| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Sana'a | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
527.970 km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2018) | 28.498.683 (rûsd) | ||||
Munt | Yemeni rial (YER) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 22 maaie | ||||
Lânkoade | YAR | ||||
Ynternet | .ye | ||||
Tillefoan | 967 |
Jemen, sûnt 1990 de Republyk Jemen, is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Sana'a en de presidint fan de republyk is sûnt 1990 Ali Abdullah Saleh. It is in oaljeprodusearend lân en ûnderdiel fan de Arabyske Liga.
Geografy
Jemen wurdt begrinzge troch:
- Saûdy-Araabje yn it noarden;
- Oman yn it easten;
- de Arabyske See yn it súdeasten;
- de Golf fan Aden yn it suden;
- de Reade See yn it westen.
Jemen bestiet foar in part út woestynlânskip, geberchten en bylâns de kust ek út leechlân.
Skiednis
Oant en mei it ein fan de Earste Wrâldkriich yn 1918 makke Noard-Jemen part út fan it Ottomaanske Ryk, dernei waard it noarden ûnôfhinklik, it suden wie sûnt 1839 in protektoraat gebiet (protektoraat Aden) fan de Britten. Yn 1967 gongen de Britten dêr fuort en waard it suden Súd-Jemen. Yn 1990 waarden Noard-Jemen en Súd-Jemen mei inoar feriene yn de Republyk Jemen.
Demografy
De befolking fan Jemen bestiet benammen út Arabieren en hat it heechste bertesifer (3%) fan de wrâld. De wichtichste godstsjinst is de Islam en der wenje in lyts oantal Joaden, Kristenen en Hindoeïsten. De taal dy't sprutsen wurdt is Arabysk.
Wichtige stêden yn Jemen
- Sana
- Sa'dah
- As-Sjalif
- Al-Hoedajdah
- Ibb
- Ta'izz
- Mocha
- Aden
- Abyan
- Al Moekalla
- Say'oen
- Sayhoet
- Nisjtoen
- Al-Ghajdah
- Habaroet