Jenna Jameson | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Daisy Holiday, Daisy Maze, Jennasis, | |
echte namme | Jennifer Marie Massoli | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 9 april 1974 | |
berteplak | Las Vegas (Nevada) | |
etnisiteit | Italjaansk Ingelsk Ulstersk Dútsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, regisseur, produsinte | |
jierren aktyf | 1993 – 2014 | |
offisjele webside | ||
clubjenna.com |
Jenna Jameson, echte namme: Jennifer Marie Massoli (Las Vegas, 9 april 1974), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur, pornoprodusinte, mainstream-aktrise en presintatrise fan mingd Italjaansk-Ingelsk-Ulstersk-Dútsk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jennasis, Daisy Holiday en Daisy Maze.
Libben
Jonkheid
Jenna Jameson waard berne yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Har heit, Laurence Henry Massoli, wie in plysjeman by it Las Vegas Sheriff's Department, en har mem, Judith, Brooke Hunt, wie in showgirl dy't optrede yn it Tropicana Resort & Casino. Doe't Jameson twa jier wie, stoar har mem oan hûdkanker. Mei't se gjin syktekostefersekering hân hie, gie it gesin suver te sink oan 'e kosten fan har behanneling. Se ferhuzen binnen Nevada en letter nei plakken yn Arizona en Montana, ornaris tahâldend yn steancaravanparken, dy't yn 'e Feriene Steaten de taflechtsoarden fan 'e earmen binne.
Neffens har autobiografy waard Jameson yn 1990, doe't se sechstjin jier wie en doe't it gesin yn Fromberg, yn Montana, op in feeranch wenne, it slachtoffer fan in groepsferkrêfting troch fjouwer tinerjonges, doe't se nei in footballwedstryd liftsjend thús besocht te kommen. Datselde jiers waard se nochris ferkrêfte troch "Preacher", de omke fan har freon Jack (hoewol't se nea oanjefte dien hat en "Preacher" it misdriuw altiten ûntkend hat). Ynstee fan har heit of âldere broer Tony yn fertrouwen te nimmen, gie se út 'e hûs wei en loek se by Jack yn, dy't himsels ûnderhold troch tatoeaazjes te setten. Mei gauwens ferfear it pear nei Las Vegas.
Iere karriêre
Jameson besocht en folgje yn har memme fuotspoaren troch in showgirl yn Las Vegas te wurden, mar se waard ferskate kearen ôfwiisd om't se net lang genôch wie (se is 1.70 m, wylst de standertlingte foar showgirls doedestiden 1.73 m wie). By Disneyland Resort waard se al oannommen, mar har baan dêre joech se der nei in pear moanne oan fanwegen it (yn har eagen) idioate wurkskema en it lege lean.
Har freon Jack fitere har oan om wurk te sykjen as stripper, en yn 1991 sette se útein mei te strippen yn ûnderskate stripklubs yn Las Vegas, wêrby't se gebrûk makke fan in ferfalske identifikaasjebewiis, mei't se doe santjin jier en dus noch minderjierrich wie. Al rillegau fertsjinne se sa'n $ 2.000,— de jûn. Dat wie noch foar't se har middelbere skoaloplieding ôfrûne oan 'e Bonanza High School. It wie yn dyselde snuorje dat se de artystenamme "Jenna Jameson" oannaam: "Jenna" nei har eigen foarnamme Jennifer, en "Jameson" nei it whiskey-merk dat se graach dronk.
Njonken har strippen begûn se letter datselde jiers ek te wurkjen as model foar neakenblêden, lykas de Penthouse, Hustler, High Society en Chéri. Yn 't earstoan posearre hja dêrby foar de ferneamde neakenfotograaf Suze Randall, yn Los Angeles, mar nei ferrin fan tiid briek se dy gearwurking ôf, mei't se it gefoel hie dat Randall op finansjeel mêd misbrûk makke hie fan har ûnbekendheid mei de gong fan saken yn 'e neakenfotografy.
