Jesse Jane | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cindy Taylor | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 16 july 1980 | |
berteplak | Fort Worth (Teksas) | |
stoarn | 24 jannewaris 2024 | |
stjerplak | Moore (Oklahoma) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2002 – [2022]] | |
offisjele webside | ||
www.jessejane.com |
Jesse Jane, wiere namme: Cindy Taylor (Fort Worth, 16 july 1980 - Moore, 24 jannewaris 2024), wie in tige súksesfol Amerikaansk fotomodel, neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, mainstream-aktrise, presintatrise en kollumniste fan etnysk Ingelsk komôf. Har artystenamme is in ferwizing nei de njoggentjinde-iuwske Amerikaanske bandyt en folksheld Jesse James.
Libben
Jonkheid
Jesse Jane waard berne yn 'e stêd Fort Worth, yn 'e steat Teksas, mar groeide op yn in militêr gesin op in ferskaat oan militêre bases yn it Midwesten fan 'e Feriene Steaten. Se wie yn har famkesjierren wat in wyldkat, mar folge ek ferskillende dûnsopliedings. Op 'e middelbere skoalle, yn Rose Hill, yn 'e steat Kansas, wie se lid fan it pleatslike cheerleadersteam. Se rûne har middelbere-skoaloplieding ôf yn Moore, yn Oklahoma, ûnder de reek fan Oklahoma City. Dêrnei spile se yn reklamespotsjes op 'e tillefyzje, wêrûnder ien foar de Hooters-breastaurants, dy't har foarstean litte op 'e rûnboarstige servearsters. Teffens wûn se de titel Miss Photogenic ("Miss Fotosjenyk") by de American Dreams-missferkiezing. Se sette útein mei in karriêre as bikinymodel en wûn ferskate Hawaiian Tropics-missferkiezings.
Pornokarriêre
Jesse Jane woe graach trochbrekke as aktrise, mar dat woe mar net slagje. Doe't se yn 2002 in artikel oer Tera Patrick lies, dêr't yn stie dat dy in kontrakt hie by it label Digital Playground, besleat se om dêr har ljocht ris op te stekken. By Digital Playground krige se daliks in kontrakt oanbean en noch datselde jiers makke se har debút yn 'e pornografyske film No Limits, yn in lesbyske sêne mei kollega-pornoaktrise Devon. Sawol No Limits as Jesse Jane har oare films by Digital Playground, lykas Beat the Devil, Loaded, Cheerleaders, Nurses en Pirates, wiene bûtengewoan populêr, en binnen in pear jier stie se oan 'e top fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Tsjin 'e ein fan har karriêre, yn 2022 hie se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 233 pornofilms spile, hoewol't dêr grif ek ferskate werpublikaasjes fan âld byldmateriaal tusken sieten. Ek hie se net minder as acht AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld) wûn, wylst se nominearre waard foar nochris 32 oaren. Boppedat waard se yn 2013 ynhuldige as lid fan 'e AVN Hall of Fame. Fierders hie se noch withoefolle oare nominaasjes binnenhelle en prizen wûn, mei dêrûnder ek in Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis.
Mainstream-karriêre
Njonken har pornokarriêre posearre Jesse Jane ek geregeldwei foar neakenblêden, en stie se op 'e cover stien fan FHM, Maxim, Front en oare tydskriften. Ek makke Jesse Jane ferskate kearen in oerstap (crossover) nei mainstream-tillefyzje. Sa hie se yn 2003 in figuranteroltsje yn 'e tillefyzjefilm Baywatch: Hawaiian Wedding, mei Pamela Anderson, Carmen Electra, Yasmine Bleeth en David Hasselhoff. Yn 2005 hie se in gastrol yn 'e populêre tillefyzjesearje Entourage (seizoen 2, ôfl. 9), en yn 2006 ferskynde se yn it praatprogramma The Tonight Show with Jay Leno. Ek wie se yn 2009 te sjen yn 'e realitysearje The Bad Girls Club, en wijde de dokumintêre Porn: Business of Pleasure, fan 'e Amerikaanske stjoerder CNBC, datselde jiers syn lêste, tsien minuten duorjende segmint oan har. Njonken tillefyzje wie Jesse Jane ek in grut tal kearen te gast yn radioprogramma's, lykas dat fan Howard Stern. Fierders figurearre se ek yn in stikmannich fideoclips, û.m. fan Robbie Williams en fan 'e Teksaanske metal-band Drowning Pool.
