Jehannes (of yn 'e Nederlânske foarm Johannes) is in manlike foarnamme fan Hebriuwske oarsprong.
De namme ferwiist nei ien fan de bibelske persoanen mei dy namme:
- Jehannes, learling fan Jezus Kristus, en letter apostel en neffens de tradysje ek evangelist.
- Jehannes de Doper, foargonger en mooglik learmaster fan Jezus.
De namme komt út it Latyn, ôflaat fan it Grykske " Ἰωάννης", Iōannēs, wat wer komt fan it Hebriuwske "יוחנן", Yôḥānān, fan "Yô", foar Yahweh, en "ḥānān", bermhertich wêze. Dat, de betsjutting wurdt almeast sjoen as eat as: "God is bermhertich".
Lju mei de namme "Jehannes"/"Johannes"
- Keizer Jehannes.
- Paus Jehannes Paulus II.
- Teolooch Johannes Bogerman.
- Keatser Johannes Brandsma.
- Pater Johannes Brugman.
- Herfoarmer Jehannes Kalvyn.
- Taalsosjolooch Jehannes Ytsma.
- Fersetsman Johannes Post.
- Mystikus en mûnts Jehannes Tauler.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.