De Jangtse (Sineeske offisjele pinyin-transliteraasje Yangtze), ek wol de Jangtsekiang of Blauwe Rivier neamd, is in rivier yn Sina mei in langte fan 6380 km. It is de natuerlike swette tusken it noarden en it suden fan Sina. It is de grutste rivier fan Sina en fan it kontinint Aazje. Nei de Amazône en de Nyl is it de tredgrutste river op de wrâld. Lykwols kin mar 2.800 km as farwetter brûkt wurde. De rivier ûntspringt yn Tibet en einiget noardlik fan Shanghai yn de Eastsineeske See. De trijspjaltedaam is de grutste hydroëlektryske keardaam op de wrâld en ek it grutste hydroëlektyske elektrisiteitsstasjon op de wrâld.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.