Johannes Sjoerd Brandsma (Feinsum 1918 - Ljouwert - 25 augustus 2002) wie sûnt 1967 boargemaster fan Ljouwert.
Foarsitter fan it gemeentlik gearwurkingsorgaan Regio Ljouwert (Ljouwert, Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel, It Bilt, Menameradiel en Baarderadiel). Fan 1940-1945 wurksum yn it itensfoarsjenningsapparaat yn Fryslân en fan 1945-1967 yn De Haach as direkteur by it Ministearje fan Lânbou en Fiskerij en it Produkstskip foar Nôt, Siedden en Pûlfruchten.
Yn maart 1967 waard Brandsma beneamd ta boargemaster fan Ljouwert. Yn maaie 1983 gie er mei pensjoen en yn 2002 ferstoar er yn de âldens fan 84 jier. Yn Ljouwert waard de Johannes Brandsmawei nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.