Mei har kollega-Digital Playground-stjerren Devon en Teagan Presley presintearre Jesse Jane op it ynternet it live-praatprogramma DP Tonight, dat oan 'e pornoyndustry wijd wie. Yn maart 2006 setten sy en Kirsten Price útein mei it presintearjen fan it populêre live-programma Night Calls, op 'e Amerikaanske betelstjoerder Playboy TV. Teffens presintearre Jesse Jane op Playboy TV it programma Naughty Amateur Home Videos. Yn 2006 presintearre se ek de útrikking fan 'e AVN Awards. Fierdersoan skreau se sûnt 2007 in kollumn foar it neakenblêd Chéri, wylst se datselde jiers ek in kollumn begûn yn it Australyske manljusblêd Ralph, wêryn't se antwurden en advys joech op brieven fan lêzers oer seks en ôfspraakjes. Ek oan 'e blêden Genesis en Buzz levere se gauris bydragen.
Yn maart 2011 begûn Jesse Jane mei de ferkeap fan in eigen merk tequila, ûnder de namme "Diosa". Der binne ferskillende smaken, wêrûnder blauwe agave, apel, mango, mangel en kofje-karamel. Om't Digital Playground de rjochten op har artystenamme yn besit hie, makke se foar har tequila reklame ûnder har bertenamme Cindy Taylor.
Priveelibben
Yn 2004 fertelde Jesse Jane yn it radioprogramma fan Howard Stern dat se yn 1999 swier rekke, en dat der wylst se yn ferwachting wie, by har limoerkanker fêststeld wie. Yn 2000, op har njoggentjinde, befoel se fan in soan, en twa dagen letter waard by har de folsleine limoer fuorthelle. Sûnt wie se genêzen, mar moat se noch geregeld foar kontrôle-ûndersiken. Yn novimber 2005 troude Jesse Jane mei kollega-pornoakteur Rick Patrick; it houlik rûn yn maart 2012 út op in skieding. Op 15 oktober fan datselde jier makke se fia har Twitter-account bekend dat se har ferloofd hie mei har persoanlike fitnesstrainer Michael Giovanni. Jesse Jane omskreau harsels as biseksueel.
Ferstjerren
Jesse Jane ferstoar yn jannewaris 2024 hommels op de âldens fan 43 jier. De aktrise waard tegearre mei har doetiidske freon Brett Hasenmueller dea fûn yn harren hûs yn Moore, yn Oklahoma. De oarsaak liek in oerdoazis drugs te wêzen.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2003 | NightMoves Award | wûn | bêste nije stjer (regisseurskar) | n.f.t. |
2004 | AVN Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. |
nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Erotique | ||
XRCO Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | |
Delta di Venere Award | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
Venus Award | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
2005 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise (fideo) | Loaded |
2006 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise (fideo) | Pirates |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Carmen Luvana) | Pirates | ||
nominearre | bêste orale sekssêne (fideo) (mei Scott Nails) | Pirates | ||
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Janine Lindemulder) | Pirates | ||
FAME Award | nominearre | favorite pornoaktrise | n.f.t. | |
nominearre | leaflingskont | n.f.t. | ||
nominearre | meast seksy lichem | n.f.t. | ||
FOXE Award | wûn | froulike favoryt fan 'e fans | n.f.t. | |
NightMoves Award | wûn | bêste aktrise (regisseurskar) | n.f.t. | |
Scandinavian Adult Award | wûn | bêst ferkeapjende ynternasjonale stjer | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
nominearre | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | ||
2007 | AVN Award | nominearre | kontraktstjer fan it jier (foar Digital Playground) | n.f.t. |
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Teagan Presley, Jana Cova en Sophia Santi) | Island Fever 4 | ||
Exotic Dancer Award | wûn | stripper (mei in karriêre as pornoaktrise) fan it jier | n.f.t. | |
FAME Award | nominearre | favorite froulike stjer | n.f.t. | |
wûn | meast seksy lichem | n.f.t. | ||
Venus Award | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Rebeca Linares, Brianna Love en Marco Banderas) | Naked Aces 2 |
nominearre | de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier | n.f.t. | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
FAME Award | nominearre | favorite froulike stjer | n.f.t. | |
nominearre | favorite orale stjer | n.f.t. | ||
nominearre | leaflingskont | n.f.t. | ||
wûn | meast seksy lichem | n.f.t. | ||
eLine Award | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2009 | AVN Award | nominearre | bêste opfiering fan in striptiis | Cheerleaders |
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Manuel Ferrara) | Cheerleaders | ||
