Jehannestsjerke

Johanneskerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Peize
adresTsjerkepaad 1
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier13e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer32140 (tsjerke) [1]
offisjele webside
Side Tsjerke fan Peize

De Jehannestsjerke is de oekumenyske doarpstsjerke yn it Drintske doarp Peize.

Skiednis

It âldste diel fan de tsjerke is it skip. Fanwegen de mjitten fan de kleastermoppen wurdt dat diel út it midden fan de 13e iuw rûsd. De op in fûnemint fan fjildstiennen boude tsjerke waard oan Jehannes de Doper wijd en wie oant de reformaasje yn 1600 roomsk. Dêrnei waard de tsjerke in herfoarme gebou en sûnt 1970 is de tsjerke oekumenysk.

De swiere toer fan de tsjerke waard yn 1624 ôfbrutsen en yn 1803 ferfongen troch de hjoeddeiske. Wylst de tsjerke eigendom is fan de tsjerklike gemeente, is de gemeente Noardenfjild eigner fan toer. Yn de toer hinget in klok út 1835, getten troch Van Bergen en Soan út Midwolda.

By de restauraasje fan de jierren 1960 waarden de triomfbôge tusken it skip en it koer en in tal lytse finsters rekonstruëarre.

Ynrjochting

Oargel

De tsjerke hat ien fan de geefste romaanske doopfonten fan Drinte. It sânstiennen doopfont wurdt droegen troch fjouwer liuwen en stamt út de 12e iuw. It doopbekken is 17e iuwsk. De preekstoel waard yn 1751 boud. Foar de preekstoel oer stiet in ienfâldige hearebank.

Oargels

Yn de tsjerke is in monumintaal oargel oanwêzich, dêr't de ferneamste oargelbouwers oan wurke ha. It is it âldste oargel fan Drinte en it ienmanulage ynstrumint waard yn 1631 boud troch Anthonie Verbeeck foar de Pepergasthûstsjerke fan Grins. Arp Schnitger ferboude it oargel yn 1696 en joech it in frij pedaal. Albertus Antoni Hinsz foege it rêchwurk ta. Yn 1862 ferhûze Petrus van Oeckelen it oargel nei Peize. De oargelkas datearret fan 1785.

Om it sanitêr te modernisearjen moast it oargel yn 2020 mei balkon en al sa'n 70 sintimeter fierder de tsjerke yn ferset wurde.[2]

Yn it koer stiet in lyts posityf dat yn 1982 boud waard troch Fama & Raadgever.

Keppeling om utens

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.