De Jan Wolkers Priis is in priis dy't alle jierren takend wurdt foar it bêste Nederlânske natuerboek, ynsteld troch it VARA-radioprogramma Vroege Vogels, de Volkskrant en it Wrâld Natuer Fûns (WNF).

De priis is neamd nei de Nederlânske byldhouwer, skriuwer en natuerleafhawwer Jan Wolkers (1925 -2007). De sjuery bestiet út Wolkers syn widdo Karina, Allard Stapel (WNF), Jean-Pierre Geelen (de Volkskrant) en Daniel Gulpers (Vroege Vogels). De priis bestiet út in jildbedrach fan 5.000 euro en in orizjineel literêr portret makke troch Siegfried Woldhek.

De priis waard foar de earste kear útrikt op 27 oktober 2013, yn Ecomare op Teksel, oan Simon van der Geest. Fan 2014 ôf wurdt de priis alle jierren útrikt op de Dei fan it Natuerboek yn Leiden.

Priiswinners

  • 2013: Simon van der Geest, yllustraasjes fan Karst-Janneke Rogaar, mei Spinder
  • 2014: Remco Daalder, met De gierzwaluw[1]
  • 2015: Louis Schoonhoven mei ûnder oaren Koos Biesmeijer, Gerard Oostermeijer en Rolf Roos, mei Niet zonder elkaar - bloemen en insecten[2]
  • 2016: Albert Beintema, mei De grutto[3]
  • 2017: Dik van der Meulen, mei De kinderen van de nacht, over wolven en mensen[4]
  • 2018: Menno Schilthuizen, mei Darwin in de stad: Evolutie in de urban jungle[5]
  • 2019: Marente de Moor, mei Foon[6]
  • 2020: Valerie Trouet, mei Wat bomen ons vertellen[7]
  • 2021: Hans Mulder mei De ontdekking van de natuur
  • 2022: Tijs Goldschmidt mei Wolven op het ruiterpad

Jan Wolkers Oeuvrepriis

By gelegenheid fan it fiifjierrich bestean fan de Jan Wolkers Priis is de Jan Wolkers Oeuvrepriis yn it libben roppen. De priis bestiet út in bedrach fan fiiftûzen euro en wurdt betelle út it Natuerheldefûns fan it Wrâld Natuer Fûns.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.