In Japanske namme is de namme fan persoanen yn Japan en fan lju fan etnysk Japansk komôf om utens. Oant fier yn 'e njoggentjinde iuw hiene de measte Japanners allinne mar in foarnamme. Pas nei de Meiji-restauraasje fan 1868 waarden troch it sljochtwei folk ek famyljenammen oannommen. Tsjintwurdich bestiet de Japanske namme yn 'e regel út ien famyljenamme en ien foarnamme, wêrby't de famyljenamme nei Eastaziatysk gebrûk foàr de foarnamme pleatst wurdt. Oars as bygelyks Sinezen, dy't frijwol altyd oan dy nammefolchoarder fêsthâlde, passe Japanners yn it bûtenlân (of yn kommunikaasje mei it bûtenlân) harren namme oan 'e Westerske nammefolchoarder oan, sadat dan de foarnamme foàr de famyljenamme komt te stean. Dat wurdt dien om misferstannen foar te kommen. In bekende Japanse as Yoko Ono (sa't se yn it Westen bekend stiet), hjit dus yn korrekt Japansk eins Ono Yoko.
Skiednis
Lange tiid hiene de measte ynwenners fan Japan mar ien namme: de foarnamme. Inkeld kuge (eallju) en samoerai (krigers) hiene in famyljenamme. Yn 'e Aldheid fan Japan waarden alle ynwenners fan it lân beskôge as besit fan 'e keizer en sadwaande wjergalmen de famyljenammen dy't de foaroansteande geslachten hiene, faak harren rol yn it regear. Sa kaam bgl. de Ōtomo-clan oan syn namme (大友), dy't "grutte hôveling" betsjut. De keizer kende doedestiden ek famyljenammen ta by wize fan erkenning fan grutte prestaasjes.
Yn it feodale Japan (dat oant de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw fuortbestie) joegen nammen de maatskiplike status oan (dus oft men keizer, ealman, kriger, wittenskipper, keapman, boer of slaaf wie), mar faak ek jins bân mei it boedisme of sjintoïsme. De ierste foarm fan 'e Japanske famyljenamme wie de clannamme, dy't faak mei it tuskenheaksel no skreaun waard, dat "fan" betsjut. Dat is ferlykber mei aadlike von yn Dútske nammen, hoewol't de bân yn sokke Japanske clannammen de oare kant út wies. Sa wie Minamoto no Yoritomo (源 頼朝) dus Yoritomo (頼朝) fan 'e Minamoto-clan (源), wylst Fujiwara no Kamatari (藤原 鎌足) Kamatari (鎌足) fan 'e Fujiwara-clan (藤原) wie. Sa't men by dizze nammen sjen kin, is de tafoeging no yn it Japansk ymplisyt: it wurdt wol útsprutsen, mar net skreaun.
It sljochtwei folk krige pas nei de Meiji-restauraasje fan 1868 famyljenammen. Foartiid foegen se, as dêr ferlet fan wie, de namme fan harren wenplak, harren berop of in patronym oan 'e foarnamme ta. In Ichirō dy't berne wie yn it doarp Asahi (Asahi-mura) yn 'e provinsje Musashi, koe himsels bgl. identifisearje as "Ichiro út Asahi-mura fan Musashi". Keaplju neamden harsels gauris nei harren winkels of merknammen. Sa koe in Denbei, de eigner fan Sagamiya, himsels "Sagamiya Denbei" neame. En boeren ferwiisden ornaris nei harren heit, lykas by in Isuke, soan fan Genbei".
Nei de Meiji-restauraasje besleat de Japanske oerheid yn it ramt fan in grutskalige modernisearringskampanje wêrby't in protte Westerske gewoanten oernommen waarden, dat alle Japanners in famyljenamme hawwe moasten. Dat beslút waard nommen yn 1868, krige yn 'e praktyk foar it meastepart syn beslach yn 'e 1870-er jierren en waard neitiid fêstlein yn 'e Famyljeregistraasjewet fan 1898. In soad sljochtwei Japanners namen nammen oan dy't histoarysk mei harren famyljes ferbûn wiene, wylst oaren hielendal nije nammen optochten, divinaasje brûkten om in famyljenamme oan te wizen of in boedistyske of sjintoïstyske preester fregen om in famyljenamme foar harren út te kiezen. Dêrtroch is geneälogysk ûndersyk yn Japan dat fierder tebek giet as de twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw tige dreech.
Japanske famyljenammen
De Japanske famyljenamme of efternamme wurdt yn it Japansk foàr de foarnamme pleatst. Dy nammefolchoarder ûntstie pas yn 'e 1870-er jierren, doe't alle sljochtwei Japanners in famyljenamme oannimme moasten, en kaam ta stân ûnder ynfloed fan it Sineesk, dat deselde nammefolchoarder hantearret. De oergrutte mearderheid fan 'e (etnyske) Japanners hat ien famyljenamme folge troch ien foarnamme, en gjin twadde foarnamme of middelnamme. De wichtichste útsûndering op dy regel wurdt foarme troch de Japanske keizerlike famylje, dy't gjin famyljenamme hat.
De famyljenamme wurdt yn it Japansk myōji (苗字 of 名字) neamd, mar ek: uji (氏) of sei (姓). Histoarysk hiene dy trije wurden ferskillende betsjuttings. De sei wie oarspronklik de matrilineêre famyljenamme, dy't letter inkeld noch takend waard troch de keizer. Der wiene relatyf mar in bytsje sei yn omrin, mar de measte Midsiuwske Japanske aadlike clans stammen ôf fan 'e dragers fan in sei of fan 'e lienlju fan in drager fan in sei. De uji waard oarspronklik brûkt om 'e patrilineêre ôfstamming oan te tsjutten, mar ferlear syn aparte betsjutting en foel gear mei de myōji omtrint deselde tiid dat de sei syn bân mei matrilineêre ôfstamming ferlear. De myōji wie ienfâldichwei in namme wêrmei't in famylje himsels oantsjutte (yn tsjinstelling ta de namme dy't troch de keizer takend wie). Hoewol't de myōji, krekt as de uji, troch de manlike line trochjûn waard, bestie der in beskate frijheid op it mêd fan it feroarjen fan 'e myōji, dy't der by de uji of de sei net wie.
