Jekaterineburch | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast (prov.) | Sverdlovsk |
Okrûg (gem.) | Jekaterineburch |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.493.600 (2022) |
Oerflak | 1.111 km² |
Befolkingstichtens | 1.343,53 ynw./km² |
Stêdekloft | 2.211.425 |
Hichte | 270 m (sintrum) |
Oar | |
Stifting | 1723 |
Tiidsône | UTC +5 |
Simmertiid | gjin simmertiid |
Koördinaten | 56° 50' N 60° 35' E |
Webside | www.ekburg.ru |
Jekaterineburch (Russysk: Екатеринбург, sekuere transliteraasje: Jekaterinburg), ek wol Jekaterinburch of Jekaterinaburch, is in stêd yn de oblast Sverdlovsk yn de Russyske Federaasje en it yndustriële en kulturele hert fan de Oeral-regio. De stêd waard stifte yn 1723 en krige stedsrjochten yn 1796. Tusken 1924 en 1991 hiet de stêd Sverdlovsk (Свердло́вск). Tsjintwurdich is Jekaterinburch de op trije nei grutste stêd fan Ruslân.
Etymology
Jekaterineburch waard ferneamd nei Katarina I fan Ruslân. Tusken 1924 en 1991 krige de stêd de namme Sverdlovsk, nei de Sovjet-politikus Jakov Sverdlov dy't yn 1919 oan de Spaanske Gryp ferstoar.
Skiednis
Jekaterineburch waard op 18 novimber 1723 stifte en ferneamd nei de frou fan Peter de Grutte, dy't nei syn dea Katarina I waard. It strategysk geunstich lizzende plak op de grins fan Europa en Aazje tsjinne as sintrum foar de mynbou. De fortifisearre stêd waard mei in modern strjitpatroan oanlein mei yn it sintrum de izerfabriken en de bestjoerlike gebouwen. Mei de iepening fan it Sibearyske Trakt (Grutte Sibearyske Postwei) waard de stêd in belangryk hannelssintrum en stadichoan waarden de izerfabriken minder belangryk. Ek waarden de belangrykste houten gebouwen ferfongen troch stiennen gebouwen.
Yn 1781 krige de Jekaterineburch de stedsstatus yn it ûnderkeninkryk Perm, dat sûnt 1796 in gûvernemint wie. Jekaterineburch waard de kaai nei Sibearje mei syn rykdom oan grûnstoffen. Yn de letter 19e iuw waard de stêd ien fan de sintra fan de revolúsjonêre bewegings yn de Oeral.
Nei de Oktoberrevolúsje waard de keizerlike famylje ferballe nei Jekaterineburch en finzen set yn it Ipatjevhûs, dêr't de famylje yn de iere moarn fan 17 july troch de bolsjewiken fermoarde waarden. Dyselde deis waarden oare leden fan de Romanov's yn Alapajevsk fermoarde. In pear dagen letter ferovere it Wite Leger de stêd en stelde dêr in tydlik regear yn, dy't op 14 july 1919 troch de komst fan it Reade Leger ôfset waard.
De stêd waard nei de revolúsje ferneamd nei de bolsjewistyske revolúsjonêr Jakov Sverdlov en krige yn 1924 de namme Sverdlovsk. Sûnt dy tiid makke de stêd in ûnbidige yndustriële groei mei. Under Jozef Stalin wie Sverdlovsk ien fan de plakken dy't troch it Sovjet-regear waard ûntwikkele as in sintrum fan swiere yndustry. Alde fabriken waarden op 'e nij boud en nije byboud, fral dy't spesjalisearre wiene yn masjinebou en metaalverwerking . Yn dy tiid fertrijefâldige it ynwennertal fan Sverdlovsk en de stêd wie ien fan de hurdst groeien plakken fan it lân. De regionale oerheden krigen in soad foech en tsjin it ein fan de jierren 1930 wiene der 140 yndustriële ûndernimmings, 25 ûndersyksynstituten en 12 ynstellings foar heger ûnderwiis yn in Sverdlovsk.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd it haadkertier fan it Militêr Distrikt Oeral. Op de basis wiene mear as 500 ferskillende militêre ienheden en formaasjes. In soad technyske steatsynstellings en hiele fabriken ferhûzen nei Sverdlovsk, fier fan de troch de oarloch troffen stêden ôf en nei de oarloch bleaune dy fabriken yn Sverdlovsk. Ek de keunstskatten fan it museum De Hermitaazje Museum waarden yn july 1941 fan Leningrad nei Sverdlovsk en bleaune dêr oant oktober 1945. Yn de jierren nei de oarloch waarden in soad nije bedriuwen iepene en útein set mei de massale bou fan wenningen. Under Nikita Chrûsjtsjov ûnstiene yn de jierren 1960 de ientoanige flatgebouwen, dy't ek no noch yn ferskillende wiken fan Jekaterineburch stean.
