Johann Frank
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohann Emil Frank
nasjonaliteit Dútsk
berne22 febrewaris 1932
berteplakWesterlân (Sylt)
stoarn19 jannewaris 2023
stjerplakûnbekend
etnisiteit Noardfrysk
wurkpaad
berop/amtmagistraat
aktyf asoersetter
reden
  bekendheid
oersetter fan 'e 4 kanonike
   evangeeljes
yn it Noardfrysk
bekendste
  wurk(en)
Di Fjuur Evangelien
prizenC.P. Hansen-priis 2006

Johann Frank (folút Johann Emil Frank; Westerlân, 22 febrewaris 1932 ?, 19 jannewaris 2023) is in Noardfrysk stedsbesjoerder en oersetter. Hy is hikke en tein te Westerlân op it eilân Sylt, dêr't er ek jierrenlang magistraat wie.

Syn âlden wiene Ludwig Heinrich Frank fan Westerlân en Marie Sofie Momsen fan Horsbel, op it Noardfryske fêstelân. Sadwaande waarden Frank en syn suster Hannelore meartalich grutbrocht, yn in gesin dêr't sawol Sölring, Fêstelânnoardfrysk as Nederdútsk sprutsen waard. Yn 1957 troude er mei Monika Zachariasen en mei har krige er fjouwer soannen, Uwe, Maike, Jens en Corneelis.

Yn 2006 kaam Frank syn oersetting fan 'e fjouwer kanonike evangeeljes yn it Sölring út, ûnder de titel Di Fjuur Evangelien – Matthäus, Markus, Lukas, Johannes: üt dit Nii Testament. Datselde jiers krige er dêr de C.P. Hansen-priis foar.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.