Johan Edzard fan Douma, ek bekend as Erasmus fan Douma († 26 july 1676), wie grytman fan Aenjewier tusken 1673 en 1677.
Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinze yn it noarden oan Utingeradiel, east oan Opsterlân, súd oan Skoatterlân en west oan Haskerlân. Aenjewier hie fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in part fan It Hearrenfean.

Johan wie de soan fan Epo fan Douma, grytman fan Ferwerderadiel, en hat net troud west. Waard oansteld as grytman op 29 july 1673, wie it jier dêrnei ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân 1674-1676. Waard yn Hallum begroeven. Yn syn wapen fierde hy in swurd.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert fan Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795
  • M. de Haan Hettema en A. van Halmael - Stamboek van den Frieschen, vroegeren en lateren, adel
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.