Jasser Arafat
ياسر عرفات
politikus
Arafat by de Nobel-fredepriisútrikking yn Oslo yn 1994
Arafat by de Nobel-fredepriisútrikking yn Oslo yn 1994
nasjonaliteit Palestina
bertedatum24 augustus 1929
berteplakKairo, Egypte
stjerdatum11 novimber 2004
stjerplakClamart, Frankryk
etnisiteit Palestina
partijFatah
prizenNobelpriis foar de Frede
Presidint fan de Palestynske Autoriteit
regearpremier Machmûd Abbbas
amtsperioade5 july 1994 - 11 novimber 2004
foargongergjint
opfolgerRawhi Fattûh (ynterim)
Foarsitter fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje
amtsperioade4 febrewaris 1969 - 29 oktober 2004
foargongerYahya Hammuda
opfolgerMachmûd Abbas
Jasser Arafat (2002)

Jasser Arafat (Arabysk: ياسر عرفات Yāsir `Arafāt) (Kaïro, 24 augustus 1929 – Clamart (Frankryk), 11 novimber 2004), folle namme Mohammed Abdel Rahman Abdel Raouf Arafat al-Qudwa al-Husseini (Arabysk: محمد ياسر عبد الرحمن عبد الرؤوف عرفات القدوة الحسيني, Muḥammad Yāsir ʿAbd al-Raḥmān ʻAbd al-Raʼūf ʿArafāt al-Qudwa al-Ḥusaynī) wie in Palestynsk strider en politikus, en tegearre mei Yitzchak Rabin en Shimon Peres yn 1994 winner fan de Nobelpriis foar de Frede. Hy wie oant-en-mei syn dea presidint fan de Palestynske Autoriteit en foaroanman fan sawol it Front foar de Befrijing fan Palestina (PLO) as de foarnaamste fraksje Al Fatah. Ideologysk wie er in Arabyske nasjonalist en sosjalist. Troch oanslaggen dêr't boargers as slachtoffers by deade waarden (û.o. by de Olympyske Spullen yn München fan 1972), wurdt er as in terrorist beskôge.

Namme

Arafat syn folle namme wie Mohammed Abdel Rahman Abdel Raouf Arafat al-Qudwa al-Husseini. Mohammed Abdel Rahman wie syn foarnamme, Abdel Raouf wie syn heit syn namme en Arafat wie syn pake syn namme. Al-Qudwa wie de namme fan syn stamme en al-Husseini wie de namme fan de clan dêr't de al-Qudwas by hearden. De clan al-Husseini hie syn basis yn Gaza en is net besibbe oan de ferneamde clan fan al-Husayni út Jeruzalim.

Yn Egypte wurdt ornaris yn de namme bygelyks Mohammed of Ahmed net brûkt, lykas Anwar Sadat en Hosni Mûbarak dat ek diene. Om't Arafat yn Kairo tein wie, liet er Abdel Rahman en Abdel Raouf ek falle en naam yn de 1950-er jierren de namme Jasser oan. Yn de iere jierren fan syn guerilla-karriêre brûkte er de bynamme Abu Ammar. Beide nammen binne besibbe oan Ammar ibn Yasir, ien fan Mohammed syn earste selskipsmannen. Alhoewol't er syn nammen falle liet, hold er de namme Arafat, om't dy yn de islam in betsjutting hat.

