John Gibbon
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folútJohn Gibbon
nasjonaliteit Amerikaansk
berne20 april 1827
berteplakPhiladelphia (Pennsylvania)
stoarn6 febrewaris 1896
stjerplakBaltimore (Marylân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
tsjinsttiid18471891
yn tsjinst fan Feriene Steaten
legerûnderdiellânmacht
Amerikaanske Leger
heechste ranggeneraal-majoar
befelIzerne Brigade
2e Dif., Am. Ie Korps
2e Dif., Am. IIe Korps
Am. XVIIIe Korps
Am. XXIVe Korps
Am. 7e Ynfanteryrezjimint
Dep. f.d. Platte
Dep. fan de Kolumbia
Mil. Dif. f.d. Atlantyske Oseaan
konflikt(en)Meksikaansk-Amer. Oarloch
Seminoalske Oarloggen
Amerikaanske Boargeroarloch
Grutte Sû-Oarloch fan 1876
Nez Persé-Oarloch
treffen(s)2e Slach by Bull Run
Slach by South Mountain
Slach by Antietam
Slach by Fredericksburg
Slach by Chancellorsville
2e Slach by Fredericksburg
Slach by Gettysburg
Slach yn de Wyldernis
Belis fan Petersburg
Slach by Appotmattox
Slach oan de Big Hole
Dizze side giet oer de Amerikaanske generaal John Gibbon. Foar oare betsjuttings, sjoch: John Gibbon (betsjuttingsside).

John Gibbon (Philadelphia (Pennsylvania), 20 april 1827Baltimore (Marylân), 6 febrewaris 1896) wie in Amerikaansk militêr, dy't dielnaam oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, de Tredde Seminoalske Oarloch, de Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Nez Persé-Oarloch. Hy krige benammen bekendheid troch syn dieden yn 'e bekende Slach by Gettysburg, dy't in kearpunt foarme yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, en troch syn rol yn 'e simmerkampanje fan 1876 tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, wêrby't er te let kaam om it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint te rêden fan 'e ûndergong yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Gibbon waard yn 1827 berne yn Holmesburg, in wyk fan 'e stêd Philadelphia, yn 'e Amerikaanske steat Pennsylvania. Hy wie de fjirde fan tsien bern yn it gesin fan John Heysham Gibbon en dy syn frou Catharine Lardner. Gibbon wie de broer fan 'e ûntdekkingsreizger Lardner Gibbon. Doe't er alve jier wie, ferfear it gesin nei in útbuorren op it plattelân yn 'e neite fan Charlotte, yn Noard-Karolina, dêr't syn heit in baan krije koe as metallurch by de Amerikaanske Munt. Gibbon sette yn 1839 útein mei in ofsiersoplieding oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er yn 1847 ôfstudearre.

Iere tsjinstjierren en priveelibben

Gibbon waard mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 3e Artilleryrezjimint. Hy tsjinne yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) sûnder dat er gefjochtsaksje meimakke. Neitiid waard er yn Floarida legere, dêr't er dielnaam oan 'e Tredde Seminoalske Oarloch (1855-1858). Letter wied er dosint oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy, dêr't er yn 1859 The Artillerist's Manual skreau, in wittenskiplike en tige djipdollende hânlieding foar kanonniers dy't ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch troch beide siden brûkt waard. Yn 1855 troude Gibbon mei Francis 'Fannie' North Moale, mei wa't er fjouwer bern krige: Frances Moale Gibbon, Catharine 'Katy' Lardner Gibbon, John Gibbon jr. (dy't as pjut kaam te ferstjerren) en John S. Gibbon.

Boargeroarloch

Doe't yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, tsjinne Gibbon as kaptein en kommandant fan Batterij B fan it Amerikaanske 4e Artilleryrezjimint yn Camp Floyd, yn Utah. Nettsjinsteande it feit dat syn heit slaven yn besit hie, en dat trije fan syn bruorren, twa fan syn sweagers en syn neef J. Johnston Pettigrew allegearre yn it leger fan 'e súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika tsjinnen, naam Gibbon sels tsjinst yn it Noardlike Leger. Nei't er him dêrfoar nei Washington, D.C. bejûn hie, waard er oansteld as kommandant fan 'e artillery foar generaal-majoar Irvin McDowell.

