Johann Gottfried Rohlfs (Esens, 27 juny 1759 - dêre, 25 july 1847) wie in oargelbouwer dy't yn East-Fryslân arbeide.

Libben

Rohlfs learde it fak yn de wurkpleats fan Hinrich Just Müller en begûn earst fan 1788 ôf sporadysk selsstannich te wurkjen. Op 9 oktober 1792 waard er boarger fan Esens. Op 24 jannewaris 1801 troude er mei Sophia Maria Elisabeth Schuster en stichte mei har in famylje fan oargelbouwers. Harren soan Arnold Rohlfs (1808-1882) en syn pakesizzer Friedrich (Frerk) (26 juny 1829 - 17 maart 1891), mei waans dea it bedriuw ophold te bestean, krigen in goede namme as oargelbouwers. Johann Gottfried wurke in heale iuw (1788-1838) en makke lytsere oargels mei in tige libbene klank, dy 't frij konservatyf wiene wat uterlike konstruksje en klank oanbelange en yn de tradysje fan Müller stiene. De measte fan syn nije oargels binne hjoed-de-dei noch altyd bewarre bleaun en dogge it noch.

Literatuer

  • Walter Hans Kaufmann: Die Orgeln Ostfrieslands. Ostfriesische Landschaft, Aurich 1968.
  • Harald Vogel, Günter Lade, Nicola Borger-Keweloh: Orgeln in Niedersachsen. Hauschild, Bremen 1997, ISBN 3931785505.
  • Harald Vogel, Reinhard Ruge, Robert Noah, Martin Stromann: Orgellandschaft Ostfriesland. Soltau-Kurier-Norden, Norden 1995, ISBN 3928327194.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.