Wylst se noch op 'e middelbere skoalle siet, rekke se ferslave oan 'e drugs (se naam kokaïne, lsd en amfetaminepillen), ûnder ynfloed fan har broer Tony, dy't sels oan 'e heroïne wie. Yn 'e fjouwer jier dat se by har freon Jack ynwenne, waard har ferslaving wat langer wat slimmer, oant se te meager wie om noch as stripper of neakenmodel wurkje te kinnen. Doe't in freon har op 't langelêst op it fleantúch sette nei har heit, om ôf te kicken, weage se noch mar 35 kg; har heit koe har net werom doe't er har op it fleanfjild ôfhelle.
Pornokarriêre
Neffens Jameson sels sette se útein mei te aktearjen yn pornografyske films by wize fan wraak op har freon Jack, fanwegen syn ûntrou (hy beëinige harren relaasje yn 1994). Har earste pornografyske rol hie se yn 1993, yn in sêft-pornografyske film fan regisseur Andrew Blake, tegearre mei har freondin Nikki Tyler, dy't se kennen leard hie wylst se modellewurk die foar Suze Randall. Har debút yn in hurd pornografyske film makke se yn 1994, yn Up and Cummers 11, mei akteur Randy West. Fan har salaris fan har earste films betelle se yn july 1994 in boarstfergruttingsoperaasje. Yn 1995 tekene se in kontrakt by it label Wicked Pictures, doe noch in lytse pornografyske filmstudio, dy't sûnt mei troch har útgroeid is ta ien fan 'e grutten.
Jenna Jameson hie al hiel gau grut súkses as pornoaktrise, ek al hat se nea anale pornografy of dûbele penetraasje dwaan wollen. Likemin hat se ea ynterrasiale pornografy dien, nettsjinsteande de ûnbidige populariteit fan dat subsjenre sûnt 2000. Doe't se dêrnei frege waard yn it beruchte radioprogramma fan Howard Stern, sei sa dat it nea oan 'e oarder west hie, mei't der yn har tiid net in protte swarte akteurs yn 'e pornoyndustry wiene (in bewearing fan twifelich gehalte) en dat net ien fan harren foar itselde label wurke as sysels. Tsjin 2001 fertsjinne Jameson $ 60.000,— foar oardel dei wurk (oftewol it filmjen fan ien inkele dvd), en $ 8.000,— de jûn foar optredens yn stripklubs. Se besocht har yn dy tiid te beheinen ta fiif films yn it jier en twa wiken fan optredens de moanne.
Uteinliks soe se ûnder har karriêre yn totaal yn likernôch 165 pornofilms spylje. Teffens hat se fjouwer films sels regissearre. Dêrfoar wûn se withoefolle prizen, wêrûnder mar leafst 15 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) en 5 Hot d'Ors, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis. Boppedat waard se opnommen yn sawol de Hall of Fame fan 'e AVN as fan 'e XRCO. Yn augustus 2007 liet se har boarstymplantaten ferlytsje fan in D- nei in C-kup, en makke se bekend dat se net mear yn pornografyske films foar de kamera ferskine soe. Dat bliek net hielendal wier te wêzen, om't se ek neitiid noch (sporadysk) oant 2014 yn pornofilms spile. Dêrnjonken bleau se fral efter de skermen wurksum yn 'e pornoyndustry.
Njonken har rollen yn films makke se ek pornografy foar har eigen ynternetbedriuw ClubJenna, dat se yn 2000 mei har lettere man, pornoakteur Justin Sterling (echte namme: Jay Grdina), opsette. Foar de produksje fan films tekene se letter in gearwurkingsoerienkomst tusken ClubJenna en de studio Vivid Entertainment. Yn 2007 brocht ClubJenna $ 30 miljoen jiers op. Yn 2006 ferkocht se it bedriuw oan it Playboy-concern fan Hugh Hefner, hoewol't sy en Grdina wol oanbleaune yn bestjoerende funksjes. Sûnt 2005 is Jameson teffens foar in part eigner fan in stripklub yn Scottsdale, yn Arizona.
