Jeraziatyske lynks | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Lynx lynx | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De lynks (wittenskiplike namme: Lynx lynx), om betizing mei de trije oare lynksesoarten foar te kommen ornaris de Jeraziatyske lynks neamd, is in sûchdier út 'e famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en it skaai fan 'e lynksen (Lynx), dat foarkomt yn grutte dielen fan noardlik Jeropa, Sibearje en Sintraal-Aazje. Yn Nederlân is er al mear as in iuw útstoarn, mar sûnt koarten wurdt er hjir út en troch wer synjalearre, mei't de populaasje yn Dútslân stadichoan dizze kant útkomt. Op guon oare plakken yn West-Jeropa wurdt de lynks mei sin yn it wyld reyntrodusearre. De Jeraziatyske lynks is de grutste fan 'e fjouwer lynksesoarten.
Fersprieding
De Jeraziatyske lynks is lânseigen yn hiele Jeropa, útsein it Ibearysk Skiereilân, dat it domein is fan 'e nau besibbe Ibearyske lynks. Lykwols komt er allinne noch mar yn Skandinaavje (Yslân en Denemark net meirekkene), de Baltyske steaten, Wyt-Ruslân en sintraal en noardlik Ruslân rûnom foar. Yn hast hiel de rest fan syn Jeropeeske areaal is er útstoarn, op lytse restpopulaasjes nei dy't har weromlutsen hawwe yn ôfhandige lânsdouwen, lykas de Karpaten en de bergen fan 'e westlike Balkan. De populaasjes lynksen dy't har it tichtst by Fryslân befine, libje yn it Dútske Harzberchtme en de Belgyske Ardinnen.
Bûten Jeropa binne der ek restpopulaasjes yn Lyts-Aazje, de Kaukasus en noardlik Iraan. In grut oaniensletten ferspriedingsgebiet beslacht it eastlike part fan Sintraal-Aazje, de Himalaya, Tibet, dielen fan Sina, Mongoalje en Noard-Koreä, en hiele Sibearje útsein it Arktyske noarden.
Uterlike skaaimerken
Fan alle kateftigen is de lynks miskien wol de meast opfallende, troch syn koarte sturtsje, syn yn ferhâlding lange skonken, de toefkes oan syn earpunten en syn oergrutte poaten, dy't fungearje as snieskuon en wêrmei't er treflik oer in sniedek rinne of drave kin. Hy is de grutste fan 'e fjouwer lynksesoarten, mei trochinoar in kop-romplingte fan 80-130 sm, in skouderhichte fan 70 sm, in sturtlingte fan 11-25 sm en in gewicht fan 8-21 (♀) of 18-30 (♂) kg. Mantsjelynksen út Sibearje, dêr't se de grutste lichemsomfang berikke, kinne oant 38 kg weagje (mei ien raportearre gefal fan 45 kg).
Simmerdeis hat de Jeraziatyske lynks in relatyf koarte, rodzige of brune pels, dy't wat feller fan kleur is wat fierder oft men yn it suden fan it ferspriedingsgebiet komt. By 't winter hat er lykwols in folle tsjûkere behierring fan sidich bûnt dat útinoar rint fan sulvergriis oant griisbrunich. De bealch en hals fan 'e lynks bliuwe it hiel jier troch wyt. De pels is eins altiten oerdutsen mei swarte stippen.
Biotoop
De Jeraziatyske lynks is in wâldbewenner dy't allinne foarkomt yn gebieten dêr't genôch beskûl is yn 'e foarm fan beamte of opgeand leechhout. Hy libbet sawol yn boskrike steppegebieten, nuddelwâlden, mingde wâlden as berchwâlden. Yn 'e mear bercheftige dielen fan syn ferspriedingsgebiet folget er by 't winter syn proaidieren omleech nei de dellingen, sadat er de djipste snie mijt.
Hâlden en dragen
Ek al jaget er wol deis as it fretten krap is, de Jeraziatyske lynks is fierhinne in nachtdier, dat ornaris pas aktyf wurdt as it begjint te skimerjen. Hy libbet in solitêr bestean yn in territoarium dat 20-450 km² beslaan kin, ôfhingjend fan it terrein. Mantsjes hawwe folle gruttere territoaria as wyfkes. De Jeraziatyske lynks kin wol 20 km de nacht ôflizze, al is 10 km wenstiger. Hy patrûljearret geregeldwei troch syn hiele territoarium en lit geurflaggen yn 'e foarm fan miich, stront of klaumerken efter om it ôf te beakenjen.
It pearseizoen rint foar de Jeraziatyske lynks fan jannewaris oant april. It wyfke wurdt yn dy snuorje yn 'e regel mar ienris maartsk, wat 4-7 dagen duorje kin, mar as om lykfol hokker reden it earste nêst jongen it net rêdt, kin in twadde maartskens foarkomme. Oars as de nau besibbe Kanadeeske lynks liket de Jeraziatyske lynks net by steat te wêzen en pas syn fuortplantingsgedrach oan op grûn fan 'e beskikberens fan proaidieren.
