Jan van Beyma (Ljouwert, 10 juny 1848 - De Haach, 25 july 1900) wie in Nederlâns boargemaster.
Famylje
Van Beyma wie in soan fan Jhr. Mr. Julius Matthijs van Beyma (1813-1898), ofsier fan justysje, en Anna Catharina Adema (1814-1848). Hy troude mei Lucia Aleida Kymmell (1852-1934). Fan 1874 oant 1876 wie er boargemaster fan Zuidwolde. Hy folge yn 1876 syn efterneef U.J. Heerma van Beyma thoe Kingma op as boargemaster fan Lemsterlân en bleau dat oant 1885. Hy ferhuze letter nei Flaardingen. Van Beyma stoar mei 52 jier.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.