Hjoed oan 'e dei bestiet der in ûnbidich grut ferskaat fan Japanske famyljenammen: dêr binne nammentlik mear as 100.000 ferskillenden fan yn omrin. Dat grutte ferskaat oan famyljenammen stekt skril ôf tsjin 'e sitewaasje yn 'e oare lannen fan East-Aazje, lykas Sina, Taiwan en Noard- en Súd-Koreä, dêr't krekt mar relatyf in bytsje famyljenammen yn omrin binne. It is in ferskil dat fuortkomt út in folslein oare ûntwikkeling fan 'e Japanske namme. Wylst yn bgl. Sina alle minsken yn 'e earste iuw f.Kr. al in famyljenamme hiene, waard de famyljenamme foar gewoane minsken yn Japan pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw ynfierd. Tsjin dy tiid hie Japan in befolking fan sa'n 30 miljoen minsken, en boppedat koe men doe mar raak nammen betinke. It gefolch is in grut ferskaat dat troch de resinte oanname noch net úttinne is troch it ferskynsel efternamme-útstjerren.
De trije meast foarkommende Japanske famyljenammen binne Satō (佐藤), Suzuki (鈴木) en Takahashi (高橋). In soad nammen ferwize nei eleminten fan it lânskip, lykas Ishikawa (石川), dat "stiennen rivier" betsjut, Yamamoto (山本), "foet fan 'e berch", en Inoue (井上), "boppe de saad". In grutte kloft famyljenammen wurdt foarme troch de -tō-nammen, dy't skreaun wurde mei it Sineeske karakter 藤, dat "blauwerein" betsjut (in plant, ek bekend as Wisteria). Dat karakter wurdt mei on'yomi (Sineeske lêswize) útsprutsen as tō, en mei kun'yomi (Japanske lêswize) as dō. In soad Japanners hawwe twawurdliddige famyljenammen mei dat karakter oan 'e ein, om't de Fujiwara-clan (藤原家) syn samoerai histoarysk famyljenammen (myōji) joech dy't einigen op it earste karakter fan harren clannamme. Foarbylden binne Atō, Andō, Bitō, Edō, Endō, Gotō, Itō, Jitō, Katō, Kitō, Kondō, Kudō, Mutō, Naitō, Saitō, Satō, Shindō, Sudō en Udō.
Japanske foarnammen
De foarnamme wurdt yn it Japansk mei (名) neamd, "namme", of ek wol shita no namae (下の名前), "legere namme". It Japansk wurdt nammentlik tradisjoneel fan boppen nei ûnderen skreaun (ynstee fan fan lofts nei rjochts, sa't it Latynske alfabet skreaun wurdt), en om't de foarnamme nei de famyljenamme komt, is de posysje fan 'e foarnamme by it skriuwen dus leger op 'e side as de famyljenamme. Ornaris hawwe Japanners mar ien foarnamme, hoewol't lju fan wa't ien fan 'e âlden in bûtenlanner is, en leden fan 'e Japanske mienskippen yn Noard-Amearika wól in middelnamme hawwe kinne.
Foar't de Japanske oerheid yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw it Japanske nammesysteem formalisearre, wiene foarnammen yn Japan frij floeiend. Manlju feroaren harren foarnammen fanwegen in ferskaat oan redens. Sa waard faak in nije namme oannommen om oan te jaan dat immen in hegere maatskiplike status berikt hie, om utering te jaan oan in (nije) bân mei in aadlik hûs of clan, om fan ûngelok ôf te kommen dat oan in eardere namme fêstklibbe wie, of gewoan om betizing mei in buorman mei deselde namme foar te kommen. Fierders feroaren manlju út 'e hegerein ek faak fan namme as se mearderjierrigens (genpuku) berikt hiene, wêrby't dan de bernenamme (faak einigjend op -maru) ôftanke waard. De nije namme dy't spesifyk by genpuku oannommen waard, hiet de azana (字). En as eallju of samoerai in hegere rang krigen, waard harren tagelyk dêrmei faak ek in nije namme taparte, dy't soms in wurdlid of karakter út 'e namme fan harren lienhear omfette by wize fan teken fan goedgeunstigens.
Feroarings yn 'e foarnammen fan froulju binne histoarysk folle minder fêstlein, dat it kin wêze dat dy minder faak fan namme feroaren as manlju. Yn elts gefal is bekend dat froulju dy't as tsjinstfaam of artyste wurken, harren foarnammen faak feroaren foar de doer fan dat wurk. Under dat wurk waarden de tydlike nammen dy't se oannommen hiene, behannele as wettige nammen. Sa is der in tsjinstfaam bekend dy't tusken 1819 en 1831 yn Kyoto ferskate kearen by juridyske saken belutsen wie. Wylst se earne wurke, ûndertekene se de offisjele dokuminten as Sayo, en doe't se letter earne oars wurke, ûndertekene se as Mitsu. Mar doe't se gjin wurk hie, brûkte se namme Iwa, wêrfan't men sadwaande oannimt dat it har bertenamme wie.
Foarhinne, doe't grutte húshâldings frij gewoan wiene, wie it gebrûklik om 'e foarnammen fan soannen gear te stallen út sifers oanfolle troch it efterheaksel -rō (郎), dat "soan" betsjut. De âldste soan hiet dan Ichirō ("Earstesoan"), de op ien nei âldste Jirō ("Twaddesoan"), ensfh. Dit komt tsjintwurdich folle minder foar, mar foar jonges binne foarnammen mei it efterheaksel -rō, dat trouwens behalven "soan" en "helder" betsjut, yn 'e moade bleaun, lykas Katsuro ("Oerwinnende Soan") en Kichiro ("Lokkige Soan"). Oare jongesnammen einigje op 'e efterheaksels -ta (太, "grut" of "grou"), lykas Kenta, of omfetsje eleminten as ichi of kazu (beide skreaun as 一, "earst[berne soan]"), lykas Ken'ichi of Kazuhiro; ji (二, "twadde [soan]"; of 次, "folgjende"), lykas Jirō; of dai (大, "grut"), lykas Daiichi.
