Japanske See | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Japan, Koreä en Sibearje yn | |
lân | Japan Noard-Korea Ruslân Súd-Koreä | |
koördinaten | 40° N, 135° E | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 2.255 km | |
maks. breedte | 1.070 km | |
oerflak | 978.000 km² | |
djiptegemiddelde | 1.752 m | |
djipste punt | 3.742 m |
De Japanske See is in binnensee yn it westen fan de Stille Oseaan. Om de see hinne lizze de Japanske eilannen Hokkaido, Honsjû en Kjûsjû, it Russyske eilân Sachalin en fierders it Koreaansk Skiereilân en it Russyske fêstelân fan it Kustterritoarium. Tusken Sachalin en it fêstelân fan Sibearje troch rint yn it noarden de Tataresont, in seestrjitte dy't de Japanske See ferbynt mei de See fan Ochotsk. Yn it suden wurdt de Japanske See fia de Koreästrjitte, tusken de súdein fan it Koreaansk Skiereilân en de Japanske Eilannen troch, ferbûn mei de Eastsineeske See.
Namme
De lokale nammen fan de see binne net allegear itselde. Yn it Japansk wurdt de see Nihonkai neamd, (日本海) en yn it Russysk Japonskoje more (Японское море) wat beide oersetten wurde kin as Japanske see. Yn it Koreaansk wurdt de see lykwols Eastsee (東海) neamd (yn Noard-Koreä Eastsee fan Koreä).
Oar
Fan de Japanske See wurdt wol sein dat it in Duvelske see is. Krekt as de Bermuda-Trijehoeke stiet er bekend om mysterieuze ferdwinings[boarne?].
- Japanske See
- By Hinomisaki
- Fan it suden fan it Kustterritoarium
- Fan Ougon Misaki
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sea of Japan fan Wikimedia Commons. |