Yn 2004 kaam Jameson har autobiografy út, How to Make Love Like a Porn Star: A Cautionary Tale ("Hoe de Leafde te Bedriuwen as in Pornostjer: In Ferhaal mei in Warskôging"). It waard mei-skreaun troch Neil Strauss, in sjoernalist fan 'e krante The New York Times en it blêd Rolling Stone, en wie fuortendaliks in bestseller. It stie seis wiken yn 'e bestsellerlist fan The New York Times en waard yn 2005 oerset yn it Dútsk as Pornostar: Die Autobiographie, en yn 2006 yn it Spaansk as Cómo Hacer El Amor Igual Que Una Estrella Porno.
Mainstream-karriêre
Jameson stiet bekend as ien fan 'e Amerikaanske pornoaktrises dy't de measte crossovers (oerstappen) nei de mainstream-yndustry makke hat. Sasear sels, dat de AVN yn 2007 syn crossover-priis omneamde ta the Jenna Jameson Crossover Star of the Year Award. Jameson har oerstappen begûnen mei har optredens yn it radioprogramma fan Howard Stern, dêr't se mear as tritrich kear te gast wie. Ek spile se yn 1997 de rol fan Mandy, "de earste neakene frou op 'e radio", yn Stern syn semy-autobiografyske film Private Parts. Yn 1998 ferskynde Jameson ferskate kearen yn programma's fan it ECW-Amerikaansk wrakseljen, en yn 1999 presintearre se in pear ôfleverings fan 'e show Wild On!, op 'e betelstjoerder E!.
Yn july 2001 spile se in animearre ferzje fan harsels yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Family Guy, en fierders wurke se mei oan 'e produksje fan twa fideospultsjes. Sa die se yn Grand Theft Auto: Vice City de stim fan in personaazje mei de namme Candy Suxxx; dêrfoar wûn se yn 2003 in G-Phoria Glow Award (de wichtichste Amerikaanske priis foar fideospultsjes) yn 'e kategory bêste froulike stim. Fierders figurearre se yn 2001 yn 'e fideoklip fan it nûmer Without Me fan rapper Eminem.
Op 'e tillefyzje wie Jameson û.m. te sjen yn twa ôfleverings fan 'e searje Mister Sterling, op 'e stjoerder NBC, yn 2003, en yn in ôflevering fan 'e realityshow The Simple Life, mei Paris Hilton en Nicole Richie. Fierders presintearre se ferskate jierren it programma Jenna's American Sex Star, op 'e betelstjoerder Playboy TV. Nei't yn 2004 har autobiografy útkommen wie, waard se teffens ynterviewd op NBC, CNBC, Fox News en CNN. As aktrise figurearre Jameson yn 'e low budget-horrorfilm Samhain, út 2002 (dy't pas yn 2005 útbrocht waard ûnder de titel Evil Breed: The Legend of Samhain) en de horrorfilm Sin-Jin Smyth, út 2006, en hie se de haadrol yn 'e horrorkomeedzje Zombie Strippers, út 2008. Yn 2006 waard Jameson de earste pornoaktrise dy't in eigen waaksen byld krige yn it waaksenbyldemuseum fan Madame Tussaud, te Las Vegas.
Guon fan har ferskinings lieten stof opwynderje, lykas in fraachpetear dat se yn 1999 die mei it tydskrift anneks moadekatalogus A&F Quarterly, fan 'e moadekeatling Abercrombie & Fitch. Dat wie nammentlik foar Jennifer Granholm, de prokureur-generaal fan Michigan, en Corinne Wood, de fise-gûverneur fan Illinois, reden om harren út te sprekken tsjin A&F Quarterly. Nei't ek organisaasjes fan besoarge âldelju en fûnemintalistyske kristlike groepearrings har der mei bemuoiden, waard it blêd úteinlik yn 2003 opdoekt. Yn febrewaris fan datselde jier woe skuonnemerk Pony International Jameson en ferskate oare pornoaktrises ynsette yn in reklamekampanje foar sportskuon. Presintator Bill O'Reilly, fan 'e stjoerder Fox News, betitele dat as "it brûken fan kwasy-prostituees om gympys te ferkeapjen". Jameson stjoerde in e-mail nei Fox News, wêryn't se skreau: "Ik hoopje dat Bill it ferskil tusken in pornostjer en in prostituee begrypt. Ik nim oan dat er wat ûndersyk dien hat nei dat ûnderwerp, want nei't we syn fraachpetear mei my opnommen hiene, frege er my om guon fan myn fideo's. Dy sil er grif om beropsmjittige redens hawwe wollen hawwe."
