Jerboä's
De grutte Egyptyske jerboä.
De grutte Egyptyske jerboä.
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:sûchdieren (Mammalia)
skift:kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift:mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje:jerboä's (Dipodoidea)
famylje:jerboä's (Dipodidae)
Fischer von Waldheim, 1817

De jerboä's (wittenskiplike namme: Dipodidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de lyknammige boppefamylje fan 'e jerboä's (Dipodoidea). Dizze taksonomyske groep bestiet út mear as 50 ûnderskate soarten, dy't lânseigen binne yn Jeraazje en Noard-Afrika. Dêrûnder binne de fjouwer skaaien fan echte jerboä's, dat yn 'e regel woastynbewenners binne, en fierders de dêrmei nau besibbe springmûzen en bjirkemûzen, dy't foarkomme yn greidlân, wâlden en bergen. In skaaimerk dêr't alle jerboä's har mei ûnderskiede fan oare kjifdieren is dat se by steat binne om út stân wei grutte sprongen te meitsjen op 'e beide efterpoaten, sûnder dêrby mei de foarpoaten de grûn oan te reitsjen.

Famylje-opbou

  • famylje jerboä's (Dipodidae)
    • ûnderfamylje birkemûzen (Sicistinae)
    • ûnderfamylje dwerchjerboä's (Cardiocraniinae)
      • skaai Balûtsyske dwerchjerboä's (Salpingotulus): 1 soarte
      • skaai echte dwerchjerboä's (Salpingotus): 5 soarten
      • skaai fiifteansdwerchjerboä's (Cardiocranius): 1 soarte
    • ûnderfamylje fiifteannige jerboä's (Allactaginae)
      • skaai bobrinskijerboä's of Bobrinski's jerboä's (Allactodipus): 1 soarte
      • skaai fiifteannige jerboä's (Allactaga): 13 soarten
      • skaai grousturtjerboä's (Pygeretmus): 3 soarten
    • ûnderfamylje langearjerboä's (Euchoreutinae)
      • skaai langearjerboä's (Euchoreutes): 1 soarte
    • ûnderfamylje springmûzen (Zapodinae)
    • ûnderfamylje trijeteannige jerboä's (Dipodinae)
      • tûke echte trijeteannige jerboä's (Dipodini)
        • skaai Afrikaanske trijeteannige jerboä's (Jaculus): 3 soarten
        • skaai Aziatyske trije teannige jerboä's (Stylodipus): 3 soarten
        • skaai lichtensteinjerboä's of Lichtensteins jerboä's (Eremodipus): 1 soarte
        • skaai noardlike trijeteannige jerboä's (Dipus): 1 soarte
      • tûke ûnechte trijeteannige jerboä's (Paradipodini)
        • skaai ûnechte trijeteannige jerboä's (Paradipus): 1 soarte
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.