Jochem Gerbrens wie grytman fan Aenjewier fan 1576 - 1580. Aenjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinzet yn it noarden oan Utingeradiel, yn 't easten oan Opsterlân, yn 't suden oan Skoatterlân en yn 't westen oan Haskerlân. Aenjewier hat fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.

Jochem wie yn 1574 folmacht op de lândei foar Aenjewier. Hy waard op 29 desimber 1576 ta grytman keazen as opfolger fan syn heit Gerben Menthies.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hobbe Baert van Sminia - Nieuwe naamlijst van Grietmannen van de vroegste tijden af tot het jaar 1795
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.