Libbensrin

Jonkheid en oplieding

Arafat waard berne yn Kairo yn Egypte as ien nei jongste fan sân bern. Hy en syn jongere broer Fathi wiene de iennichsten fan de bern dy't yn Kairo berne waarden. Syn heit, Abdel Raouf al-Qudwa al-Husseini, wie in Palestyn fan Gaza-stêd. Arafat syn beppe oan heitekant wie in Egyptyske. Syn heit ferfear nei Egypte om't er dêr lân dy't de famylje yn besit hie, as erfgenamt bemachtigje woe. It slagge him lykwols net. Hy wurke as tekstylhanneler yn it Sakani-distrikt yn Kairo. Arafat syn mem, Zahwa Abul Saud, kaam fan Jeruzalim. Hja ferstoar yn 1933 oan nierproblemen doe't Arafat fjouwer jier âld wie. Syn heit koe it net beneikomme om syn bern allinnich grut te bringen en stjoerde se nei Arafat syn omke oan memmekant yn Jeruzalim. Yn 1937 hjitte syn heit de bern werom om se troch harren âldere suster Iman fersoargje te litten. Yn 1944 gie er nei de Universiteit fan Kening Fuad I dêr't er yn 1950 fan slagge. Hy moete dêre Joaden en begûn mei harren diskusjes oan te gean. Hy woe de Joadske mentaliteit leare. Hy lies publikaasjes fan Theodor Herzl en oare promininte Sionisten. Hy gie sels nei de Joadske wyk yn Kairo en wenje religieuze tsjinsten by. Doe't syn heit dat útfûn, waard er poerrazend en sloech er Arafat swier. Arafat syn relaasje mei syn heit begûn dêrnei tige min te wurden, dat er sels net, nei't syn heit ferstoar yn 1952, op syn begraffenis kaam. Underwilens yn syn stúdzjetiid waard er yn 1946 in Arabyske nasjonalist en begûn er sels mei te helpen wapens te smokkeljen nei it Britske Mandaatgebiet Palestina. Yn de Arabysk-Israelyske Kriich fan 1948 gie Arafat mei oare Arabieren fan de univeriteit ôf en focht er mei de moslimbruorskip yn Gaza om de Arabieren yn Palestina te stypjen. Yn 1949 rekke de kriich yn it foardiel fan Israel en gie er werom nei Kairo. Hy gie werom nei de universiteit en studearje dêre sivile boukunde en tsjinne fan 1952 oant 1956 as foarsitter fan de Palestynske studinteklup.

Fatah

Doe't de Suez-krisis útbruts waard er oproppen mei it Egyptyske leger te fjochtsjen. Hy die lykwols nea oan de fjochterijen mei. Egyptyske presidint Gamal Abdel Nasser joech de yntervinsjemacht fan de Feriene Naasjes tastimming harren op it Sinaï-skiereilân en de Gazastripe op te hâlden. Dêrfoar moasten alle guerilla- en fedajin-krêften wike, mei Arafat ynbegrepen. Arafat besocht dêrnei in fisum nei Kanada en letter nei Saûdy-Araabje te bemachtigjen, mar slagge beide net. Yn 1957 frege er foar in fisum nei Kûweit, doe in Britsk protektoraat, dêr't er al tastimming foar krige omreden syn wurk yn de sivile boukunde. Dêr moete er syn twa Palestynske freonen: Salah Khalaf ("Abu Iyad') en Khalil al-Wazir ("Abu Jihad'), dy't beide ek lid fan de Egyptyske moslimbruorskip wiene. Arafat learde Abu Iyad op de universiteit kennen en Abu Jihad yn Gaza. Hja soene letter Arafat syn wichtichste assistinten wurde. Arafat moete dêr oare Palestynske flechtlingen, guon dy't er al koe fan de universiteit fan Kairo, en ûntwikkele freonskippen mei harren. Yn 1959 rjochte er mei syn freonen in groep op dy't bekend waard as Fatah. FaTaH is in omkearde ôfkoarting fan de Arabyske namme Harakat al-Tahrir al-Watani al-Filastini, itjinge "de Palestynske Nasjonale Befrijingsbeweging" betsjut. "Fatah" is in wurd dat by de islamityske ekspânsje yn de achtste iuw brûkt waard en betsjut "oerwinning". Fatah hold him dwaande mei de befrijing fan Palestina en, ta tsjinstelling fan oare Palestynske befrijingsorganisaasjes, besochten net gear te wurkjen mei of ek mar donaasjes te freegjen fan oare Arabyske regearings yn dy tiid omreden net ôfhinklik fan harren te wurden. Hy frege help fan oare, benammen rike Palestinen yn Kûweit en oare Arabyske Golfsteaten, lykas Katar dêr't er yn 1961 Machmûd Abbas moete. Ek yn Syrje en Lybje socht er help fan oare Palestinen.