Famkesnammen einigje faak op it efterheaksel -ko (子, "bern"), lykas Keiko, of -mi (美, "skientme"), lykas Yumi. Oare gauris foarkommende efterheaksels foar Japanske famkesnammen binne bygelyks -ka (香, "rook" of "parfum"; ek 花, "blom"), lykas Reika; en -na (奈 of 菜; "grien"), lykas Haruna. Fral it gebrûk fan it efterheaksel -ko hat grutte feroarings ûndergien sûnt de midden fan 'e njoggentjinde iuw. Foarôfgeande oan 'e Meiji-restauraasje yn 1868 mocht it inkeld brûkt wurde foar de nammen fan 'e froulike leden fan 'e keizerlike famylje. Neitiid kaam it yn 'e perioade tusken 1880 en 1905 ek yn gebrûk mank de hegerein, mar net as ûnderdiel fan in namme, mar as in soarte fan predikaat foar froulju fan hege berte, mei as betsjutting "frouwe" of "dame". As sadanich waard it inkeld brûkt troch froulju út 'e heechste maatskiplike klassen, en soe it as bespotlik beskôge wêze as it brûkt wie troch froulju út 'e middenklasse of de arbeidersklasse. As in frou Hana hiet, soe se 'Hana-ko' neamd wurde as se fan hege berte wie, wylst se bekend stean soe as 'O-Hana-san' as se út in legere klasse kaam.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw kaam -ko yn gebrûk as ûnderdiel fan 'e eigentlike foarnamme, en omtrint de midden fan 'e iuw waard it in tige populêr namme-elemint. Geandewei de 1980-er jierren begûn dy populariteit stadichoan wat te belúnjen, en om 2006 hinne rekken famkesnammen mei -ko sterk út 'e graasje, om't de Japanske befolking doe almar mear de nammegewoanten fan populêre artysten begûn nei te bearen. Likegoed binne ek anno 2018 nammen as Keiko en Kimiko noch wol gongber. Japanske jongesnammen einigje trouwens soms ek op 'e klank -ko, mar frijwol nea op it karakter 子. As in jongesnamme op -ko einiget giet it almeast om it karakter 彦, hiko, dat "jonge" betsjut.
Keizerlike nammen
De keizer fan Japan en de leden fan it Keizerlik Hûs hawwe om histoaryske redens gjin famyljenamme, mar inkeld in foarnamme. Lang waarden de foarnammen fan keizers oantsjut as imina (諱). Dat wie in term dy't ornaris brûkt waard foar de nammen fan ferstoarnen dy't (om't se dea wiene) taboe wiene, d.w.s. net mear útsprutsen wurde mochten. It ferskil mei keizers wie dat harren nammen al imina wiene as se noch libben. Foarôfgeande oan it regear fan keizer Jomei (r. 629-641) wiene sokke imina tige lang en waarden se hast nea brûkt. It tal karakters fan 'e imina belune nei Jomei mei eltse nije generaasje fierder.
Tsjintwurdich wurde de foarnammen fan keizers, lykas Hirohito (裕仁), hast universeel mijd yn Japan, mei't de lju út respekt harren monarch net by namme neame, mar oantsjutte mei syn titel: "de keizer". Datselde jildt foar oare leden fan it Keizerlik Hûs, lykas "de kroanprins". As nije leden fan it Keizerlik Hûs berne wurde, krije se in foarnamme oanfolle mei in spesjale titel-mei-namme. Keizer Akihito waard bygelyks 継宮明仁, Tsugu-no-miya Akihito neamd: "prins Tsugu Akihito. Under syn minderjierrigens waard er sadwaande oantsjut as "prins Tsugu". Krektsa wurde de titels-mei-nammen brûkt foar de oare leden fan it Keizerlik Hûs, oant se oanwiisd wurde as kroanprins of ien fan 'e histoaryske prinslike nammen ervje (常陸宮, Hitachi-no-miya; 三笠宮, Mikasa-no-miya; 秋篠宮, Akishino-no-miya; ensfh.).
As in lid fan 'e keizerlike famylje fan status feroaret en ta de adel of it gewoane folk komt te hearren, jout de keizer him of har in famyljenamme. Yn 'e Midsiuwen waard foar sokke gefallen de namme Minamoto faak brûkt. Tsjintwurdich wurde faak de histoaryske prinslike nammen oanholden minus de titel -no-miya (宮, "prins"). Dat waard oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch wizânsje, doe't ûnder de Amerikaanske besetting fan Japan in soad fiere leden fan it keizershûs harren keizerlike status ferlearen en ta it sljochtwei folk kamen te hearren. Oarsom, as in lid fan 'e adel of it miene folk lid wurd fan it Keizerlik Hûs, bgl. troch in houlik, dan ferliest hy of sy syn of har famyljenamme. Keizerinne Michiko, de oarehelte fan keizer Akihito, waard bgl. berne as Shōda Michiko.
Flaainammen
It Japansk ken in lange tradysje fan it jaan fan flaainammen. Dy wurde foarme troch it efterheaksel -chan (ちゃん; útspr.: "tsjan") ta te foegjen oan in foarnamme. Sa wurdt Tarō feroare yn Tarō-chan, Kimiko yn Kimiko-chan en Yasunari yn Yasunari-chan. It is lykwols ek mooglik (en tige gongber) om yn sokke gefallen de foarnamme yn te koartsjen ta it earste wurdlid mei in lange fokaal. Dan feroaret Tarō yn Tā-chan, Kimiko yn Kii-chan en Yasunari yn Yā-chan. Mar yn guon gefallen, as der in oare lêzing mooglik is fan it karakter fan 'e foarnamme, kin in flaainamme ek in hiel oare útspraak hawwe. De famkesnamme Megumi wurdt yn it kanji-skrift werjûn as it karakter 恵, mar dat karakter kin ek lêzen wurde as Kei; sadwaande is de flaainamme fan in famke dat Megumi hjit faak Kei-chan of koartwei Kei.