Tsjin 1862 wie Gibbon al opklommen ta brigadegeneraal en fierde er it befel oer in brigade westerlingen dy't bekend stie as Kings Wiskonsinbrigade. Gibbon begûn dy ûngeregelde troepen daliks better te trenen en te unifoarmearjen, en liet harren wite broeken en opfallende swarte hardeehuodden drage, mei as gefolch dat de ienheid neitiid de bynamme fan 'e Black Hat Brigade ("Swarte-Huoddebrigade") krige. Gibbon naam it mei dizze troepen by Brawner's Farm op tsjin 'e Súdlike generaal Stonewall Jackson yn it foarspul fan wat de Twadde Slach by Bull Run wurde soe. Neitiid late er syn brigade yn 'e bestoarming by de heuvel op yn 'e Slach by South Mountain, dy't oan generaal-majoar Joseph Hooker in útrop ûntlokke dat de mannen "fochten as wiene se fan izer." Fan dy tiid ôf stie Gibbon syn ienheid bekend as de Izerne Brigade. Gibbon en syn mannen fochten ek yn 'e Slach by Antietam, dêr't er persoanlik in kanon bemanne by it bloedige gefjocht yn it maïsfjild.

Neitiid krige Gibbon it befel taparte oer de 2e Difyzje fan it Amerikaanske Ie Korps. Yn dy hoedanichheid naam er diel oan 'e Slach by Fredericksburg, dêr't er ferwûne rekke. Hoewol't syn wûne eins neat foarstelde, rekke er ûntstutsen, mei as gefolch dat Gibbon ferskate moannen útskeakele wie. Koart nei't er yn aktive tsjinst weromkeard wie, fûn de Slach by Chancellorsville plak, dêr't Gibbon syn difyzje yn reserve holden waard en net folle gefjochtsaksje meimakke. Under de Slach by Gettysburg, dêr't it Suden de boargeroarloch winne kinnen hie, fierde Gibbon de 2e Difzyzje fan it Amerikaanske IIe Korps oan en wied er op 1 en 2 july 1863 teffens tydlik kommandant fan dat hiele legerkorps, doe't de eardere kommandant, generaal-majoar Winfield S. Hancock, in promoasje nei in hegere post krige. Op 3 july stie Gibbon mei syn troepen yn 'e Noardlike frontliny ûnder de saneamde Oanfal fan Pickett, wêrby't de Súdlike difyzje fan generaal George Pickett himsels tepletter smiet by in bestoarming fan 'e Noardlike posysjes. Yn dat gefjocht rekke Gibbon op 'e nij ferwûne. Neitiid fierde er it befel oer in rekrutearringsdepot yn Cleveland wylst er opbettere.

Nei't er it befel oer de 2e Difyzje wer opnommen hie, focht Gibbon mei yn 'e slaggen yn 'e Wyldernis en by it Gerjochtsgebou fan Spotsylvania en Cold Harbor. Under it Belis fan Petersburg ferlear Gibbon de moed doe't syn troepen wegeren om te fjochtsjen yn 'e Twadde Slach by Ream's Station. Hy hie in koart skoftke it befel oer it Amerikaansk XVIIIe Korps foar't er mei sykteferlof gie, mar om't er eins net mist wurde koe, kearde er ûnder druk fan syn superieuren al rillegau wer werom om it kommando oer it Amerikaansk XXIVe Korps op te nimmen, dat diel útmakke fan it Leger fan de James. Mei dat legerkorps spile Gibbon in rol by de definitive trochbraak by Petersburg en de ferovering fan Fort Gregg. Neitiid naam Gibbon diel oan 'e Appomattox-kampanje, it slútstik fan 'e Boargeroarloch, wêrby't er de Konfederearre ûntsnappingsrûte ôfsnie yn 'e Slach by it Gerjochtsgebou fan Appomattox. Oanslutend wied er ien fan 'e trije Noardlike kommissarissen dy't belêstge wie mei it yn goede banen lieden fan 'e Súdlike oerjefte.

Yndiaanske oarloggen

Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch bleau Gibbon yn it Amerikaanske Leger, hoewol't er fanwegen in oerskot oan ofsieren (dat ûntstie doe't it leger yn fredestiid ôfslanke waard) yn rang weromset waard nei kolonel. Hy waard stasjonearre oan 'e Amerikaanske frontier, yn it Montana-territoarium, mei it befel oer it Amerikaanske 7e Ynfanteryrezjimint. Yn dy hoedanichheid naam er ûnder de simmerkampanje fan 1876, dy't diel útmakke fan 'e Grutte Sû-Oarloch, diel oan 'e striid tsjin 'e Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho.