Priveelibben
Oer har sekslibben hat Jameson tsjinstridige útspraken dien; se hat sawol sein dat se biseksueel is, as dat se "folslein hetero" is. Ek hat se ferteld dat har bêste relaasje ea de lesbyske relaasje wie dy't se yn 'e midden fan 'e njoggentiger jierren hie mei Nikki Tyler. Jameson hat ûnderskate relaasjes mei ferneamde manlju hân, lykas de sjongers Marilyn Manson en Tommy Lee.
Op 20 desimber 1996 troude se mei kollega-pornoakteur en -regisseur Brad Armstrong (echte namme: Rodney Hopkins). Harren houlik duorre mar tsien wiken, en einige yn in skieding fan tafel en bêd yn maart 1997 nei't Armstrong ûntdutsen hie dat Jameson in bûtenechtlike relaasje begûn wie mei in Jorge Araya Montoya, mei wa't se op in besyk oan Kosta Rika yn 'e kunde kommen wie.
Yn maart 2001 folge der in formele skieding, mar lang foar dy tiid wie Jameson al in relaasje begûn mei kollega-pornoakteur Justin Sterling (echte namme: Jay Grdina), dy't se yn 'e simmer fan 1998 kennen leard hie. Fan 1998 oant de ein fan har pornografyske karriêre yn 2007 wie dat Jameson har iennichste manlike tsjinspiler. Se ferloofden harren yn desimber 2000 en trouden op 22 juny 2003. Mei him sette Jameson har nei wenjen yn Arizona en besocht se fan 2004 ôf bern te krijen (se wie fan doel om har pornokarriêre te beëinigjen sa gau't dat slagge). Yn novimber fan dat jier, doe't se yn ferwachting rekke wie, waard by har hûdkanker fêststeld, de sykte dêr't har mem oan stoarn wie. Hoewol't se der op 'e tiid by wie en der hielendal fan genêzen is, krige se koart nei't de diagnoaze steld wie, in miskream. Neitiid slagge it har net mear om op 'e nij yn ferwachting te reitsjen, sels net mei reägearbuisbefruchting, en neffens har eigen sizzen late dat ta it útinoarfallen fan har houlik. Yn augustus 2006 giene Jameson en Sterling útinoar, wêrnei't Jameson yn desimber in formele skieding oanfrege.
Yn oktober datselde jiers krige Jameson in relaasje mei fjochtsportkampioen Tito Ortiz, mei wa't se yn 'e kunde kaam op it sosjale medium Myspace. Op 12 novimber sei Ortiz in optreden as earegast op it jubileumbal fan it Amerikaanske Korps Mariniers, yn San Diego, ôf doe't de korpslieding him tastimming wegere om Jameson mei te nimmen dêrhinne. Op 'e útrikking fan 'e AVN Awards, yn 2008, dy't sy presintearre, stelde Jameson Ortiz foar oan it publyk en makke se harren relaasje offisjeel buorkundich. Se sette har mei Ortiz nei wenjen yn Huntington Beach, yn Kalifornje. Op 16 maart 2009, op har 34ste, brocht Jameson de twilling Jesse Jameson en Journey Jette te wrâld.