Ek de Japanske gewoante om ôfkoartings te foarmjen troch de earste beide wurdlidden fan twa ferskillende wurden oaninoar te keppeljen, wurdt wol op nammen tapast. (As in wurd mar twa wurdlidden hat, giet it dêrby trouwens inkeld om it earste wurdlid.) Soks wurdt fral dien mei de nammen fan ferneamde persoanen. Sa wurdt Takuya Kimura (木村 拓哉, Kimura Takuya), in bekend sjonger, troch syn fans Kimutaku (キムタク) neamd. Dit prinsipe wurdt ek wol tapast op bûtenlânske bekendheden; sa hjit de Amerikaanske akteur Brad Pitt yn it Japansk Buraddo Pitto (ブラッド・ピット), mar wurdt frij algemien oantsjut as Burapi (ブラピ).
Postume nammen
Foarhinne wie it yn 'e Japanske kultuer sa dat as immen stoar syn of har namme imina (諱) waard. Der rêste dan in taboe op om dy namme noch út te sprekken. Ynstee makke men gebrûk fan in saneamde postume namme, in okurina (諡), om 'e deaden mei oan te tsjutten.
Skûlnammen
Yn it ferline wie it hiel gongber dat in Japanner ôfhinklik fan 'e omstannichheden gebrûk makke fan ferskate skûlnammen yn itselde tiidsbestek. De ferneamde achttjinde-iuwske skriuwer, dichter en keunstner Samuru Iwase skreau ûnder it pseudonym Kyoden Santo en wurke tagelyk as yllustrator ûnder de namme Masanobu Kitao. In spesifyk soarte fan sokke skûlnammen wie de gō, dy't ferwiisde nei de namme fan it hûs fan in skriuwer of keunstner, lykas yn it gefal fan 'e haikûdichter Basho Matsuo (松尾 芭蕉, Matsuo Bashō), dy't himsels ferneamde nei syn wente Bashō-an (芭蕉庵). Ek wittenskippers namen faak in oare namme oan, dy't ornaris delkaam op in Sineeske lêzing fan 'e karakters fan harren Japanske namme; soks kin ferlike wurde mei it oannimmen fan latinisearre nammen dat foar Westerske wittenskippers iuwenlang wizânsje wie.
Tsjin 'e ein fan it sjogûnaat, omtrint de midden fan 'e njoggentjinde iuw, makken boppedat in soad revolúsjonêre aktivisten gebrûk fan skûlnammen om harren identiteit te ferbergjen foar de oerheid. Foarbylden binne Ryoma Sakamoto (坂本 龍馬, Sakamoto Ryōma), dy't himsels Umetaro Saidani (才谷 梅太郎, Saidani Umetarō) neamde; Takayoshi Kido (木戸 孝允, Kido Takayoshi), dy't himsels Matsusuke Niibori (新堀 松輔, Niibori Matsusuke) neamde; en Shinsaku Takasugi (高杉 晋作, Takasugi Shinsaku), dy't himsels Umenosuke Tani (谷 梅之助, Tani Umenosuke) neamde.
Tsjintwurdich wurdt benammen fan in skûlnamme gebrûkt makke troch akteurs, komiken, skriuwers, sûmowrakselders, geisha en lju dy't tradisjonele ambachten útoefenje, lykas pottebakken, de teeseremoanje, kalligrafy, tatoeëarjen (irezumi), blomskikken (ikebana) en papiertearen (origami). Faak is dat gewoan in oare Japanske namme as harren wiere namme, mar soms makket men gebrûk fan wurdboarterij. Sa klinkt de útspraak fan 'e artystenamme fan Yojin Hino (日野 陽仁, Hino Yōjin) min ofte mear as de Japanske wurden foar "wês foarsichtich mei fjoer" (dat lykwols hiel oars skreaun wurdt). En de skriuwer Ranpo Edogawa (Japanske namme folchoarder: Edogawa Ranpo) keas syn skûlnamme út om te lykjen op 'e (Japanske) útspraak fan "Edgar Allan Poe".
Foar de skûlnammen fan sûmowrakselders bestiet in spesifike term: shikona (醜名 of 四股名). Sokke shikona besteane foar it oergrutte part út twa of trije karakters. Soms is it de eigen famyljenamme fan 'e wrakselder, mar yn 'e measte gefallen giet it om in optochte namme. Faak komt in diel fan 'e sikona út 'e namme fan 'e learaar fan 'e wrakselder of út in plaknamme. De wrakselder Sentoryu keas in namme dy't yn it Japansk "fjochtsjende oarlochsdraak" betsjut, mar dy't ek deselde klank hat as de Japanske útspraak fan 'e namme fan 'e Amerikaanske stêd St. Louis, dêr't er berne waard.
Stavering
Stavering fan nammen yn it Japansk
De Japanske taal makket gebrûk fan ferskate skriften: kanji, dat bestiet út foar in diel oanpaste en op Japanske wize útsprutsen Sineeske karakters; twa lânseigen skriften, hiragana en katakana, dy't tegearre ek wol bekend steane as kana; en foar guon doelen wurdt ek it Latynske alfabet wol brûkt. It kanji is in logografysk skrift, wêrfan't de ôfsûnderlike symboalen, de karakters, elts in idee útdrukke, krekt as bygelyks it figuer fan in mantsje dat yn alle lannen fan 'e Westerske wrâld faak brûkt wurdt om in manljus-wc oan te tsjutten. Dêrút folget dat de skriuwwize los stiet fan 'e útspraak, sadat deselde karakters brûkt wurde kinne foar deselde ideeën (oftewol wurden) yn lykfol hokker taal. Wylst yn it Sineesk elts karakter persiis foar ien wurdlid stiet, is dat yn it Japansk, dat folle langere wurden hat, net sa. Hiragana en katakana binne fonetyske skriften mei in fêste útspraak, mar dy't de fisuële útdrukking en dêrmei de ûnderlizzende betsjutting fan kanji-karakters misse.