Yn 1962 ferfearen Arafat en syn maten nei Syrje om út dat lân wei Israel te ynfiltrearjen. Fatah hie doe noch amper bewpane striders en Arafat bea leden fan it Palestynske Befrijingsleger, de milysje-earm fan de Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO), dy't yn 1964 troch de Arabyske Liga oprjochte waard, in heger salaris oan. Dêrtroch ûntstie der in skeel tusken de Palestynske organisaasjes dy't der ta late dat Palestynsk-Syryske legerofsier Yusef Urabi dêr by om it libben kaam. De Syryske minister fan definsje, Havez al-Assad, in goede freon fan Urabi, liet Arafat arrestearje. Arafat waard troch in sjuery fan trije manlju ta dea feroardield mar waard troch presidint Salah Jadid gau dêrnei frijlitten. Dat foarfal hie gefolgen foar de relaasje tusken Arafat en Assad, dy't letter presidint fan Syrje wurde soe.

Lieder fan de Palestinen

Arafat by in parsekonferinsje yn Jordaanje yn 1970

De Palestynske Befrijingsorganisaasje (PLO) waard yn 1964 troch de Egyptyske presidint Nasser op de top fan de Arabyske Liga oprjochte, mei as doel Palestina te befrijen. De PLO bestie ynearsten út benammen net-Palestynske Arabieren. Fierders wiene der noch in soad oare Palestynske splintergroepen dy't troch ferskate Arabyske oerheden stipe waarden. Fatah hold himsels ta yn Jordaanje, dêr't harren milysjegroepen oanfallen op Israel ûndernamen. Nasser wie ek út op in konfrontaasje mei Israel, dat sadwaande bruts de Seisdagekriich yn 1967 tusken Israel en syn Arabyske buorlannen út. De Arabieren lutsen oan it koartste ein en Israel besette it Westjordaanlân fan Jordaanje, de Golanhichte fan Syrje, de Gazastripe en it Sinaï-skiereilân fan Egypte. Dêrnei brokkele de stipe fan dy Arabyske lannen oan de ferskate Palestynske organisaasjes ôf. Fatah koe hinmsels oerein hâlde en in soad Palestinen en oare Arabieren fan de oare organisaasjes sletten harren by Fatah en syn milysjes oan. Arafat waard yn 1967 lid fan de PLO en Fatah kaam mei 33 fan de 105 sitten yn it útfierend kommitee fan de PLO. Fatah bleau oanfallen op Israel út Jordaanje wei organisearjen. Israel foel as andert dêrop de Palestynske kampen by Karameh oan en doe bruts de Slach by Karameh op 21 maart 1968 út. De Palestinen waarden stipe troch it Jordaanske leger. Beide kanten ferklearren de oerwinning, dochs de ferliezen fan Israelyske kant wiene lykwols grut. Nei dy slach die bliken dat Arafat in tsjinstanner fan formaat tsjin Israel wie. Yn 1969 waard er de foarsitter fan de PLO.

Konfrontaasje mei Jordaanje

Egyptyske presidint Gamel Abdel Nasser besiket te bemiddeljen tusken Arafat en de Jordaanske kening Hûssein by de Swarte Septimber-konflikten

Oan de ein fan de 1960-er jierren rûnen de spanningen op tusken de Palestinen en it Jordaanske regear. Swier bewapene Palestynske eleminten foarmen suver in "steat yn in steat" yn Jordaanje, dêr't se de kontrôle oer ferskate strategyske posysjes hiene. Fatah en oare Palestynske milysjes namen nei de Slach by Karameh kontrôle oer it boargerlik libben yn parten fan Jordaanje, lykas it opsetten fan dykfersperrings, de plysje delbêdzje en yllegale belestings heffe. Arafat bemuoide him der net mei en liet it mar gewurde. Dat noaske kening Hûssein fan Jordaanje net. Hy besocht yn septimber 1970 de milysjes te ûntwapenjen en dêr ûntstie in striid tusken harren en it Jordaanske leger, dat suver in wiere kriich waard. Arafat woe doe it regear fan kening Hûssein omsmite. Dat barren kaam bekend te stean as Swarte Septimber. Egyptyske presidint Nasser besocht te bemiddeljen en noege Arafat en Hûssein út. Nasser kaam in pear oeren nei de petearen hommels oan in hertoanfal te ferstjerren. De ûnderhannelings mislearren en de strideraasjes giene fierder. Kening Hûssein koe de Palestinen yn 1971 út Jordaanje fuortjeie. Se besochten earst nei Syrje te flechtsjen, mar Syrje wegere harren ta te litten, omreden de minne ferhâlding tusken Havez al-Assad, dy't ûnderwilens presidint wurden wie, en Arafat. Arafat en de PLO setten harren nije haadketier op yn de Libaneeske haadstêd Beirût.

