Jistergea | ||
Polityk | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 55 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oar | ||
Postkoade | 8534 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 51' N 5° 34' E | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Jistergea yn de eardere gemeente Lemsterlân |
Jistergea is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, benoarden De Lemmer en west fan Eastersee. Jistergea is in streekdoarp en foarmet in twillingdoarp mei Follegea.
Jistergea hat 55 ynwenners (1 jannewaris 2023).[2]
Geografy
Jistergea is in trije kilometer lang doarp fuortendaliks noardlik fan De Lemmer en giet ûnmurken op yn it twillingdoarp Follegea. De twa doarpen binne streekdoarpen lykas it justjes fierderop lizzende Dunegea yn de eardere buorgemeente Skarsterlân, foar 1983 Doanjewerstâl. De rige doarpen lizze justjes westlik fan de A6 oan de âlde strjitwei fan Snits nei De Lemmer.
Skiednis
Jistergea moat nei alle gedachten yn de midsiuwen ûntstien wêze. De namme, sa't op it earste gesicht liket komt net fan it wurd "jister", mar is in ferbûgde foarm fan it Aldfryske ees - ies - dat troch de taalûntjouwing in dûbellûd "jis" krige. It efterheaksel "-gea" betsjut "doarpsgebiet/himrik", dus sadwaande betsjut de namme "doarpsgebiet fan de ies". Yn 1505 komt de namme as Eestergae foar en yn 1579 as Esterga.
De buorkerijen leinen eartiids oan in hynstepaad, dat yn de achttjinde iuw ta in rydwei omfoarme waard. Yn 1843 waard de ryksstrjitwei oanlein fan De Lemmer nei Snits en kaam it doarp oan in drokke dyk te lizzen. Earder barde it measte ferkear oer it wetter. De Moleseleat ferbûn it doarp mei de Lemster Rien.
De pleatsen steane op in ôfstân faninoar ôf en fan De Lemmer ôf sjoen steane se oan de eastkant fan de âlde strjitwei. Nei in oardel kilometer steane se oan de westkant omreden de oriïntaasje fan it by de pleatsen hearrende lân.
Foar 2014 hearde Jistergea by de gemeente Lemsterlân dyt doe yn de nije gemeente De Fryske Marren opgie.
Klokkestoel
Der hat in tsjerke stien, dy't om 1740 hinne ôfbrutsen is en foar de reformaasje oan Sint-Krysantus wijd wie.[3] Op it hôf stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân út 1617. De stoel is makke fan bilingahout en is grien fan kleur mei in wite kape. De kape is in helmdak mei waarhoanne en it dak is dekt mei potdeksele planken. De klok is getten troch Henricus Meurs, hat in trochsneed fan 65 sm en waacht sa'n 200 kilo.
Mienskip
Jistergea dielt de feriening foar doarpsbelang en oare ferienings mei it twillingdoarp Follegea. De Fûgelwacht is kombinearre mei Follegea en De Lemmer.
Sjoch foar de list fan ferienings op de side fan Follegea.
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2013 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 143 | 160 | 160 | 156 | 76 * | 64 | 43 | 43 | 55 |
- nei grinswiziging
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)
Strjitten
Strjitwei.
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jistergea fan Wikimedia Commons. |