Jan van der Zee | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan van der Zee | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 febrewaris 1898 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 15 desimber 1988 | |
stjerplak | Grins | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Grafikus, Tekener |
Jan van der Zee, (Ljouwert, 16 febrewaris 1898 - Grins, 15 desimber 1988), wie in tekener-grafikus út Grins.
Nei lessen fan Jan Mankes sette er yn 1913 út ein mei in oplieding oan de Minerva-Akademy yn Grins. Doe't er yn 1916 mobilisearre waard foar de Earste Wrâldoarloch, moete er Bart van der Leck, dy't letter yn grutte boarne fan ynspiraasje foar him wurde soe foar syn nei-oarlochske wurk. Doe't Jan van der Zee him yn 1923 oansluet by de Grinzer keunstrûnte De Ploeg, gie er wurkjen yn de konstruktivistyske styl en foarme er mei Wobbe Alkema en Hendrik Werkman de tsjinhinger fan it ekspresjonisme. Syn kompoysjes út dy tiid binne opboud út abstrakte, geometryske kleurflakken en ferbyldzje meast gebouwen en lânskippen. Van der Zee gie nei 1926 werom nei it figurative wurk.
Hy wurke yn Ljouwert, Grins, Amsterdam en yn it bûtenlân. Hy skildere lânskippen, portretten wandskilderingen, yntarsia's, glês yn beton; makke earst abstrakt wurk, letter neo-ympresjonistysk wurk.
Galery
- Treppendekoraasje eardere Naberpassage Grins
- Sporthal De Bam yn Haren
- mozaïek foar de kweekskoalle yn Grins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|