De Jehova's Tsjûgen is in godstsjinstige groepearring dy 't sûnt 1879 de ein fan de wrâld ferwachtet.

De namme waard yn 1931 oannomd. De blêden dêr't mei kolporteard wurdt hjitte De Wachttoer en Ontwaakt. Tatreding giet middels it ûnderdompeljen. Jehova's tsjûgen komme in pear kear wyks by elkoar foar bibel- en Wachttoerstúdzje. Fierders is der in soad evangelisaasje.

Yn Fryslân wienen yn 1974 13 gemeentes: 2 yn Ljouwert, 2 op It Hearrenfean en fierders yn Drachten, Haulerwyk, Bakkefean, Dokkum, Harns, Boalsert, Snits, De Lemmer, De Gerdyk en Surhústerfean (gebou yn De Harkema-De Pein). It oantal doopten wie yn 1960 678 en yn 1974 sa'n 1330.

'It nije milennium — Wat hâldt de takomst foar jo yn?' (2000), 'Kinne de deaden opnij libje?' (2013), 'Wa hat de macht oer de wrâld?' (2013), 'Wat tinke jo fan de Bibel?' (2013), 'Komt der oait in ein oan it lijen?' (2013), 'Hoe sjogge jo de takomst?' (2013), 'Wat makket in gesin gelokkich?' (2013), 'Wêr kinne wy antwurden fine op de libbensfragen?' (2014) 'De Bibel ûndersykje – Wêrom?' (2014), 'Wat is it Keninkryk fan God?' (2014), 'Myn earste Bibelleskes' (2016), 'God hat goed nijs foar ús!' (2016), 'Lústerje nei God' (2016), 'Lústerje nei God en libje foar altyd' (2016) is de iennige publikaasje dy't it Wachttoergenoatskip yn it Frysk útjûn hat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.