Japanske nammen wurde oer it algemien skreaun mei kanji-karakters, hoewol't guon nammmen hiragana of, minder faak, katakana brûke, of sels in miks fan kanji en kana. De measte 'tradisjonele' nammen hawwe kun'yomi, d.w.s. in lânseigen Japanske lêswize fan 'e oangeande kanji-karakters, mar nammen mei on'yomi, d.w.s. in op it Sineesk basearre lêswize fan 'e kanji-karakters, binne ek net seldsum. In soad oare nammen brûke dan wer lêswizen dy't inkeld foar nammen jilde (nanori), lykas de famkesnamme Nozomi (希).
Foar de Twadde Wrâldoarloch waarden foarnammen fan froulju faak mei it katakana-skrift skreaun, mar dat is neitiid út 'e moade rekke. Famkesnammen dy't mei hiragana skreaun wurde, binne lykwols net ûngewoan. Dat komt om't hiragana yn Japan histoarysk assosjearre wurdt mei froulju: yn 'e Midsiuwen waard famkes net leard om yn kanji te skriuwen en brûkten froulju útslutend hiragana. Omtrint 2004 wie der in trend om famkesnammen yn hiragana te skriuwen (d.w.s. om se as sadanich yn it befolkingsregister opnimme te litten). Dat hie der mooglik ek mei te krijen dat hiragana-symboalen, oars as kanji-karakters, gjin ûnderlizzende betsjutting hawwe, sadat oaren gjin ferwachtingspatroan fan in famke hawwe as har namme mei hiragana skreaun wurdt. Jongesnammen wurde lykwols hast altyd skreaun mei kanji; jongesnammen skreaun mei katakana binne seldsum, en jongesnammen skreaun mei hiragana komme amper foar.
It meastepart fan 'e Japanske famyljenammen bestiet út ien, twa of trije kanji-karakters, hoewol't dat dus, oars by Sineeske nammen, net folle seit oer it tal wurdlidden fan 'e namme. Der bestiet ek in tal famyljenammen dat mei fjouwer of fiif karakters skreaun wurde, lykas Teshigawara (勅使河原), Kutaragi (久多良木) en Kadenokoji (勘解由小路), mar dy binne tige seldsum. It tuskenheaksel no (dat "fan" betsjut of besit oanjout lykas de -s yn "Pyts boek"), skreaun mei it hiragana-karakter の, komt faak yn Japanske nammen foar, mar wurdt oer it algemien net as in apart karakter skreaun; ferlykje de famyljenamme Inoue: 井上 (i-no-ue, "saad-fan-boppe" = "boppe de saad"). De measte foarnammen wurde skreaun mei ien, twa of trije kanji-karakters, hoewol't nammen mei fjouwer karakters ek in soad foarkomme, benammen by âldste soannen.
Yn it kanji kin elts karakter ferskate útspraken hawwe, dy't soms hielendal net opinoar lykje. En mar ien fan dy útspraakfarianten is de korrekte foar de namme fan in beskate persoan. Hoe't in namme dy't mei kanji-karakters skreaun wurdt, útsprutsen wurde moat, berêst sadwaande yn in protte gefallen op bekendheid mei de regels of, as de útspraak him net oan 'e regels hâldt, poer op foarkennis. Sa kin de famyljenamme 東海林 lêzen wurde as Tōkairin of Shōji. Oarsom kin in namme ferskate mooglike skreaune foarmen hawwe, wêrfan't ek mar wer ien de juste is. Wylst der foar de útspraak fan kanji-karakters yn famyljenammen ridlik konsekwinte regels binne, is it by foarnammen sa dat útspraak en karaktergebrûk in folle grutte ferskaat hawwe. Sa kin it kanji-karakter 一, as dat brûkt wurdt om in jongesnamme mei te skriuwen, stean foar de nammen Hajime en Hitoshi en foar namme-eleminten as Ichi-, -ichi, Kazu- en -kazu. De jongesnamme Hajime kin skreaun wurde op de folgjende manearen: 始, 治, 初, 一, 元, 肇, 創, 甫, 基, 哉, 啓, 本, 源, 東, 大, 孟, of 祝. Sa'n mannichfâldige útspraak en skriuwwize fan nammen komt trouwens folle mear foar by jongesnammen as by famkesnammen en famyljenammen, mar is ek yn dy beide lêste kategoryen net ûngewoan.
In soad gongbere foarnammen kinne maklik stavere en útsprutsen wurde, mar net selden kieze âlden foar harren bern ûngebrûklike karakters of útspraken út, en foar de útspraak fan sokke nammen is foarkennis nedich. Fral sûnt de 1990-er jierren binne ûngewoane útspraken yn opkomst. Sa wurdt de hiel gongbere jongesnamme 大翔 tradisjoneel útsprutsen as Hiroto, mar de lêste fearnsiuw binne alternative útspraken opkommen lykas Haruto, Yamato, Taiga, Sora, Taito, Daito en Masato. Oan 'e oare kant is it sa dat ferskate kanji-karakters deselde betsjutting hawwe kinne en dêrom itselde útsprutsen wurde. Ferskate Japanske nammen dy't hiel oars skreaun wurde, kinne sadwaande persiis-en-gelyk útsprutsen wurde. Dat transliteraasje fan Japanse nammen, bgl. nei it Latynske alfabet, dêrtroch dreech wurdt, leit foar de hân. Sadwaande wurdt op formulieren, offisjele dokuminten en besitekaartsjes faak romte litten om 'e nammen fonetysk te staverjen, gewoanlik yn katakana. Alle Japanske steatsboargers binne ek ferplichte om in skreaune foarm fan harren namme yn it Latynske alfabet op te jaan, dy't dan offisjeel fêstlein wurdt yn harren paspoart.