Drachtige wyfkes lizze op ôfskerme plakken nêsten oan, faak ûnder leechhingjende tûken of yn holtes tusken beamwoartels. De draachtiid duorret 67-74 dagen en resultearret yn 'e berte fan 1-4 jongen. De jongen, dy't yn 't earstoan blyn en helpleas binne en 240-430 g weagje, hawwe in effen griisbrune pels oant se op 'e âldens fan likernôch 11 wiken de folwoeksen kleuring krije. De eachjes geane iepen nei 10-12 dagen en de jongkatsjes begjinne fêst fretten te beplúzjen as se 6-7 wiken âld binne en foar it earst it nêst ferlitte, mar wurde pas folslein ûntwûn as se 5-6 moannen binne. De jongen bliuwe by harren mem oant se 10 moannen âld binne en de folgjende peartiid begjint. Nei 2 of 3 jier binne se geslachtsryp. Yn finzenskip binne Jeraziatyske lynksen oant 21 jier wurden.
Fretten
Jeraziatyske lynksen snippe in grut ferskaat oan proaien, wêrûnder hazzen, kninen, marmotten, iikhoarntsjes, sânsliepers, oare kjifdieren, fazanten en oare fûgels, foksen, everswinen, gimzen, elanden, reaharten, rindieren, reeën en oare evenhoevigen. Hoewol't der in grutter risiko ferbûn is oan it bejeien fan in gruttere proai, is de priis ek nammenste grutter. Dêrom jout de Jeraziatyske lynks gauris de foarkar oan grutte evenhoevigen (harteftigen en everswinen), benammen winterdeis, as lytsere proaien minder beskikber binne. De Jeraziatyske lynks is de iennichste lynksesoart wêrby't dat sa is. De metoade dy't er brûkt foar it pakken fan sokke grutte proaidieren is beslûpe en bespringe. Op dy manear kin er sels folwoeksen harteftigen mei in gewicht fan 150 kg oer.
Relaasje mei oare rôfdieren
De grutste konkurrint fan 'e Jeraziatyske lynks is de wolf. Lynksen komme minder foar yn gebieten dêr't in protte wolven omhúsmanje, en by in moeting deadzje wolven lynksen en frette harren soms sels op as se net op 'e tiid in beam yn flechtsje. In oare konkurrint is de warch, de grutste fan 'e martereftigen en besibbe oan 'e murd, de wezeling en de harmeling. Wargen kinne lynksen net deadzje, mar it binne sokke ferheftige fjochters dat it harren gauris slagget en pak in lynks syn proai ôf. Lynksen geane sadwaande wargen almeast út 'e wei, mar geane soms it gefjocht oan as se jongen op 'e noed hawwe. Yn Sibearje moatte lynksen ek goed tinke om Sibearyske tigers, want ûndersyk fan 'e mageynhâld fan dyselden hat útwiisd dat se bytiden lynksen lytsman meitsje. Op it mêd fan 'e bejaging fan proaidieren moat de lynks it opnimme tsjin wolven, wargen, foksen, oehoes, keningsearnen, en yn beheinde dielen fan syn ferspriedingsgebiet, Sibearyske tigers, loaihoarsen en snieloaihoarsen.
Status
De Jeraziatyske lynks hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Dat nimt net wei dat er yn it grutste part fan Jeropa net mear foarkomt of noch mar in sieltôgjend bestean yn ôfhandige úthoeken liedt. Sûnt de santiger jierren besiket men de lynks te reyntrodusearjen yn gaadlike gebieten dêr't er net mear foarkomt, lykas de Harz en it Beierske Wâld yn Dútslân, de Fogezen en de Pyreneeën yn Frankryk en de Alpen yn Switserlân.
Yn Nederlân is de Jeraziatyske lynks wierskynlik om 1890 hinne útstoarn, al is men dêr net alhiel wis fan. Hoewol't er op it stuit offisjeel noch altiten as útstoarn te boek stiet, hawwe der sûnt de njoggentiger jierren fan 'e tweintichste iuw in stikmannich waarnimmings west, de measten yn Súd-Limboarch, mar ek in pear yn Gelderlân.
Opsomming fan ûndersoarten
Der persize klassifikaasje fan 'e Jeraziatyske lynks is men it noch net alhiel oer iens, mar op grûn fan it meast gongbere hjoeddeiske ynsjoch kinne der 10 ûndersoarten ûnderskaat wurde:
- de Altayske lynks (Lynx lynx wardi)
- de Amoerlynks (Lynx lynx stroganovi)
- de Balkanlynks (Lynx lynx martinoi)
- de Eastsibearyske lynks (Lynx lynx wrangeli)
- de gewoane lynks (Lynx lynx lynx)
- de Karpatyske lynks (Lynx lynx carpathicus)
- de Kaukazyske lynks (Lynx lynx dinniki)
- de Middensibearyske lynks (Lynx lynx kozlovi)
- de Sardyske lynks (Lynx lynx sardiniae) †
- de Sintraalaziatyske lynks (Lynx lynx isabellinus)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|