Gibbon syn út it noardwesten kommende troepemacht bestie dêrby út syn eigen ynfantery, fersterke troch fjouwer kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint. It wie de bedoeling dat er yn 'e mande mei de kolonnes fan brigadegeneraal George Crook, dy't út it suden opteach, en brigadegeneraal Alfred Terry, dy't út it easten opmarsjearre, de opstannige Yndianen yn 'e skjirre nimme soe. Mar nei't Crook tsjinholden waard yn 'e Slach oan de Rosebud, litte Terry syn ûnderhearrige luitenant-kolonel George Armstrong Custer mei it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint troch syn eigen drystens yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn in ferpletterjende nederlaach. Gibbon, dy't syn kolonne feriene hie mei de restearjende troepen fan Terry, kaam te let om Custer te rêden, mar ûntsette wol de sân kompanjyen ûnder majoar Marcus Reno en kaptein Frederick Benteen, dy't oardel dei lang troch de Yndianen op in klif boppe de rivier de Little Bighorn belegere wiene. Oan Gibbon en Terry en harren mannen foel doe de taak ta om 'e ferwûnen fan it 7e Kavaleryrezjimint te fersoargjen en de deaden te begraven.

Under de Nez Persé-Oarloch, yn 1877, wie Gibbon as befelhawwer fan 'e 7e Ynfantery noch altyd op syn post yn Montana, doe't er in telegram ûntfong fan generaal Oliver O. Howard, dy't him oardere om 'e Nez Persé, dy't besochten te ûntkommen nei Kanada, de pas ôf te snijen. Gibbon ûntdiek de Nez Persé yn 'e neite fan 'e rivier de Big Hole, yn westlik Montana, dêr't er de striid mei harren oangie. Under de Slach oan de Big Hole brochten hy en de Yndianen inoar swiere ferliezen ta. Gibbon waard fêstset troch Yndiaanske slûpskutters, en koe sadwaande net foarkomme dat de Nez Persé harren op 'e twadde dei fan it treffen yn goede oarder fan it slachfjild weromloeken. Yn antwurd op Gibbon syn oprop om help ferskynde generaal Howard de deis dêrop mei de foarhoede fan syn troepen om 'e efterfolging yn te setten. Fanwegen de ferliezen dy't syn troepen lit hiene en in wûne dy't er sels oprûn hie, koe Gibbon fierder net oan 'e striid tsjin 'e Nez Persé dielnimme.

Lettere jierren

Yn 1884 tsjinne Gibbon tydlik as kommandant it militêre Departemint fan 'e Platte. Yn 1885 waard er befoardere ta brigadegeneraal, mei it befel oer Departemint fan 'e Kolumbia, dat it hiele Amerikaanske Noardwesten besloech. Under de anty-Sineeske opskuor fan 1886 rôp er yn 'e stêd Seattle de steat fan belis út. Yn 1890 waard er noch oansteld as haad fan 'e Militêre Difyzje fan 'e Atlantyske Oseaan. Yn 1891 wied er twongen om mei de rang fan generaal-majoar mei pinsjoen te gean fanwegen âlderdomsbeheinings foar militêr personeel.

Ferstjerren en oantins

John Gibbon ferstoar yn 1896 yn Baltimore, yn 'e âlderdom fan 68 jier. Hy waard begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington, ûnder de reek fan 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Behalven syn ynfloedrike kriichskundige wurk The Artillerist's Manual, út 1859, wie hy ek de skriuwer fan it autobiografyske Personal Recollections of the Civil War ("Persoanlike Oantinkens oan de Boargeroarloch"), dat postúm yn 1928 útjûn waard, en Adventures on the Western Frontier ("Aventoeren yn it Wylde Westen"), dat pas yn 1994 publisearre waard. Dêrnjonken skreau Gibbon ek ferskate artikels oer it Amerikaanske regearingsbelied foar de Yndianen oer.

Op 3 july 1988 waard by de 125e betinking fan 'e Slach by Gettysburg in brûnzen stânbyld fan John Gibbon ûntbleate yn it Nasjonaal Militêr Park Gettysburg, deunby it plak dêr't er ûnder de Oanfal fan Pickett ferwûne rekke. De plakken Gibbon (Minnesota), Gibbon (Nebraska), Gibbon (Oregon) en Gibbon (Washington) binne nei him ferneamd, en sa ek de rivier de Gibbon en de Gibbonwetterfal yn it Nasjonaal Park Yellowstone yn Wyoming, dat er yn 1872 besocht as lid fan in militêre ekspedysje.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.