Janet Maslin
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJanet R. Maslin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne12 augustus 1949
berteplakNew York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
berop/amtsjoernaliste
aktyf asfilmkritika, literatuerkritika
jierren aktyf1970 – 2015
offisjele webside
www.nytimes.com/by/janet-maslin

Janet Maslin (folút: Janet R. Maslin; New York, 12 augustus 1949) is in Amerikaansk sjoernaliste, dy't benammen bekendheid krigen hat as filmkritika en literatuerkritika foar The New York Times.

Libben en karriêre

Maslin waard yn 1949 berne yn New York. Se studearre oan 'e Universiteit fan Rochester, dêr't se yn 1970 in dûbele bachelorgraad behelle yn wiskunde en de skiene keunsten. Har karriêre sette se yn 1970 útein as in kritika fan rockmuzyk foar de krante The Boston Phoenix en foar it foaroansteande Amerikaanske muzykblêd Rolling Stone.

Yn 1977 waard Maslin as filmkritika yn 'e tsjinst nommen troch The New York Times. Yn dy hoedanichheid wie se 22 jier, oant 1999, oan dy krante ferbûn. Fan 1994 oant 2003 wie Maslin gauris te gast yn it tillefyzjeprogramma Charlie Rose, dêr't se har miening oer de films joech dy't op dat stuit yn 'e bioskopen draaiden en teffens foarsizzings die oer de winners fan 'e Oscars.

Yn desimber 1999 hold Maslin op as filmkritika, wêrnei't se yn dy posysje mei yngong fan jannewaris 2000 opfolge waard troch A.O. Scott. Se bleau wol as as literatuerkritika oan The New York Times ferbûn, in funksje dy't se oant 2015 útoefene. As literatuerkritika wie Maslin ferantwurdlik foar ferskate entûsjaste 'ûntdekkings' fan op dat stuit noch ûnbekende misdieskriuwers.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.