Yn 1977 waard it Ipatjevhûs yn opdracht fan Boris Jeltsin ôfbrutsen nei't it Politburo dêrta in resolúsje oannommen hie om tefoarren te kommen dat it hûs brûkt wurde soe as in sammelplak foar monarchisten.
Doe't yn 1991 konservatyf-kommunistyske leden fan it regear besochten de macht fan it lân oer te nimmen fan president Michail Gorbatsjov, waard Sverdlovsk troch Boaris Jeltsin oanwiist as alternative residinsje, foar it gefal as Moskou te nuodlik waard foar it Russyske regear. Nei it mislearjen fan de steatsgreep krige de stêd op 4 septimber 1991 de histoaryske namme Jekatarineburch werom. De oblast, dêr't Jekaterineburch de haadstêd fan is, hold lykwols de namme út de kommunistyske tiid.
Jerkaterineburch is tsjintwurdich ien fan de meast wichtige sintra fan it lân. Yn 2018 wie de stêd ien fan de plakken dêr't it Wrâldkampioenskip fuotbal 2018 organisearre waard. De lêste tiid hat de stêd mei de ekonomyske opgong en in eksplosive befolkingsgroei in oare skyline krige mei de bou fan de heechste wolkekliuwers fan it lân.
De stêd is de basis fan it haadkertier fan it Sintraal Militêre Distrikt fan de Russyske striidkrêften en ek de sit fan it presidium fan de regionale Oeral-ôfdieling fan de Russyske Akadeemje fan Wittenskippen.
Jekaterineburch is ferneamd fanwegen de gebouwen yn de styl fan it konstruktivisme. Ek stiet de stêd bekend as de Russyke haadstêd fan strjittekeunst.
It besjen wurdich
De stêd hat in grut tal kulturele foarsjennings lykas musea en teäters. It bekenste museum is it Museum foar Mynbou yn Midden-Oeral. It meast bekende teäter is it Koljadatéater fan Nikolai Koljada, ien fan Ruslân's ferneamste tonielskriuwers.
In soad monumintale tsjerken binne yn de Sovjettiid ferneatige. De iennige tsjerke dy't iepen bleau wie de Jehannes de Dopertsjerke. Tsjintwurdich binne en wurde in soad tsjerken restaurearre of rekonstruearre. It besjen wurdich binne û.o. de Bloedtsjerke, it plak dêr't de keninklike famylje fermoarde waard yn it Ipatjevhûs. Oare bekende otterdokse gebouwen binne de Trije-ienheidskatedraal, de Aleksander Nevskikatedraal, de Grutte Zlatoust en de Himelfearttsjerke.
Op it plak fan de yn 1930 ôfbrutsen Epifantykatedraal stiet oan de Plosjtsjad 1905 Goda it Hûs fan de Dûma.
Befolkingsûntwikkeling fan Jekaterineburch
|
|
|
Ofbylden
Alde stasjon Ikoan fan de Mem Godstsjerke Jeltsin-Sintrum Haadgebou Federale Oeraluniversiteit Sevastjanov's hûs
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Yekaterinburg
|