Jehannes Paulus II
   kristlik lieder
Paus Jehannes Paulus II
Paus Jehannes Paulus II
amt en titulatuer
amtPaus
tsjerkeRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdombisdom Rome
sitHillige Sit
amtsperioade1978 – 2005
foargongerJehannes Paulus I
opfolgerBenedictus XVI
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Poalsk
bertedatum18 maaie 1920
berteplakWadowice
stjerdatum2 april 2005
stjerplakFatikaanstêd
hillichferklearring
sillich ferkl.1 maaie 2011
hillich ferkl.27 april 2014
hjeldei22 oktober

Jehannes Paulus II (Wadowice, 18 maaie 1920 - Fatikaanstêd, 2 april 2005) waard berne yn Wadowice by Krakau yn Poalen, as Karol Józef Wojtyła. Hy wie fan 1978 oant 2005 paus. Op 1 maaie 2011 waard Jehannes Paulus II sillich ferklearre troch paus Benediktus XVI.

Karol Józef Wojtyła wie de soan fan Karol Wojtyła en Emilia Kaczorowska. Hy gie yn syn berteplak nei de middelbere skoalle en studearre oan de Universiteit fan Krakau. Syn stúdzje waard ûnderbrutsen troch de Twadde Wrâldkriich. Om oan deportaasje te ûntkommen socht er wurk yn in fabryk. Op 1 novimber 1946 waard er pryster. Hy makke syn stúdzje ôf en helle yn 1948 yn Rome in doktoraat yn de teology.

Op 4 july 1958 waard hy helpbiskop fan Krakau en al op 28 septimber fan dat jier biskop. Op 13 jannewaris 1964 waard hy dêr aartsbiskop en op 26 juny 1967 kardinaal. Op 16 oktober 1978 waard hy beneamd ta paus, ûnder de namme Jehannes Paulus II. Hy wie de earste net Italjaanske paus nei in tiidrek fan 455 jier.

De lannen dy't Jehannes Paulus II besocht yn syn pontifikaat

Jehannes Paulus II wie in reizgjende paus: Hy makke meiïnoar mear as 100 bûtenlânske reizen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.