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei Jenna Haze en Charles Dera) | Jesse Jane: Kiss Kiss | ||
nominearre | bêste aktrise | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | de Jenna Jameson Crossover-Stjer fan it Jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne mei in pearke (mei Belladonna) | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Shay Jordan, Stoya, Adrianna Lynn, Brianna Love, Lexxi Tyler, Memphis Monroe, Sophia Santi en Priya Rai) | Cheerleaders | ||
FAME Award | nominearre | favorite froulike stjer | n.f.t. | |
nominearre | favorite orale stjer | n.f.t. | ||
nominearre | leaflingsboarsten | n.f.t. | ||
nominearre | favorite webside fan in stjer (foar JesseJane.com) | n.f.t. | ||
wûn | meast seksy lichem | n.f.t. | ||
Hot d'Or | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | Pirates II: Stagnetti's Revenge | |
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | solo-optreden | Pirates II: Stagnetti's Revenge | |
nominearre | bêst klikkende gearwurking op it skerm (mei Belladonna) | Pirates II: Stagnetti's Revenge | ||
nominearre | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | ||
2010 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Scott Nails) | Jesse Jane: Atomic Tease |
nominearre | bêste triosekssêne (mei Riley Steele en Manuel Ferrara) | Nurses | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Katsuni, Shay Jordan, Stoya, Riley Steele en Erik Everhard) | Nurses | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
FAME Award | nominearre | favorite froulike stjer | n.f.t. | |
nominearre | favorite orale stjer | n.f.t. | ||
nominearre | leaflingsboarsten | n.f.t. | ||
nominearre | meast seksy lichem | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
2011 | AVN Award | nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. |
wûn | bêste lesbyske groepsekssêne (mei Kayden Cross, Riley Steele, Katsuni en Raven Alexis) | Body Heat | ||
wûn | publykspriis foar meast idioate sekssêne (mei Kayden Cross, Riley Steele, Katsuni en Raven Alexis) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | |
nominearre | pornostjerwebside fan it jier (foar JesseJane.com) | n.f.t. | ||
2012 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Scott Nails) | Fighters |
nominearre | bêste triosekssêne f/f/m (mei BiBi Jones en Manuel Ferrara) | Assassins | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Kayden Kross, Stoya, Riley Steele, BiBi Jones en Manuel Ferrara) | Babysitters 2 | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Kayden Kross, Stoya, Riley Steele, Selena Rose en Tommy Gunn) | Top Guns | ||
nominearre | skandalichste sekssêne (mei Tommy Gunn) | Bad Girls 6 | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | bêste pornostjerwebside (foar JesseJane.com) | n.f.t. | ||
wûn | bêste byrol fan in aktrise | Fighters | ||
wûn | publykspriis foar lekkerste sekssêne (mei Kayden Kross, Stoya, Riley Steele, BiBi Jones en Manuel Ferrara) | Babysitters 2 | ||
Adultex Award | wûn | bêste artyste | n.f.t. | |
NightMoves Award | wûn | publykspriis foar bêste artyste | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | aktearprestaasje fan it jier | Fighters | |
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | pornostjerwebside fan it jier (foar JesseJane.com) | n.f.t. | ||
XRCO Award | nominearre | mainstream-pornomediafavorite | n.f.t. | |
ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. | ||
2013 | AVN Award | nominearre | bêste groepsekssêne (mei Kayden Kross, Riley Steele, Selena Rose en Manuel Ferrara) | n.f.t. |
ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste aktrise (film) | Mothers & Daughters | |
nominearre | artystewebside fan it jier (foar JesseJane.com) | n.f.t. | ||
wûn | bêste lesbyske sêne (mei Kayden Kross, Riley Steele, Selena Rose en Vicki Chase) | n.f.t. | ||
2014 | AVN Award | nominearre | bêste sêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Brooklyn Lee, Stoya en Johnny Sins) | Bridesmaids |
nominearre | bêste aktrise yn in publikaasje mei in pearke as tema | Love, Jesse | ||
nominearre | bêste aktrise yn in feature-film | Bridesmaids | ||
nominearre | bêste aktrise | Code of Honor | ||
nominearre | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
nominearre | artyste fan it jier | n.f.t. | ||
wûn | bêste sêne yn in feature-film (mei Kayden Kross, Riley Steele, Selena Rose, Stoya en Manuel Ferrara) | Code of Honor | ||
XRCO Award | nominearre | bêste aktrise | Code of Honor |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |