Jerry Stiller
akteur
Jerry Stiller yn 2005
Jerry Stiller yn 2005
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGerald Isaac Stiller
nasjonaliteit Amerikaansk
berne8 juny 1927
berteplakNew York (New York)
stoarn11 maaie 2020
stjerplakNew York (New York)
etnisiteit Joadsk
reg. identiteit Asjkenazysk
jierren aktyf19542020
offisjele webside
Jerry Stiller op Twitter

Jerry Stiller (folút: Gerald Isaac Stiller; New York, 8 juny 1927 – dêre, 11 maaie 2020) wie in Amerikaansk komyk en akteur, dy't it earste diel fan syn karriêre wurke as de iene helte fan it duo Stiller en Meara. De oare helte wie syn frou, Anne Meara, mei wa't er mear as sechstich jier troud wie en mei wa't er twa bern krige, ûnder wa de akteur Ben Stiller. Doe't er al op jierren begûn te reitsjen, makke Stiller in comeback dy't yn 1993 begûn mei syn weromkearende rol as Frank, de heit fan George Costanza yn 'e komeedzjesearje Seinfeld. Neitiid krige er ien fan 'e haadrollen as de eksintrike Arthur Spooner yn 'e komeedzjesearje King of Queens.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Stiller waard yn 1927 berne yn it Unity Hospital yn 'e New Yorkske borough Brooklyn, as de âldste fan fjouwer bern yn 'e húshâlding fan William Stiller (1896-1999), in bussjauffeur, en dy syn frou Bella Citron (1902-1954). Hy wie fan etnysk Joadsk komôf; syn pake en beppe oan heitekant wiene Joadske ymmigranten út Galysje (doe ûnderdiel fan Eastenryk-Hongarije, no yn 'e westlike Oekraïne), wylst syn mem sels yn Poalen berne wie.

Stiller groeide op yn 'e wiken Williamsburg en East New York, foar't syn âlden har nei wenjen setten yn 'e Lower East Side fan Manhattan, dêr't Stiller fuortset ûnderwiis folge oan 'e Seward Park High School. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne Stiller as soldaat yn it Amerikaanske Leger. Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten studearre er oan 'e Universiteit fan Syracuse yn Syracuse (New York), dêr't er yn 1950 in bachelortitel behelle yn spraak en drama. Yn 1953 kaam Stiller yn 'e kunde mei de aktrise en komediënne Anne Meara, mei wa't er yn 1954 troude.

Karriêre

Stiller makke yn 1953 syn debút as akteur yn in opfiering fan it toanielstik Coriolanus fan Shakespeare yn it Phoenix Theater op Broadway. Hy spile yn 'e 1950-er jierren yn ferskate oare foarstellings op Broadway, wêrûnder The Golden Apple ((1954), Diary of a Scoundrel (1956), The Power and the Glory (1958) en twa oare stikken fan Shakespeare: Measure for Measure en The Taming of the Shrew (beide yn 1957). Yn 1956 makke Stiller syn debút op 'e tillefyzje yn 'e searje Studio One in Hollywood, en yn 1970 wied er foar it earst op it wite doek te sjen yn 'e film Lovers and Other Strangers.

Ein jierren '50 stelde Stiller oan syn frou Anne Meara foar om komeedzje te dwaan. Se joegen har earst by it toanielselskip The Compass Players, mar giene al rillegau tegearre fierder as it komysk duo Stiller en Meara. Yn 1961 spilen se yn 'e meast foaroansteande nachtklubs yn New York, en in jier letter waarden se troch The New York Times omskreaun as "in nasjonaal fenomeen". Se hiene de hiele 1960-er jierren troch grut súkses, wêrby't se ek in soad te gast wiene yn tillefyzjeprogramma's, benammen The Ed Sullivan Show.

Yn 1970 holden Stiller en Meara op mei live optredens doe't harren gearwurking sa stroef waard dat harren houlik yn gefaar kaam. Neitiid begûnen se in nije karriêre mei it meitsjen fan reklamespotsjes foar de radio, wêrûnder in kampanje foar wyn fan it merk Blue Nun. Fan 1977 oant 1978 hiene se ek in eigen, yn syndikaasje útstjoerd radioprogramma mei sketchen fan fiif minuten, dat Take Five with Stiller and Meara hiet. Fan 1979 oant 1982 presintearren se ien kear yn 'e moanne op 'e tillefyzje HBO Sneak Previews, wêryn't se nije tillefyzjeprogramma's en films oankundigen. Yn 1986 hiene se fierders in eigen komeedzjesearje, The Stiller and Meara Show, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie.

Jerry Stiller mei Anne Meara.

