Jirnsumer Moeting | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
plak | Jirnsum | |
adres | Ryksstrjitwei | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tinkteken | |
subtype | byldhouwurk | |
boujier | 2010 |
Jirnsumer Moeting is in pylgermonumint oan de Ryksstrjitwei yn Jirnsum. It monumint stiet oan it Jabikspaad foar de herfoarme Mauritiustsjerke yn Jirnsum oer. It tinkteken stiet op dit plak dêr't de westlike en eastlike rûte fan it Jabikspaad yn Jirnsum gearrinne. Jirnsum leit sûnt 2000 op beide rûtes fan it Jabikspaad, in kuier- en fytstocht fan 150 kilometer fan Sint Jabik nei Hasselt.
Jabikspaad
It Jabikspaad, de Fryske Pylgerrûte nei Santiago de Compostella, rint fan Sint-Jabik nei Hasselt. It Jabikspaad rint yn Fryslân troch in gebiet fan wêrút tûzenen Friezen yn de midsiuwen ûnder begelieding fan de Ridders fan de Dútske Oarder foar krústochten en pylgerreizen ôfsetten nei Jeruzalim en nei Santiago de Compostela. Ut Raerd wei komt de wei fanút Westergoa, mei de stêden Frjentsjer, Snits en Boalsert. Ut Friens en Reduzum wei komt de wei fanút Eastergoa, mei de stêden Ljouwert en Dokkum. Om it gearrinnen fan beide rûtes te markearjen is der troch de stifting Jabikspaad Fryslân in pylgermonumint komd. Feriene fanút Jirnsum folgje de pylgers de rivier de Boarn en de sânrêgen troch it fean nei Stienwyk en fierder nei Jeruzalim, Rome of Santiago.
Oer it byld
De Jirnsumer Moeting is opboud út twa muorren fan mitsele âlde friezen. Fan dy grutte bakstiennen waarden yn de midsiuwen de Fryske tsjerken en stinzen boud. Dy âlde friezen foar it tinkteken komme út sa 'n 350 Fryske kleasters en tsjerken, boud yn de perioade 1200 oant 1500. Op in ynformaasjeboerd stiet oanjûn wêr’t elke stien weikomt. De kleastermoppen foar it monumint waarden by elkoar brocht troch de Jirnsumers Loadewyk en Yge Damsma (1921-2010), dy’t fan it samljen harren libbenswurk makke ha. [1] Damsma (1921-2010). In oar diel fan harren samling kleastermoppen is ferwurke yn de Friezetsjerke yn Rome.[2] Krektas de twa paden dy't by inoar komme, slute de beide mitsele muorredielen op inoar oan. Fan boppen sjoen liket it oft twa wegen as in ritssluting gearrinne om as bredere wei fierder te gean.
Op 5 juny 2010 is it pylgermonumint de Jirnsumer Moeting ûntbleate. De ûntbleating barde tsien jier nei de iepening fan it Jabikspaad. By de ûntbleating lei oer it monumint in grut wyt kleed mei it opfallend blauwe krús fan Jirnsum. Yn de mande mei in tal opfallend klaaide pylgers helle de Fryske deputearre Hans Konst de kleden fan it monumint en fan it ynformaasjepaniel. Steande op it monumint waard troch 'pylger' Jan Romkes van der Wal in mytysk pygerferhaal ferteld.
Symboalysk
De Jirnsumer Moeting symbolisearret de moetings fan:
- de east- en de westrûte fan it Jabikspaad, dy’t út Jirnsum wei mienskiplik harren paad ferfolgen yn súdlike rjochting;
- de pylgers en de oare wannelers/fytsers dy’t hjir fanút it Fryske Eastergoa en Westergoa by elkoar kamen om fierder mei elkoar nei it suden te reizgjen;
- de mear as 500 kleastermoppen, dy’t hjir yn ien monumint feriene binne;
De stiennen ferwize nei de minsken dy’t hjir wennen en wurken, dy’t hjir doopt waarden en, dy’t hjir boasken en hjir begroeven waarden, dy’t lâns dizze âlde stiennen rûnen en elkoar moeten. Pylgers dy ’t op reis giene nei fiere oarden. De Jirnsumer Moeting symbolisearret ek ien fan de wichtichste ûnderfinings fan in pylger: de moeting. In soad Friezen moetsje harren libbenspartner yn it Jirnsumer útgeanslibben yn en om de herberch De 2 Gemeenten.
It spoar en de autowei nei it suden rinne bylâns de âlde hearbanen of hearrewegen, wat de wegen fan de hear (it leger) betsjut. De pylgers folgen dizze hearbanen, dy’t oant hjoed-de-dei de âlde namme Hearenwei of Hege Hearewei drage. In pylgerwei kin fergelike wurde mei in rivier dy't begjint mei ien reindrip dy’t op de ierde falt. Yn de mande mei oare drippen ûntstiet dan in wetterstreamke, in beekje. Op it lêst foarmet him in machtige rivier dy't einiget yn de see. Pylgertochten einigje faak yn in see fan minsken: yn de sporttimpels fan It Hearrenfean, yn Mekka om de Kaäba, yn Rome op it Sint Pitersplein. De Wei nei Compostela einiget by Finisterra oan de Atlantyske Oseaan.
Stimpel
Fan de Jirnsumer Moeting is troch de tekener fan de Fryske Rie foar Heraldyk Jelle Terluin, in Jirnsumer ‘Moetingsstimpel’ makke, dy’t Jabikspaadrinners op harren stimpelkaart krije kinne. Op de Jirnsumer stimpel stiet it mitsele muorke sintraal, wylst it Mauritiuskrúske út it wapen fan Jirnsum dêr boppe ôfbylde stiet. Tusken de beide muorredielen en dêrûnder de Sint Jabiksskulp en de wulk fan it Jabikspaad, as symboalen fan de pylgers of rinners. Yn it râneskrift stiet: ‘’Jirnsumer Moeting. De fuotstappen yn 'e râne wolle oanjaan dat it in kuierpaad is, hoewol 't ek op de fyts dit paad te gean is’’.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |