Lennon kaam hieltyd mear ûnder ynfloed fan de avant-garde-keunstneres Yoko Ono. Hy ferliet syn doetiidske frou Cynthia Powell en troude yn maart 1969 mei Yoko Ono. Syn eardere houlik mei Cynthia datearre fan 23 augustus 1962. Sy hienen ien soan, Julian dy't ek sjonger wurde soe.
Under ynfloed fan Ono waard Lennon radikaler yn dwaan en litten, en makke stadichoan in beweging nei links. Yn 1968 naam er bygelyks it nûmer Revolúsje op mei de Beatles. De rûge singleferzje (de B-kant fan Hey Jude) wie al útsprutsen dúdlik, mar yn de sêftere elpeeferzje op The White Album (dy't earder opnommen wie) joech er sûnder twifel de rjochting oan dêr't er hinne gie. "We all want to change the world/but when you talk about destruction/don't you know that you can count me out" wêrby't yn it nûmer it lêste wurd feroare yn yn. In novimber fan dat jier joegen Johnandyoko (sy seagen inoar as in ienheid) de elpee Two Virgins út mei in bleatfoto as hoes. De muzyk, as dêr noch sprake fan wie, waard hieltyd obskuerder. The White Album befette al in net tagonklike lûdskollaazje fan Lennon syn hân yn (Revolution 9); The Wedding Album (1969) befette opnames fan harren hertslaggen mei om en om harren foarnammen raast. Live with the Lions (1969) befette opnames fan allinnich mar stilte.
Doe't de Beatles stadichoan opholden te bestean, gong Lennon solo en spruts him noch mear út. Yn maart 1969 bleaunen John en Yoko by wize fan houliksreis in wike lang (fan 25 maart oant en mei 31 maart) op bed yn keamer 902 yn it Amsterdamske Hilton Hotel (de "Bed-In"), sy woenen dêrmei de wrâldfrede promoatsje en protestearren tsjin de oarloch yn Fietnam. De bylden hellen de foarsiden fan de kranten oer de hiele wrâld.
Yn july 1969 waard de anty-oarlochsmantra Give peace a chance útbrocht dy't opnommen is tidens harren twadde Bed-In (neffens guon harren tredde, nei in misleare Bed-In op de Bahama's) yn it Queen Elizabeth Hotel yn Montréal (Kanada). Yn oktober brocht John mei de Plastic Ono Band de klassiker Cold Turkey út, en yn novimber stjoerde er syn medalje (Member of the Order of the British Empire) werom as protest tsjin de kriich yn Biafra. Yn febrewaris 1970 skearde Lennon syn burd en knipte syn lange hier ôf en brocht Instant Karma!út.
Solo
Neidat de Beatles yn april 1970 foarfêst út elkoar giene, gong Lennon fierder op it paad dat troch de Beatles ynslein wie. Yn it klassike album John Lennon/Album Plastic Ono Band, socht Lennon nei himsels yn stee fan 'John de Beatle'. Yn dy tiid wie hy dêrfoar yn terapy by de Amerikaanske psygolooch Arthur Janov, dy't fan betinken wie dat opboude frustraasjes befrijd wurde koene troch skreauwen: de 'oerskreau'. Yn Mother skreaut Lennon dan ek om it ferlies fan syn mem. Yn God ferklearret er úteinlik 'I don't believe in Beatles/I just believe in me/ Yoko and me/And that's reality/The dream is over.' Letter, yn 1971, brocht Lennon Imagine út.
De folgjende elpees gienen neffens in protte kritisy yn nivo wat tebek. Yn 1975 brocht Lennon noch Rock and Roll út, in samling rock 'n roll-nûmers, as foldwaning oan Chuck Berry dy't mei sukses kleemde dat Come Together út 1969 wol hiel bot like op syn eigen nûmer You Can't Catch me.
Yn it begjin fan de santiger jierren besleaten John en Yoko harren yn New York te fêstigjen en fregen om in ferbliuwsfergunning. Sy kamen yn oanfarring mei de regearing-Nixon dy't Lennon as in polityk gefaar beskôge en him ek folgje liet troch de geheime tsjinst. In jierrenlange juridyske striid wie it gefolch. Neidat Nixon yn 1974 troch it Watergateskandaal it fjild romje moast, krige Lennon yn 1976 einlings syn Green Card.
Yn 1975 skreau Lennon noch tegearre mei David Bowie Fame, en luts him doe werom om him te rjochtsjen op it grutbringen fan syn soan Sean. Hy skreau noch wol wat songs en makke in stikmannich demo's, mar wie net bot aktyf mear mei opnames.
Yn 1979 kundige Lennon oan wer in nije plaat meitsje te wollen. Dy plaat ferskynde yn de hjerst fan 1980. It album, Double Fantasy, die ynearsten net folle. Kritisy sieten te wachtsjen op in Lennon dy't sy koenen mar dy hearden se net, ek al omdat Lennon oankundige hie dat er wer de strjitte op gean woe om te demonstrearjen. De plaat toant lykwols in Lennon dy't syn wylde hier kwyt rekke is, dy't lietsjes sjongt oer syn leafde foar Yoko Ono (Dear Yoko, en Woman) en syn soantsje Sean (Beautiful Boy (Darling Boy)). Hy sjongt oer it wêrom't er út de muzykwrâld stapt wie (Watching the Wheels).