Yn 1993 makke Stiller mei 66 jier in comeback yn 'e útsûnderlik populêre komeedzjesearje Seinfeld, mei in weromkearende rol as de opljeppende driftkikkert Frank Costanza, de heit fan ien fan 'e haadpersoanen, George Costanza (spile troch Jason Alexander). Hy spile dy rol yn 26 ôfleverings, oant de searje yn 1998 úteinlik stopsetten waard. Stiller krige rûnom lof taswaaid foar syn aktearjen, en waard yn 1997 nominearre foar in Emmy Award foar bêste gastrol yn in komeedzjesearje. Hy wûn der yn 1998 in American Comedy Award foar. Itselde jiers dat der in ein kaam oan Seinfeld, waard Stiller troch Kevin James frege foar in fêste rol yn syn nije komeedzjesearje King of Queens. Hy woe dat Stiller, dy't eins oan pinsjonearring tocht, de rol fan Arthur Spooner op him naam, de eksintrike skoanheit fan syn eigen personaazje Doug Heffernan. Stiller biet ta en spile tsien seizoenen lang yn King of Queens, oant de searje yn 2007 einige.

Stiller wurke ek gauris gear mei syn soan Ben, û.m. yn 'e films Zoolander, Hot Pursuit, The Heartbreak Kid en Zoolander 2. Hy hie in cameo yn 'e komeedzjefilm Anchorman: The Legend of Ron Burgundy (2004), en gastrollen yn tillefyzjesearjes as L.A. Law (1993), In the Heat of the Night (1994), The Larry Sanders Show (1998), Sex and the City (2003) en The Good Wife (2011). Fierders wurke Stiller ek as stimakteur, lykas yn The Lion King  (2004) en Planes: Fire and Rescue (2014), en fersoarge er voice-overs. Hy waard yn 2007 nominearre foar in Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn 'e film Hairspray.

Priveelibben

Stiller wie mear as sechstich jier troud mei Anne Meara, dy't er foar it earst mette yn it kantoar fan in casting director. Harren houlik duorre fan 1954 oant it ferstjerren fan Meara op 23 maaie 2015. Mei har krige Stiller twa bern: in dochter, aktrise Amy Stiller (1961) en in soan, akteur Ben Stiller (1965). Yn 2001 skreau Stiller in autobiografy mei de titel Married to Laughter: A Love Story Featuring Anne Meara. Dêrfoar waard er yn 2001 nominearre foar in Grammy Award foar it bêste lústerboek. Hy skreau yn 2005 ek it wurd foarôf fan it boek Festivus: The Holiday for the Rest of Us, fan Allen Salkin, oer de fiktive hjeldei Festivus, dy't syn personaazje Frank Costanza yn Seinfeld betocht hie. Yn 2007 ûntfongen Stiller en Meara tegearre in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame.

Ferstjerren

Jerry Stiller kaam op 11 maaie 2020 thús yn 'e Upper West Side fan Manhattan yn 'e âlderdom fan 92 jier te ferstjerren oan natuerlike deadsoarsaken.

