Amazon Publishing
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
typeprivaat
sektorútjouwerij
haadkertierSeattle (Washington)
oprjochte2009
eignerAmazon.com
dochterssjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.apub.com

Amazon Publishing is in Amerikaanske útjouwerij dy't yn 2009 oprjochte waard as de útjouwersdifyzje fan ynternetboekhannel Amazon.com. It bedriuw, dat yn 2013 fêstige wie yn Seattle, yn 'e Amerikaanske steat Washington, bringt boeken út ûnder in ferskaat oan ymprints, wêrfan't AmazonEncore de wichtichste is.

Skiednis

Under de oanrin nei de kryst fan 1999 leasde Amazon.com de rjochten op in yn ûnbrûk rekke ymprint mei de namme Weathervane ("waarhoanne"). Dêrûnder waarden doe itensiedersboeken út brocht en guon oare wurken dy't it publyk net botte oansprutsen. Dat wie de earste kears dat Amazon him op it útjouwerspaad weage, mar de ymprint waard al rillegau opheft, en neffens sjoernalist George Packer, fan it blêd The New Yorker, witte fertsjintwurdigers fan Amazon no net iens mear dat Weathervane ea bestien hat.

Yn maaie 2009 rjochte Amazon in bliuwende útjouwersdifyzje op ûnder de namme Amazon Publishing, mei AmazonEncore as earste (en noch altyd wichtichste) ymprint. Dêrûnder waarden literêre wurken útjûn dy't al lang net mear (nij) te krijen wiene, en ek selspublisearre boeken mei kommersjeel potinsjeel. In jier letter, yn maaie 2010, waard in twadde ymprint oprjochte, AmazonCrossing, foar oersettings nei it Ingelsk út oare talen wei. Wer in jier letter folgen de sjenre-ymprints Montlake Romance (foar romantyske fiksje) en Thomas & Mercer, foar misdieromans en skrillers, en in healjier letter kaam dêr noch 47North by, foar science fiction, fantasy en horror. Sûnt jannewaris 2013 bringt Amazon Publishing ek berneboeken en literatuer foar jongfolwoeksenen út ûnder de ymprint Amazon Children's Publishing.

Fierders naam Amazon yn juny 2012 Avalon Books oer, in lytse 62 jier âlde útjouwerij dy't him talei op 'e publikaasje fan romantyske fiksje en misdieromans, mei in fûnskatalogus fan sa'n 3.000 titels. Datselde jiers kocht Amazon ek in fûnskatalogus fan goed 1.000 titels op fan it yn finansjele swierrichheden rekke Dorchester Publishing. Fierders jout Amazon Publishing sûnt oktober 2013 ek in wykliks digitaal literêr tydskrift út ûnder de titel Day One. Yn maart 2014 iepene Amazon Publishing in Dútsktalige ôfdieling yn München.

Oant no ta hat Amazon Publishing noch net botte súksesfol west. Ferkeapsifers binne midsmjittich, en grutte titels hawwe konsekwint ûnderprestearre. De oarsaken dêrfoar moatte (neffens in artikel fan George Packer yn it blêd The New Yorker) foar in diel socht wurde yn it feit dat Amazon.com fan oarsprong gjin echte útjouwer is, en noch leare moat hoe't it yn 'e útjouwerswrâld om en ta giet. Boppedat besiket it bedriuw konsekwint om syn kultuer fan masinaal en kompjûtermjittich wurkjen oan it útjouwersfak op te lizzen, wylst dêr dingen as reputaasje en ynterminsklik netwurkjen tradisjoneel folle wichtiger binne. In oar wichtich neidiel dat Amazon hat, is dat alle Amerikaanske boekhannels stiiffêst wegerje om 'e útjeften fan Amazon Publishing yn harren winkels te ferkeapjen, mei't Amazon.com as ynternetboekhannel ommers harren direkte konkurrint is.

Ymprints

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.