Janina Uhse (Hüsem, 2 oktober 1989) is in Dútske aktrise.
Janina komt út in toanielspilerslaach en begûn sels ek al op jonge jierren mei aktearjen. Yn 1998, sy wie doe njoggen jier, hie sy in gastrol yn de rige Der Kind vom Alstertal. Letter spile sy in gastrol yn it tredde seizoen fan de jongereinrige Die Pfefferkömer. Yn 2002 makke Uhse har filmdebút yn Der Rattenkönig. Tusken 2003 en 2008 hie Janina in rol yn de dramasearje Der Landartz. Sy spile de rol fan Melanie Peschke. De lêste jierren is se fral bekend troch har rol as Jasmin Nowak yn de soaprige Gute Zeiten - Schlechte Zeiten.
Tillefyzjerigen
- 1998: Die Kinder vom Alstertal
- 2002: Der Rattenkönig
- 2003: Die Pfefferkörner
- 2003–2008: Der Landarzt
- 2004: Die Rettungsflieger
- sûnt 2008: Gute Zeiten, schlechte Zeiten
- 2011: Küstenwache
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.