Filmografy

Filmografy as akteur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1956Studio One in Hollywoodsersjant Joe Capriottigastrol; 1 ôfl.
1957Studio One in HollywoodHughgastrol; 1 ôfl.
1957The Big StoryTylergastrol; ôfl. The Hoax
1959Armstrong Circle Theatresoldaat Elwood Johnsongastrol; ôfl. Thunder Over Berlin
1962The Defenderssersjant Wysenskigastrol; ôfl. The Empty Chute
1962General Electric TheaterHaroldgastrol; ôfl. Acres and Pains
1964BrennerChris Zelcogastrol; ôfl. The Plain Truth
1964–1965Linus the Lionhearted ?weromkearende rol; 3 ôfl.
1966–1978The Mike Douglas Shown.f.t.as komyk; 40 ôfl.
1967–1973The Tonight Show Starring Johnny Carsonn.f.t.as komyk; 14 ôfl.
1969That's Lifehimselsgastrol; ôfl. Our First Fight
1971The Courtship of Eddie's Fatherdhr. Landongastrol; 1 ôfl.
1971Love, American StyleLeonard Fergusongastrol; 1 ôfl.
1972The Courtship of Eddie's FatherPaul Sterlinggastrol; 1 ôfl.
1972The Carol Burnett Showhimselsgastrol; ôfl. #6.8
1972–1973The Paul Lynde ShowBarney Dickersonweromkearende rol; 4 ôfl.
1973Love, American StyleHarrygastrol; 1 ôfl.
1975–1976Joe and SonsGus Duzikweromkearende rol; 14 ôfl.
1976PhyllisBurt Hillmangastrol; ôfl. Phyllis and the Jumper
1976RhodaLloyd Zimmergastrol; ôfl. A Touch of Classy
1979Time ExpressEdward Chernoffgastrol; ôfl. Garbage Man/Doctor's Wife
1979The Love BoatHarlan Weatherlygastrol; 1 ôfl.
1981The Love BoatTony Vitelligastrol; 1 ôfl.
1983The Love BoatBud Hanrahangastrol; 1 ôfl.
1980–1982Archie Bunker's PlaceCarmineweromkearende rol; 2 ôfl.
1981Madame X Burt Orlandtillefyzjefilm
1981Hart to HartMyron Finklegastrol; ôfl. Murder Takes a Bow
1981Private Benjaminsersjant Muldoongastrol; ôfl. So Long, Sergeant Ross
1982Simon & SimonHarold Traxlergastrol; ôfl. The Uncivil Servant
1982AliceGordygastrol; ôfl. Do You Take This Waitress
1983Reading RainbowDinosaur Comicgastrol; ôfl. Digging Up Dinosaurs
1983Amanda'sSalgastrol; ôfl. You Were Meant for Me
1983The Other WomanMel Binnstillefyzjefilm
1984Trapper John, M.D.Artie Merrowgastrol; ôfl. Where There's a Will
1985The EqualizerBrahmsgastrol; ôfl. Pilot
1985Tales from the DarksideLuther Mandrakegastrol; ôfl. The Devil's Advocate
1986Screen TwoMarty de Reskegastrol; ôfl. The McGuffin
1987Saturday Night LiveStutillefyzjeprogramma mei komyske sketches; ôfl. Charlton Heston/Wynton Marsalis
1988–1989TattingersSid Wilburweromkearende rol; 14 ôfl.
1989Murder, She Wroteresjersjeur Birnbaumgastrol; ôfl. When The Fat Lady Sings
1990MonstersVictorgastrol; ôfl. One Wolf's Family
1990Sweet 15Watermantillefyzjefilm
1991American PlayhouseSamgastrol; 1 ôfl.
1991Women & Men 2Irvingtillefyzjefilm
1991American PlayhouseSeymour Shapirgastrol; 1 ôfl.
1992Law & OrderMichael Tobisgastrol; 1 ôfl.
1993–1998SeinfeldFrank Costanzaweromkearende rol; 26 ôfl.
nom. Emmy Award foar treflike gastrol yn in komeedzjesearje
1993L.A. LawNat Pincusgastrol; ôfl. Rhyme and Punishment
1994In the Heat of the Nightrabbyn Feldmangastrol; ôfl. The Rabbi
1995Homicide: Life on the StreetMcGonnigalgastrol; ôfl. In Search of Crimes Past
1996Deadly GamesPhil Cullengastrol; ôfl. Dr. Kramer
1996Law & OrderSam Pokrasgastrol; 1 ôfl.
1997Subway Storiesâldmantillefyzjefilm
1998Touched by an AngelMaury Saltgastrol; ôfl. Cry and You Cry Alone
1998The Larry Sanders Showhimselsgastrol; ôfl. I Buried Sid
1998Herculesearnas stimakteur; gastrol; ôfl. Hercules and the Promethus Affair
1998–2007The King of QueensArthur Spoonerfêste rol; 195 ôfl.
2000–2002Teacher's PetPretty Boyas stimakteur; weromkearende rol; 11 ôfl.
2003Odd Job JackJim McDonaldgastrol; ôfl. A Candidacy of Dunces
2003Sex and the Citydhr. Bradygastrol; ôfl. One
2009Wonder Pets!âlde wite mûsas stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl.
2009MercyJoe Thalberggastrol; ôfl. The Last Thing I Said Was
2010Ice DreamsSkippertillefyzjefilm
2010–2011Fish Hooksrektor Stickleras stimakteur; weromkearende rol; 21 ôfl.
2011The Good Wiferjochter Felix Aftermangastrol; ôfl. Silver Bullet
2014How Murray Saved ChristmasMurray Weineras stimakteur; tillefyzjefilm
2016Zoolander: Super ModelMaury Ballsteinas stimakteur; tillefyzjefilm
films
1970Lovers and Other StrangersJimnet fermeld op ôftiteling
1974The Taking of Pelham One Two Threeresjersjeur Rico Patrone
1974Airport 1975Sam
1976The RitzCarmine Vespucci
1977Nasty HabitsP.R. Priest
1980Those Lips, Those Eyesdhr. Shoemaker
1986Seize the Daydokter Tamkin
1987Hot PursuitVictor Honeywell
1987NadineRaymond Escobar
1988HairsprayWilbur Turnblad
1989That's AdequateSid Lane
1990Little VegasSam
1992Highway to Hellplysjeman oan buro
1992FreefallEmily har heitkoarte film
1993The PicklePhil Hirsch
1995HeavyweightsHarvey Bushkin
1997Die Story von Monty Spinnerratzprofessor Plumpingham
1997Camp StoriesSchlomo
1997StagTed
1997The DeliPetey Cheesecake
1999A Fish in the BathtubSam Kaplan
1999Secret of the Andesdr. Golfisch
1999The SuburbansSpeedo Silverburg
2000The IndependentMonty Fineman
2000My 5 WivesDon Giovani
2000Chump Changekolonel
2001ZoolanderMaury Ballstein
2001On the LineNathan
2002Serving SaraMilton de plysjeman
2004Teacher's PetPretty Boyas stimakteur
2004The Lion King 1½omke Maxas stimakteur
2004Anchorman: The Legend of Ron Burgundyman yn kafeecameo; net fermeld op ôftiteling
2005R30: 30th Anniversary World Tourhimsels
2007Hairspraydhr. Pinkynom. Screen Actors Guild Award foar treflike cast yn in film
2007The Heartbreak KidDoc
2008Snakes & Arrows LiveHeidi
2011Swinging with the Finkelsdhr. Winters
2012Foodfight!generaal Xas stimakteur
2012Excuse Me for LivingMorty
2014Planes: Fire & RescueHarveyas stimakteur
2016Zoolander 2Maury Ballstein

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.