Terrorisme

Arafat foar de Brandenburger Tor by in besite oan East-Dútslân yn 1971

Milysjes fan de PLO, it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP) kaapten op 15 septimber 1970 fjouwer fleantugen, dêr't se trije fan lânje lieten op Dawson's Field 50 km eastlik fan Amman. Nei't de gizelers út de fleantugen helle waarden, waarden de fleantugen opblaasd. De PFLP die yn dy snuorje ek in oanslach op de lofthaven fan Atene.

Yn 1972 fierde de milysjegroep fan Fatah, de Swarte Septimber yn 'e mande mei it Japanske Reade Leger in oanslach út op Lofthaven Ben Gurion yn Tel Aviv. Dyselde tiid kaapte PFLP Sabena fljocht 572 nei Wenen en twong er te lânjen op Lofthaven Ben Gurion. Op de Olympyske Simmerspullen 1972 yn München gizele en fermoarde Swarte Septimber op 5 septimber 11 Israelyske atleten. Op 1 maart 1973 waard de Saûdyske ambassade yn de Sûdaneeske haadstêd Kartûm troch Swarte Septimber oanfallen en 10 diplomaten waarden gizele.

Arafat waard troch Israel en de Feriene Steaten der fan fertocht efter de oanslaggen te sitten of alteast der fan ôf te witten, itjinge hy ûntkende. Alle terreuroanslaggen waarden wrâldwiid feroardiele. Ek ferskate Arabyske regearings trúnden Arafat oan de oanslaggen te feroardieljen. Arafat liet Swarte Septimber yn 1974 ûntbine en hjitte de PLO mei alle terreurhannelings bûten Israel en de besette Palestynske gebieten op te hâlden. Leden fan Swarte Septimber en de PFLP brutsen fan Fatah en de PLO en foarmen harren eigen organisaasje Ofwizend Front.

Yn Libanon

Arafat yn in moeting mei de Iraanske premier Mehdi Bazargan, in pear dagen nei de Iraanske revolúsje
Arafat yn in Libaneeske flechtlingekamp yn 1978

Om't it Libaneeske regear swak wie koe de PLO suver as in ûnôfhinklike steat operearje. De bewapene, benammen loftse, milysjes fan de PLO fierden harren oanfallen op Israel oan allyk militêre as boargerlike doelen yn en bûten Israel. Nei't Arafat de terreuroanslaggen delbêde, waard Arafat troch benammen de Feriene Steaten, sjoen as in gaadlik pertearspartner en diplomaat. Op de top fan de Arabyske Liga yn Rabat waard de PLO as iennige "fertsjintwurdiger fan it Palestynske folk ferklearre" en waard it in folweardich lid fan de Liga. Arafat kaam ek te praten by de Feriene Naasjes, dêr't er yn in taspraak sei: "Hjoed stean ik foar jimme mei in pistoal fan in frijheidstrider yn ien hân en in olivetakke yn 'e oare hân. Lit my beleaven net de olivetakke út 'e hân falle."

De milysjes fan de PLO en Fatah fierden yn de 1970-er jierren allegeduerigen oanslaggen út op Israel út Libanon wei. Op 6 juny 1982 foel Israel Libanon yn en beskeat Beirût. Troch bemiddeljen fan Saûdyske en Kûweitske diplomaten koe Arafat de besjittings ûntsnappe. De Feriene Steaten en ferskate Westjeropeeske lannen bemiddelen om Arafat en de PLO in feilige passaazje út Libanon wei nei Tunis te garandearjen.

Yn Tuneezje

Arafat sette syn haadketier op yn Tunis. De PLO krige doe finansjele help fan Lybje, Saûdy Araabje en Irak. Yn 1985 waard syn haadketier troch Israelyske F-15's bombardearre. 73 minsken kamen dêrby om it libben. Arafat sels wie dêr op dat stuit net oanwêzich. Arafat sette dêrnei tydlik in kantoar op yn Bagdad.