Lennon syn dea
Lennon syn comeback duorre mar koart: op 8 desimber 1980, om tsien minuten foar alven jûns waard Lennon foar syn hús yn it Dakota gebou oan 72nd Street fermoarde troch Mark David Chapman mei in .38 Charter Arms-revolver. Lennon waard noch yn in plysje-auto nei it sikehûs brocht, mar hie al safolle bloed ferlern dat er koart dêrnei ferstoar. Lennon waard op 10 desimber kremearre yn Ferncliff Crematory yn Ardsley, New York.
Nei de dea op Lennon stiichde Double Fantasy oer de hiele wrâld nei de top fan de ferkeaplisten. Twa singels fan it album, (Just Like) Starting Over en Woman, waarden grutte hits, lykas it âldere Imagine. De moard op Lennon brochten lykwols geroften op gong dat de dea fan Lennon it wurk west hie fan de Amerikaanske oerheid dy't beduchte wêze soe foar de ynfloed dy't Lennon noch hawwe soe op it publyk.
Nei de moard ferskine fan Lennon sa no en dan op de hitparade âlde opnamen dy't útbrocht waarden. Yn 1984 ûnder mear Nobody told me fan it album Milk and Honey en yn 1992 Instant Karma! by gelegenheid fan in reklame kommersjal foar Nike-sportskuon.
Yn 2007 waard de film Chapter 27, oer de moard op Lennon útbrocht, út it eachpunt fan de moardner wei. Lennon-fans hawwe tsjin dizze film protestearre, omdat se bang wienen dat Chapman de wrâld yn gean soe as in held. De film hie gjin sukses.
Earbetoan
Yn it Central Park, New York, tsjinoer it appartemint fan Lennon en Yoko Ono waard letter in betinkingsmonumint oprjochte: Strawberry Fields.
Yn Havana, Kuba, stiet in stânbyld fan Lennon.
Yn 2001 waard it fleanfjild fan Liverpool werneamd ta Liverpool John Lennon Airport.
Diskografy
Solo-albums
- Unfinished Music No. 1 - Two Virgins (1968)
- Unfinished Music No. 2 - Life with the Lions (1969)
- Wedding Album (1969)
- Live Peace in Toronto (1969)
- John Lennon/Plastic Ono Band (1970),
- Imagine (1971)
- Some Time in New York City (1972)
- Mind Games (1973)
- Walls and Bridges (1974)
- Rock 'n' Roll (1975)
- Shaved Fish (1976)
- Double Fantasy (1980)
- The John Lennon Collection (1982)
- Milk and Honey (1984)
- Live in New York City (1986)
- Menlove Avenue (1986)
- Imagine John Lennon (Soundtrack) (1988)
- Lennon Legend (1998)
- John Lennon Anthology (1998)
- Wonsaponatime (1998)
- Acoustic (2004)
- The Definitive Lennon; Working Class Hero (2005)
- Lennon Legend (Limited Edition) (2007)
Hitsingles
- Instant karma (1970) mei Plastic Ono Band
- Mother (1971) mei Plastic Ono Band
- Power to people (1971)
- Imagine (1971)
- Woman is the nigger of the world (1972) mei Plastic Ono Band
- Mind games (1973)
- Whatever gets you thru the night (1974)
- Nr. 9 dream (1975)
- Starting over (1980)
- Woman (1981)
- Nobody told me (1984)
Fideo/dvd
- Imagine (1988)
- Lennon Legend (1997)
- Gimme Some Truth (2000)
- The Mike Douglas Show with John Lennon & Yoko Ono (2002)
- Give Peace a Chance (2002)
- The Messenger (2002)
- Sweet Toronto (2002)
- Year of Peace (2003)
- LENNON LEGEND the very best of john lennon (2003)
- The Dick Cavett Show:John & Yoko Collection (2005)
- Remembering John&Yoko (2005)
- Killing a Beatle (2005)
- The U.S. vs. John Lennon (2006)
- Chapter 27 (2007)
- Lennon Legend (Limited Edition) (2007)
Literatuer
- Albert Goldman: The lives of John Lennon, 1988.
- Jann Wenner: "Lennon Remembers"
- Robert van Yper: "Lennon", 2005 – yllustrearre mei swart-wyt foto’s - (tegearre mei de kd "Imagine No John Lennon – A Tribute", dêr't yn totaal 22 troch ferskate artysten opnommen Lennonsongs op steane).
- Larry Kane: "John Lennon. De man, de mythe en de waarheid", 2005.
- Cynthia Lennon: "John", 2005.
- Philip Norman: "John Lennon, De definitieve biografie", 2008