Japansk iikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Sciurus lis | ||||||||||||
Temminck, 1844 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
It Japanske iikhoarntsje (Latynske namme: Sciurus lis) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae), de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae), de tûke fan 'e echte beamiikhoarntsjes (Sciurini), it skaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus) en it lyknammige ûnderskaai fan 'e beamiikhoarntsjes (Sciurus).
Dizze soarte komt inkeld foar yn Japan, en waard yn 1844 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck. It Japanske iikhoarntsje hat trochinoar in kop-romplingte fan 16-22 sm, mei in sturtlingte fan 13-17 sm en in gewicht fan likernôch 300 g.
It ferspriedingsgebiet fan it Japanske iikhoarntsje besloech foarhinne de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû. Koartby is it lykwols mei de populaasjes op Sjikokû en it súdwestlike part fan Honsjû yn it neigean rekke, wylst it Japanske iikhoarntsje op Kjûsjû, it súdlikste fan 'e fjouwer haadeilannen fan Japan, alhielendal ferdwûn is. Saakkundigen wite dy efterútgong benammen oan 'e fragmintaasje fan 'e wâlden, it natuerlike biotoop fan it Japanske iikhoarntsje, yn dy kontreien. Dy fragmintaasje is wer it gefolch fan 'e ûntginning fan almar mear lânbougrûn dy't nedich is om 'e Japanske befolkingsgroei (dy't pas resint ôfflakke is) te ûnderstypjen. Likegoed hat it Japanske iikhoarntsje de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn it sintrale en noardlike part fan syn areaal noch rûnom foarkomt.
Behalven yn Japan komt it Japanske iikhoartsje as eksoat ek yn West-Jeropa foar. Yn Nederlân binne fral waarnimmings dien op 'e Utertske Heuvelrêch, yn 'e Kop fan Oerisel en yn Twinte, mar ek yn 'e dunen by Skeveningen en yn it uterste noarden fan Limburch.
- Balansearjend op in tûke
- Ree om oan it miel
- Posearjend?
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|