Op 26 april 2010 waard Ortiz arrestearre foar húslik geweld, en Jameson waard letter fotografearre mei in ferbûne earm. Hy beskuldige har derfan dat se ferslave wie oan 'e drug oksykodon, en sy beskuldige him fan mishanneling. Letter loeken se beiden dy ferklearrings yn en fermoedsoenen se har mei-inoar. Op 25 maaie 2012 ried Jameson har Range Rover yn it Kalifornyske Westminster tsjin in lantearnepeal oan; se waard neitiid oppakt foar riden ûnder ynfloed en riden sûnder jildich rydbewiis, en feroardiele ta trije jier proeftiid, in boete fan $ 340,— en ferplichte terapy. Op 6 april 2013 waard Jameson op 'e nij oppakt, diskear yn Newport Beach, yn Kalifornje, foar mishandeling fan har assistinte Britney Markham mei in iPhone-hâlder.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
1995 | NightMoves Award | wûn | bêste nije stjer | n.f.t. |
1996 | AVN Award | wûn | bêste nije stjer | n.f.t. |
wûn | bêste aktrise (fideo) | Wicked One | ||
wûn | bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei T.T. Boy) | Blue Movie | ||
FOXE Award | wûn | video vixen ("fideokanjer") | n.f.t. | |
Hot d'Or | wûn | bêste nije Amerikaanske stjer | n.f.t. | |
wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | ||
XRCO Award | wûn | stjer fan it jier | n.f.t. | |
1997 | AVN Award | wûn | bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Rocco Siffredi) | Jenna Loves Rocco |
wûn | bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Vince Vouyer) | Conquest | ||
FOXE Award | wûn | froulike favoryt fan 'e fans | n.f.t. | |
Hot d'Or | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | n.f.t. | |
1998 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Missy) | Satyr |
FOXE Award | wûn | froulike favoryt fan 'e fans | n.f.t. | |
Hot d'Or | wûn | bêste Amerikaanske aktrise | Sexe de Feu, Cœur de Glace | |
1999 | Hot d'Or | wûn | bêste Amerikaanske film | Flashpoint |
2003 | AVN Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Autumn en Nikita Denise) | I Dream of Jenna |
G-Phoria Glow Award | wûn | bêste froulike stim (yn in fideospultsje) | Grand Theft Auto: Vice City | |
2004 | AVN Award | nominearre | bêste solosekssêne | My Plaything: Jenna Jameson 2 |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Carmen Luvana) | My Plaything: Jenna Jameson 2 | ||
wûn | bêste ynteraktive dvd | My Plaything: Jenna Jameson 2 | ||
XRCO Award | wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Carmen Luvana) | My Plaything: Jenna Jameson 2 | |
2005 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Belladonna) | Bella Loves Jenna |
nominearre | bêste orale sekssêne (mei Justin Sterling) | The Masseuse | ||
wûn | bêste aktrise | The Masseuse | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne (mei Savanna Samson) | The Masseuse | ||
wûn | bêste sekssêne mei in pearke (mei Justin Sterling) | The Masseuse | ||
XRCO Award | wûn | mainstream-pornomediafavorite (foar de autobiografy How to Make Love Like a Porn Star: A Cautionary Tale; dield 1ste plak mei Seymore Butts foar Family Business) |
n.f.t. | |
ynhuldige | XRCO Hall of Fame | n.f.t. | ||
2006 | AVN Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Tawny Roberts) | Last Girl Standing |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Krystal Steal) | Krystal Method | ||
wûn | bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Savanna Samson) | The Devil in Miss Jones | ||
wûn | bêste byrol fan in aktrise (film) | The Devil in Miss Jones | ||
wûn | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
ynhuldige | AVN Hall of Fame | n.f.t. | ||
FAME Award | wûn | meast seksy lichem | n.f.t. | |
wûn | favorite pornoaktrise | n.f.t. | ||
Xbiz Award | wûn | sakefrou fan it jier | n.f.t. | |
2007 | AVN Award | nominearre | bêste artdirector (film) | Jenna's Provocateur |
nominearre | bêste regisseur (film) | Jenna's Provocateur | ||
wûn | crossover-stjer fan it jier | n.f.t. | ||
FAME Award | wûn | favorite artyste aller tiden | n.f.t. | |
2008 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise (fideo) | Janine Loves Jenna |
nominearre | bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Janine Lindemulder en Justine Joli) | Janine Loves Jenna | ||
nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Justin Sterling) | Janine Loves Jenna | ||
nominearre | bêste groepsekssêne (fideo) (mei Belladonna, Cindy Crawford, Nikita Denise, Allura Eden, Aurora Snow en T.T. Boy) | Janine Loves Jenna | ||
2009 | AVN Award | nominearre | bêste aktrise | Burn |
nominearre | bêste lesbyske triosekssêne (mei Dee en Nicole Sheridan) | Gallery Blue |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |