![](../I/SpoolsOfThread.jpg.webp)
Jern is in tried dy't makke wurdt troch spinnen of troch inspinproses foar filamintjern.
Jern wurdt tapast yn:
- Tekstyl wurdt makke troch jern te weevjen, te breidzjen, te haakjen of te knoopjen.
- Tou wurdt makke troch jern te twynjen, te slaan of te flechtsjen.
- Mei naaijern kinne stikken tekstyl oan elkoar naaid wurde, bygelyks om klean te meitsjen.
Jern kin makke wurde fan ferskate soarten trieden, bygelyks katoen, flaaks, wol en syntetyske trieden.
Soarten naaijern
Naaijern is der yn ferkate soarten en mjitten.
Sierjern
Dit jern wurdt brûkt foar it stikjen fan naden en sierstiksels op mear swiere stoffen, sa as spikerstof. It jern is dikker as it gewoane stikjern en wurdt allinne boppe-op de masine brûkt, ûnderyn, op de spoel, wurdt deselde kleur jern fan gewoane dikte brûkt.
Polyesterkatoenjern
Dit jern hat de sterkte fan katoen en de linigens fan polyester, dat it is yn 't generaal in ideaal jern. Omdat it jern elastysk is, is it ek gaadlik foar breidene stoffen.
Riuwtried
Riuwtried wurdt brûkt om te riuwen en is meast fyn en makke fan katoen.
Sidejern
Siden tried is djoerder as normaal jern, mar gaadlik foar hantnaaiwurk omdat it sêft is en maklik te brûken. Siden jern wurdt ek faak brûkt foar sierstiksels.