In stikmannich Japanske nammen, fral famyljenammen, omfetsje argayske ferzjes fan kanji-karakters. Sa kin it tige algemiene karakter 島, shima ("eilân"), ek skreaun wurde as 嶋 of 嶌. Yn útsûnderlike gefallen komt it sels foar dat nammen kanji-karakters omfetsje dy't yn modern Japansk fierders net mear foarkomme. Lju dy't sokke nammen hawwe, brûke faak in ferienfâldige karakterfoarm of foegje ynstee in karakter yn dat min ofte mear itselde betsjut. In foarbyld fan sa'n namme is Saitō, dat inkeldris skreaun wurdt mei in yn ûnbrûk rekke karakter foar sai.
Famyljenammen wurde soms ek skreaun mei tipelsinnige karakters dy't ateji neamd wurde, en dy't in yndirekte útspraak hawwe. Sa soe 四月一日, bygelyks, normaal útsprutsen wurde as shigatsu tsuitachi ("ien april"), mar as it in famyljenamme is, lêst men it as Watanuki ("net-wattearre klean"), om't 1 april tradisjoneel de datum is dat Japanners harren winterklean ferruilje foar simmerklean. Krektsa wurdt 小鳥遊 normaal útsprutsen as kotori asobi ("fûgeltsjes boartsje"), mar as it in namme is, lêst men it as Takanashi ("gjin hauken"), want dêr't fûgeltsjes (kotori) boartsje (asobi), binne gjin (nashi) hauken (taka).
Nettsjinsteande alle beskreaune swierrichheden mei it lêzen en it bepalen fan 'e korrekte útspraak fan nammen is it sa dat der genôch patroanen en weromkearende regels binne dat de measte Japanners frijwol alle famyljenammen en de grutte mearderheid fan 'e foarnammen sûnder folle muoite lêze kinne sille.
Regels foar stavering
Nammen dy't stavere wurde mei kanji binne yn Japan bûn oan 'e regels foar it gebrûk fan kanji-karakters fan it Ministearje fan Justysje. Yn oktober 2004 wiene der 2.232 tastiene namme-kanji (jinmeyō-kanji) en algemien brûkte karakters (jōyō-kanji), en der waard oer praat om dy list mei nochris 578 kanji-karakters út te wreidzjen. Allinnich dy fan oerheidswegen goedkarde karakters meie yn nammen brûkt wurde, wat betsjut dat Japanske nammen dy't mei kanji skreaun wurde, gjin betsjuttings hawwe kinne dy't werjûn wurde troch karakters dy't net op 'e goedkarde list steane. Doe't yn 1993 in âlderspear de namme 悪魔 (Akuma, "duvel") oan har bern jaan woe, griep de oerheid yn en ferbea harren dat te dwaan. Nammen dy't skreaun wurde mei katakana of hiragana binne net oan sokke regels bûn.
De boppeneamde regels jilde allinne foar nije nammen dy't oan poppen jûn wurde; der binne noch in soad argayske karakters yn omrin dy't brûkt wurde yn 'e nammen fan folwoeksenen, fral fan 'e generaasje dy't foar de Twadde Wrâldoarloch berne is. De wetlike beheining foar it gebrûk fan kanji-karakters yn nammen kin praktyske swierrichheden opsmite foar sokke âlderen. Teffens hat de beheining laat ta in soad foarnammen dy't itselde skreaun wurde mar in oare útspraak hawwe, wat ek problematysk wêze kin. Noch in oar negatyf gefolch fan 'e wetlike beheining fan nammekarakters is dat de beide of mear foarnammen dy't in lytse minderheid fan 'e Japanners hat, yn offisjele dokuminten oaninoar skreaun wurde, om't de spaasje net op 'e list fan tastiene karakters stiet. Sadwaande arbeidet men hjoed de dei yn Japan ta op it útwreidzjen fan 'e list fan tastiene nammekarakters.
Transliteraasje nei it Latynske alfabet
Foar de transliteraasje fan it Japansk (oft dat no skreaun wurdt yn kanji, katakana of hiragana) nei it Latynske alfabet wurdt in systeem brûkt dat de facto offisjeel is om't ek de Japanske oerheid der yn offisjele dokuminten, lykas paspoarten, gebrûk fan makket. Dit transliteraasjesysteem kin it maklikst omskreaun wurde as: konsonanten fan it Ingelsk, fokalen fan it Italjaansk.
- Foar de konsonanten betsjut dat: de letters b, d, f, h, k, m, n, ng, p, r, s, t en z wurde krekt-en-gelyk útsprutsen as yn it Frysk. De ch stiet foar de tsj fan "tsjerke"; de g is de g fan "goed"; de j is de dzj fan "siedzje"; de sh stiet foar de sj fan "sjipp"; de ts is de ts fan "tsiis"; de w is de w fan "skowe"; en de y is de j fan "jas". De konsonanten l, q, v en x wurde net brûkt foar it transliterearjen fan it Japansk, en de c allinnich yn 'e kombinaasje ch. Tink derom dat kombinaasjes as by, hy, ky, my, ny, py, ry gjin fokaal hawwe: de y is dêr de j-klank, dus de útspraak is "bj", "chj", "kj", "mj", "nj", "pj", resp. "rj".