Yn 1987 bruts de Earste Intifada út, in rebûlje fan Palestinen yn de Palestynske kriten tsjin de Israelyske besetting. Taktiken dy't dêrby brûkt waarden, wiene it smiten fan stiennen en molotovcocktails en bannen yn 'e brân stekke. Op 15 novimber 1988 ropte Arafat de ûnôfhinklikens fan de steat Palestina út. Nettsjinsteande dat er troch it Westen fan terrorisme beskuldige waard, spruts Arafat him yn taspraken op 13 en 14 desimber út tsjin eltse foarm fan terrorisme en akseptearre er Resolúsje 242 fan de Feriene Naasjes "it rjocht fan it bestean fan Israel yn frede en feiligens" en de twasteate-oplossing mei de grinzen dy't oerienkommen waarden by de wapenskoft fan 1949. Dat klonk as goud yn de earen fan it Amerikaanske regear, dy't soks as betingst hiene as in begjinpunt foar petearen. Op 2 april 1989 waard Arafat troch de sintrale ried fan de regearjende fraksje fan de PLO as presidint fan de útroppen steat Palestina stimd. Guon Palestinen wiene dêr net tefreden mei en yn de iere 1990-er jierren, doe't de Earste Intifada op 'e ein rûn waarden nije Palestynske milysjes foarme lykas Hamas en de Palestynske Islamityske Jihad dy't nije taktiken brûkten: selsmoardoanslaggen.

Arafat keas de kant fan Saddam Hûssein yn de earste Golfoarloch (1990-1991). Net eltsenien yn de PLO wie dêr bliid mei, lykas syn maat Abu Iyad dy't fan betinken wie dat de PLO neutraal wêze moast. Ek de Arabyske Golfsteaten en oare Arabyske lannen, benammen Egypte, wiene der net bliid mei. Guon holden op mei harren finansjele stipe oan de PLO en begûnen oare organisaasjes lykas Hamas finansjeel te stypjen.

Op 7 april 1992 moast in fleantúch fan Air Bissau, dêr't er mei yn reizge, in needlâning meitsje yn de Lybyske Woastyn, om dy't yn in sânstoarm bedarre wie. Arafat kaam mei in pear skrammen mei de skrik frij, mar twa piloaten en in yngenieur kamen dêrby om it libben.

Fredespetearen

Arafat mei Bill Clinton en Yitzchak Rabin by de Oslo-akkoarten
Arafat, Shimon Peres en Yitzchak Rabin ûntfange de Nobelpriis foar de Frede yn 1994

Yn de iere 1990-er jierren holden Arafat en oare topfunksjonarissen fan Fatah temûke petearen en ûnderhannelings mei it Israelyske regear, itjinge ta de Oslo-akkoarten yn 1993 late. De akkoarten joegen de Palestinen selsbestjoer yn parten fan it Westjordaanlân en de Gazastripe oer in tiidrek fan fiif jier. Ek de Israelyske delsettings moasten hoholden wurde en stadichoan ûntromme wurde. Ek moast der in Palestynske plysje komme, dy't foarme wurde soe troch Palestinen yn it yn - en bûtenlân. De autoriteit oer bygelyks ûnderrjocht, kultuer, sosjale tsjinsten, belestings en toerisme soe ûnder it Palestynsk bestjoer komme te fallen, wylst in kommitee fan beide kanten foarme wurde soe, dy't de autoriteit krije soe oer bygelyks nutsbedriuwen, yndustry, hannel en kommunikaasje.

Justjes foar it tekenjen fan de akkoarten, ûndertekene Arafat, as foarsitter fan de PLO, twa brieven dy't alle foarmen fan geweld ôfwiisde en Israel offisjeel erkende. Yn andert dêrop erkende de Israelyske premier Yitzchak Rabin offisjeel de PLO. It folgjend jier krigen Arafat en Rabin, mank mei Shimon Peres, de Nobelpriis foar de Frede. De reaksje fan de Palestinen wie mingd. It Ofwizend Front fan de PLO gie in alliânsje oan mei islamisten en foarmje in opposysje tsjin de akkoarten. Ek Palestynske flechtlingen yn Libanon, Syrje en Jordaanje, allyk in soad Palestynske yntellektuelen en pleatslike lieders yn de Palestynske kriten wiisden de akkoarten ôf, wylst de Palestynske ynwenners fan de Palestynske kriten yn it algemien de akkoarten oannamen allyk Arafat syn tasizzing foar frede en ekonomysk wolwêzen.

Yn Palestina

Yn 1994 waard de Palestynske Autoriteit (PA) oprjochte dy't it bestjoer yn it Westjordaanlân en de Gazastripe ynstelde. Arafat hie lykwols finansjele middels nedich, nei't de Arabyske Golfsteaten, dy't de grutste finansjele stipers wiene, harren finansjele stipe oan de PLO ynlutsen hiene as in reaksje fan lulkens omreden Arafat syn stipe oan Saddam Hûssein. Ahmed Qurei, in ûnderhanneler foar Fatah, sei by de akkoarten dat de PLO fallyt wie.

Yn 1994 sette Arafat him ta wenjen yn Gaza-stêd, dy't ûnder it bestjoer fan de PA kaam. Arafat waard de presidint en de premier fan de PA, de kommandant fan it Palestynsk Befrijingsleger (PLA) en de foarsitter fan de Palestynske Wetjouwende Ried (PLC). Yn july, nei't de PA as offisjeel regear fan de Palestinen ferklearre waard, waard de Palestynske grûnwet oannommen. Arafat stelde in kabinet fan 20 leden gear en ferfong en beneamde boargemasters en gemeenterieden yn grutte stêden lykas Gaza en Nablus. Hy organisearre de departeminten fan ûnderrjocht, sûnenssoarch en sosjale saken fannijs en stelde oan him trouwe direkteuren oan. Op 13 maaie 1994 waard de Palestynske plysje offisjeel yn wurking steld dy't almeast út soldaten fan it PLA en Palestynske frijwilligers om utens bestie. Yn 1995 krige de PA ek de kontrôle oer de posttsjinsten yn it Westjordaanlân.

Yn novimber en desimber 1995 besocht Arafat ferskate "befrijde stêden" dêr't it Israelyske leger him út weromlutsen hie lykas Jenin, Ramallah, Al-Bireh, Nablus, Qalqilyah en Tulkarm.

Yn mid 1996 waard Benjamin Netanyahu as premier fan Israel keazen. Hy wie tsjin de twasteate-oplossing en it opjaan fan de Israelyske delsettings, nettsjinsteande de Oslo-akkoarten. Dat late ta in neigean yn it fredesproses.

Arafat mei Bill Clinton en Ehud Barak op Camp David yn july 2000

Doe't de loftse Ehud Barak yn 2000 premier waard, sette Arafat fannijs útein mei fredespetearen op Camp David yn july dat jiers. Ek op oantrunen fan de Amerikaanske presidint Bill Clinton bea Barak de Palestynske steat 73% fan it Westjordaanlân en de gânse Gazastripe. Oer in tiidrek fan 10 oant 25 jier soene de Palestinen 90% fan it bestjoer yn hannen krije. Ek soe in lyts nustje flechtlingen tastien wurde werom te kommen. De Palestinen mochten de "fâdij" oer de Timpelberch hawwe, allyk oer alle islamityske en kristlike hillichdommen en trije fan de fjouwer histoaryske wiken fan de Jeruzalimske Alde Stêd. Arafat wiisde dy oanbieding ôf en sei tsjin Bill Clinton dat "de Arabyske lieder dy't Jeruzalim opjaan sil, noch berne wurde moat".

Underhannelings rûnen op neat út en de ûntefredenens oan wjerskanten waard grutter. De Twadde Intifada bruts yn septimber 2000 út en Ehud Barak luts him werom út de ûnderhannelings yn jannewaris fan 2001. Doe't Ariel Sharon yn febrewaris 2001 premier waard, krige it fredesproses in grutte delklap. Yn oktober en desimber 2001 waarden der ferskate selsmoardoanslaggen dien troch Palestynske milysjegroepen en de reaksjes dêrop fan de Israelyske Ferdigeningskrêften (IDF) waarden hieltyd fûler. Arafat soe mooglik sels opdracht jûn hawwe foar terroristyske oanslaggen. De Palestynske ferkiezings dy't yn jannewaris 2002 pland waarden, waarden útsteld omreden de beheinde bewegingsfrijheid fan de Palestinen troch de Twadde Intifada en de ynfallen fan de IDF. Deselde moanne hjitte Sharon dat Arafat yn syn Mukataa-haadkertier ynsletten wurde moast, nei in oanfal op de Israelyske stêd Hadera. De Amerikaanske presidint George W. Bush stipe it beslút fan Sharon en sei dat "Arafat in behindering foar de frede is". Ek waard úteinset mei it bouwen fan de Israelyske barriêre yn it Westjordaanlân, in barriêre foar in grut part bylâns de Griene Line en ek foar grutte parten yn it Westjordaanlân dy't de Israelyske delsettings by Israel beluts en sa't de bewegingsfrijheid fan de Palestinen noch mear beheinde.

Op 2 maaie 2002 mocht Arafat it haadketier ferlitte nei in searje lange ûnderhannelings en as betingst dat er seis PFLP-militanten, dy't mei him fêst yn it haadketier ynsletten sieten en troch Israel socht waarden, oerjaan soe yn Jericho oan ynternasjonaal fâdij. Doe't dy seis oerjûn waarden en Arafat tasei dat alle oanfallen op Israel ophâlde soene, waard Arafat frijlitten. Op 8 maaie die er dy oprop. Op 19 septimber ferneatige de IDF foar it grutste part it haadketier om Arafat fierder te isolearjen. Yn maart 2003 stapte Arafat op as premier yn it foardiel fan Machmûd Abbas ûnder druk fan de Feriene Steaten.

Op 11 septimber 2003 besleat it Israelyske kabinet dat "Israel hannelje sil dit obstakel (Arafat) út paad wei te heljen en dat der oer hoe en wannear noch besletten wurde soe". Leden fan it Israelyske kabinet makken temûk witte dat it mooglik om Arafat syn dea gie. De Amerikaanske presidint Bush wiisde Arafat ôf as in fredesûnderhaneler en sei dat er as "lieder mislearre hie" en beskuldige Arafat dêrfan it premierskip fan Abbas te ûndermynjen dy't itselde jiers noch opstapte. It Israelyske leger makke himsels klear foar in mooglike útsetting fan Arafat yn de neie takomst. Israelyske fredesaktivisten fan Gusj Sjalom, leden fan de Knesset hiene noed oer syn libben en ferfearen ta syn haadketier om as minsklik skyld te tsjinjen. It haadketier bleau ûnder Israelyske belegering oant it ôfreizgjen fan Arafat nei in Frânsk sikehûs flak foar syn dea.

Privee libben

Yn 1990 boaske Arafat Suha Tawil, in Palestynske kristen, doe't hy 61 en sy 27 jier âld wiene. Har mem hat har oan him yn Frankryk yntrodusearre, dêr't se neitiids as syn sekretaresse yn Tunis wurke. Foar syn houlik adoptearre Arafat fyftich Palestynske kriichswezen. Yn harren houlik hat Suha ferskate kearen besocht en gean by him wei, mar hy ferbea dat. Suha hat sein dat se it houlik muoide en as se de kar hie it oer te dwaan, se it net wer dwaan soe. Yn mid 1995 joech Suha berte oan in famke yn in Parysk sikehûs, neamd Zahwa nei Arafat syn mem.

Sykte en ferstjerren

Arafat syn tydlik grêf
Bewakers yn it mausoleum by de stiennen grêf fan Arafat
It mausoleum fan Arafat yn Ramallah

De earste berjochten oer Arafat syn ôfnimmende sûnens troch syn dokters wie neffens syn wurdfierder in gryp dy't kaam op 25 oktober 2004 nei't er spuie moast by in stêfgearkomste. Syn sûnens waard de folgjende dagen fluch minder. Nei besykjen fan dokters en sûnensteams út Tuneezje, Jordaanje en Egypte en nei tastimming fan Israel om ôf te reizgjen waard Arafat mei in helikopter fan Ramallah nei Jordaanje flein en fan dêr mei in Frânsk militêr fleantûch nei Parys flein. Hy waard yn it Percy militêr sikehûs yn Clamart, in foarstêd fan Parys talitten. Op 3 novimber foel er yn in koma.

Arafat ferstoar op 03:30 oere op 11 novimber 2004 yn de âldens fan 75 oan itjinge Frânske dokters in hemorragyske oerhaal. Ynearsten waarden Arafat syn medyske dossier temûk holden troch Palestynske offisjelen en Arafat syn frou wegere seksje op syn lichem útfiere te litten om't it yn striid wie mei de islam. Frânske dokters hawwe ek sein dat Arafat lêst hie fan diffús yntrafasaal ferstjurjen. Nei't syn ferstjerren buorkundich makke waard, gie it Palestynske folk yn in steat fan rouwe foar 40 dagen lang.

Arafat waard begroeven yn in stiennen grêf yn de Mukataa yn Ramallah. Syn winsk wie om yn Jeruzalim begroeven te wurden, mar Israel ferbea dat út noed foar dat syn begraffenis dêre de Palestynske eask op East-Jeruzalim fersterkje soe. De Palestynske wurdfiereder Saeb Erekat sei dat Arafat werbegroeven wurde soe yn Jeruzalim nei it foarmjen fan de steat Palestina. Op 10 novimber 2007, trije jier nei Arafat syn ferstjerren, iepene presidint Machmûd Abbas yn Ramallah in mausoleum ta eare fan Arafat.

Twivel oer de oarsaak fan syn ferstjerren

Ferskate teoryen sweefden der yn de omgong oer de dea fan Arafat, dêr't de meast promininte fan wie dat er fergiftige, mooglik mei poloanium, waard, of oan AIDS besibbe sykten of in leversykte.

Yn septimber 2005 oppenearre in Israelyske AIDS-deskundige dat Arafat alle symptoamen fan AIDS hie. Oaren, lykas Patrice Mangin fan de Universiteit fan Lausanne en The New York Times wiene net mei dy stelling iens, en oppenearren dat de dossiers fan Arafat oanjoegen dat it op syn minst ûnmooglik wie dat de oarsaak fan syn dea AIDS wie. Arafat syn persoanlike dokter en syn assistint wiene oertsjûge dat Arafat fergiftige wie, mooglik mei tallium. In oare Israelyske dokter kaam ta de konklúzje dat er oan itensfergiftiging ferstoar. Israelyske en Palestynske offisjelen ûntkenden dat er fergiftige waard en Palestynske minister fan bûtenlânske saken Nabil Shaath sletten fergiftiging út nei petearen mei Arafat syn Frânske dokters en kamen ta de konklúzje dat er oan in natuerlike dea ferstoar.

Ein 2011 waard op oansetten fan nijsstjoerder Al Jazeera in ûndersyk úteinset nei de dizige omstannichheden dêr't Arafat ûnder ferstoar. In dúdlike fêststelling fan syn sykte en in seksje op syn lichem hat der nea west. Om't de autoriteiten en de by de behanneling belutsen dokters net meiwurkje woene, stelde de widdo Suha Arafat guon persoanlike besittings út Arafat syn lêste libbensdagen yn it sikehûs ta beskikking. Testen troch Switserske wittenskippers fan de Universiteit fan Lausanne wiisden op in net te ferklearjen hege hoemannichte Poloanium-210 (Po-210) yn syn lichem by syn dea. De oanwêgens fan Poloanium-210 en de resultaten fan it ûndersyk joegen reden ta spekulaasje.

Op 27 novimber 2012 waard yn Ramallah syn stoflik omskot opgroeven en waarden der meunsters nommen en test dy foar oanwêzigens fan it radioaktive Po-210. Op 6 novimber 2013 joech Al Jazeera it Switsersk forinzysk rapport frij. Dat ûnderstipe de gedachte dat de dea fan Arafat it gefolch fan in fergiftiging mei Po-210 wie. De Russsyske analyse fan it rapport wie dat in fergiftiging mei poloanium lykwols net bewiisd waard, mar dat it faaks te krijen hie mei de tiid dy't tusken de fergiftiging en de tiid fan it ûndersyk bestie. It Belgyske blêd Joods Actueel frege de direkteur fan de Universiteit fan Lausanne en dy sei: "Us konklúzjes waarden net basearre op ien ûnderskaat stik bewiis mar op de gearhing fan alle waarnimmings".

Yn maart 2015 hat in Frânske oanklager in Frânske neifraach fan 2012 sletten mei de konklúzje dêr't Frânske deskundigen ta kamen dat Arafat in natuerlike dea ferstoar en dat spoaren fan poloanium en tallium ekologyske oarsaken hiene.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel as foar in part oernommen fan de Ingelsktalige Wikipedyside; foar boarnen en oare lieteratuer sjoch en:Yasser Arafat

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Yasser Arafat fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.