- Foar de fokalen betsjut dat: de a is de a fan "rak"; de e is de e fan "lek"; de i is de y fan "dyk"; de o is de o fan "bok"; en de u is likernôch de û fan "tûk" (sekuerder: [ɯ], it koart net-rûne sletten efterlûd, oftewol in koarte, mei sprate lippen útsprutsen û). Fan 'e twaklanken is ai de klank fan it Wâldfryske "laitsje" en ei de ee fan "reek", dus in lange e dy't op 'e ein wat nei de y fan "dyk" ta bûcht. It Japansk omfiemet ek de lange foarmen fan 'e a (aa fan "laad"), i (ii fan "wiid"), o (likernôch oo fan "rook") en u (likernôch û fan "sûch"). Yn it gefal fan a, o en u wurde dy skreaun mei in makron derop: ā, ō en ū. (De ō komt fierwei it measte foar.) By de lange i wurdt ek wol in makron brûkt (ī), mar dy klank wurdt folle faker skreaun troch de fokaal te ferdûbeljen: ii.
Yn frijwol alle Westerske publikaasjes wurdt dit transliteraasjesysteem brûkt, mar yn 'e regel mei fuortlitting fan 'e makrons. Japanske nammen wurde dus ek mei dit transliteraasjesysteem (minus de makrons) werjûn, dat bekend wurden is fan merknammen as Toyota, Mazda, Mitsubishi, Subaru, Suzuki, Yamaha, ensfh. By libbene en resint ferstoarne persoanen wurdt de Japanske nammefolchoarder (famyljenamme-foarnamme) altyd oanpast oan 'e Westerske nammefolchoarder (foarnamme-famyljenamme). By histoaryske persoanen is dat yn 'e regel ek sa, mar net altyd, mei't yn wittenskiplike (skiedkundige) wurken soms de Japanske nammfolchoarder oanholden wurdt. Dat is fral faak sa as de skriuwer in japanolooch is, mei't minsken dy't Japansk lêze kinne oer it generaal in sterkere ôfkear hawwe fan it omdraaien fan 'e Japanske nammefolchoarder as oaren. Boeken dy't skreaun binne troch soksoarte auteurs fermelde oer it algemien wol dúdlik dat se de Japanske nammefolchoarder oanhâlde. Guon publikaasjes binne lykwols net konsekwint mei de nammefolchoarder of modderje mar wat oan, wat net inkeld argewaasje jout oan oersetters, mar ek in boarne fan betizing is foar net-Japanske lêzers.
As se yn it bûtenlân binne, of as se kommunisearje mei it bûtenlân, presintearje Japanners harren eigen nammen yn 'e regel yn in folchoarder dy't begryplik is foar dejinge(n) mei wa't se yn kontakt binne. Dêrby wurdt de normale folchoarder dan meastal omdraaid (of it moat wêze dat men kontakt hat mei lju út oare lannen dêr't de nammefolchoarder famyljenamme-foarnamme is, lykas Sina, Taiwan, Koreä of Fjetnam). It omdraaien fan 'e normale Japanske nammefolchoarder yn sokke gefallen is in ferskynsel dat al yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw wizânsje wurden is as ûnderdiel fan 'e modernisearring fan Japan.
Om't mar in hiel lytse bytsje Japanske nammen (bgl. Arata, 新; Kaneko, 金子; Masuko, 益子; en Mayumi, 真弓) sawol famyljenamme as foarnamme wêze kin, is it foar Japanners yn hast alle gefallen daliks dúdlik wat yn in namme de foarnamme is en wat de famyljenamme. Dat makket it maklik om nammefolchoarder om te draaien. By Sineeske nammen, dy't deselde nammefolchoarder hawwe as Japanske nammen, is it ûnderskie tusken famylje- en foarnamme lang sa dúdlik net, wat in reden is dat de nammefolchoarder fan Sineeske nammen nea oan 'e Westerske nammefolchoarder oanpast wurdt. Oan 'e oare kant is it yn it Japansk wol wer sa, dat troch it ferskaat oan skriuwwizen mei deselde útspraak soms famyljenammen en foarnammen dy't yn it Japansk ferskillend skreaun wurde, op deselde wize transliterearre wurde moatte, lykas de foarnamme Shoji (skreaun as 昌司, 昭次 of 正二) en de famyljenamme Shoji (skreaun as 庄司, 莊司, 庄地, 東海林, 東海枝,of 小路).
Oansprekfoarmen
Hoe't Japanske nammen yn in petear brûkt wurde, hinget ôf fan 'e omstannichheden fan it petear en de relaasje fan 'e sprekker mei dejinge tsjin wa't of oer wa't praat wurdt. Yn 'e regel brûkt men yn formele sitewaasjes de famyljenamme fan 'e peroan yn kwestje, wylst it gebrûk fan foarnammen fierhinne beheind is ta ynformele omstannichheden en gefallen wêryn't de sprekker âlder is as of nau besibbe is oan dejinge dy't neamd wurdt. Yn alle oare gefallen wurdt de famyljenamme brûkt mei dêroan tafoege it efterheaksel -san (さん), dat safolle betsjut as "menear" of "mefrou".
Japanners ferwize almeast hielendal net by namme nei lju dy't âlder of heger pleatst binne as sy, mar brûke inkeld de titel. Binnen in famylje wurdt dan bgl. sein fan okāsan (お母さん, "mem"), op skoalle seit men bgl. fan sensei (先生, "master"), en op it wurk sprekt men bgl. fan shachō (社長, "direkteur"). Ek foarnamwurden foar de twadde persoan inkeltal ("do" of "jo"), anata (あなた), kimi (きみ) en omae (お前), wurde yn it Japansk selden yn petearen brûkt, mei't dat as ûnfatsoenlik beskôge wurdt. Ynstee dêrfan sprekt men de petearspartner oan by namme, titel of funksje yn 'e trêde persoan inkeltal ("wat die mem dêr?"; "kin master hjir eefkes komme?" "hat direkteur Inoue dat sjoen?"). It brûken fan immens famyljenamme sûnder titel, funksje of it efterheaksel -san wurdt yobisute (呼び捨て) neamd, en is sels yn 'e meast ynformele sitewaasjes (tusken goede freonen of famyljeleden dy't like âld binne) tige ûnfatsoenlik. As bûtenlanners dat dogge, nimme Japanners lykwols daliks oan dat it net ûnfatsoenlik bedoeld is.
Nammen fan etnyske minderheden yn Japan
De Rjûkjûanen, dy't de súdlike Rjûkjû-eilannen bewenje en harren eigen, oan it Japansk besibbe, talen sprekke, hawwe fierhinne itselde soarte nammen as etnyske Japanners. Wol komme op 'e Rjûkjû-eilannen guon famyljenammen in soad foar, lykas Chinen (知念), Higa (比嘉) en Shimabukuro (島袋), dy't yn oare dielen fan Japan frijwol net besteane.
De leden fan 'e etnyske Sineeske en Koreaanske minderheden yn Japan hawwe Japanske nammen oannommen. Dat komt fuort út it tiidrek tusken 1910 en 1945, doe't Koreä in Japanske koloanje wie en de Japanners besochten om 'e hiele Koreaanske befolking te japanisearjen. As útfloeisel dêrfan waard it doe oan Koreänen en Sinezen yn Japan tastien om Japanske nammen te kiezen. Hjoed de dei nimme lju út oare Eastaziatyske lannen (yn 'e praktyk benammen út Súd-Koreä), dy't nei Japan ymmigrearje, ek Japanske nammen oan, mei as doel om kommunikaasje makliker te meitsjen en, noch wichtiger, om diskriminaasje te ûntrinnen. Inkelingen, lykas Han Chang-Woo, de oprjochter fan it bedriuw Maruhan, dogge dat net en behâlde harren Koreaanske namme.
Nammen fan Westerlingen yn Japan
Foarhinne wie ien fan 'e easken foar it oannimmen fan 'e Japanske nasjonaliteit dat ek in Japanske namme oannommen wurde moast. Sa feroare de heal-Ierske en heal-Grykske skriuwer Lafcadio Hearn yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw syn namme yn Koizumi Yakumo (小泉 八雲). Hy kaam op dy spesifike namme trochdat it doedestiden ek nedich wie om foar it krijen fan 'e Japanske nasjonaliteit adoptearre te wurden troch in Japanske famylje (yn Hearn syn gefal de famylje fan syn frou), dat doe lei it foar de hân om harren namme oan te nimmen.
Yn resinte tiden hat de Japanske oerheid tastien dat útlanners simpelwei harren eigen nammen omstaverje nei it katakana-skrift. Sa is der in politikus dy't Tsurunen Marutei (ツルネン マルテイ) hjit, wat in transliteraasje is fan syn oarspronklike Finske namme Martti Turunen. Oare ymmigranten transliterearje harren nammen fonetysk yn kanji-karakters mei in min ofte mear gelikense útspraak, lykas de aktivist Arudou Debito (有道 出人), in Amerikaan dy't fan oarsprong David Aldwinckle hiet.
Etnyske Japanners dy't om utens berne binne en in Westerske foarnamme hawwe, krije, as se har yn Japan fêstigje, almeast in namme skreaun yn katakana mei in Westerske nammefolchoarder (foarnamme-famyljenamme). De Amerikaanske generaal, sakeman en politikus Eric Shinseki, bygelyks, krige de namme Erikku Shinseki (エリック シンセキ).
Sineeske en Japanske nammen
Japanske nammen, sels as dy skreaun wurde yn kanji, wat útsoarte in lichtlik ferbastere foarm fan Sineeske karakters is, ferskille dúdlik fan Sineeske nammen. Dy ferskillen sitte har yn 'e kar en de útspraak fan 'e karakters. In Japanner kin in Japanske namme ûnderskiede fan in Sineeske namme troch simpelwei nei de skreaune foarm te sjen. Neffens publisist Akie Tomozawa giet dat op in wize dy't ferlykber is mei hoe't in Jeropeaan daliks sjen kin dat Smith in Ingelske efternamme is en Schmidt in Dútsken-ien, of dat Victor in Ingelske of Frânske foarnamme is, en Vittorio in Italjaansken-ien. Oan 'e oare kant is it dreech om in Japanske namme werom te kennen as dy midden yn in Sineeske tekst stiet, mei't de 'fleksibele' lingte fan 'e Japanske útspraak yn 'e kanji-karakters ommers net ta útdrukking komt.
Yn Sina, Taiwan, Hongkong, Makau, Singapoer en oare Sineesktalige mienskippen wurde Japanske nammen dy't skreaun binne yn kanji útsprutsen as wiene it gewoane Sineeske karakters. It resultaat kin wêze dat sokke nammen dan net mear werom te kennen binne. Sa wurdt 山田 太郎 yn it Japansk útsprutsen as 'Yamada Tarō', mar yn it Mandarynsk as 'Shāntián Tàiláng', wylst 鳩山 由紀夫 yn it Japansk 'Hatoyama Yukio' is, mar yn it Mandarynsk 'Jiūshān Yóujìfū'. Sadwaande sil in Japanner dy't gjin yngeande kennis fan it Sineesk hat (en dat is de oergrutte mearderheid) syn of har eigen namme net weromkenne as dy yn it Sineesk útsprutsen wurdt.
Soms omfetsje Japanske nammen saneamde kokuji. Dat binne kanji-karakters dy't lykje op Sineeske karakters, mar dy't yn Japan ûntstien binne (faak as in ferienfâldiging fan 'e skriuwwize fan in oarspronklik Sineesk karakter). Sokke karakters komme dus yn it Sineesk net foar en hawwe dêrom gjin Sineeske útspraak. In foarbyld is 込, Japansk: komu. As in Sinees sokke karakters tsjinkomt, jildt de regel "有邊讀邊,沒邊讀中間" ("lês de sydkant as dy der is, lês de midden as der gjin sydkant is"). Sadwaande wurdt it karakter 込 troch Sinezen útsprutsen as rù, dat eins de útspraak fan it karakter 入 is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |