Jan Smallenbroek (Assen, 21 febrewaris 1909 - Wassenaar, 29 septimber 1974) wie in Nederlânsk politicus.
Libben en wurk
Smallenbroek wie in soan fan arsjitekt Albert Smallenbroek. Hy folge de Ryks Hegere Boargerskoalle yn Assen. De grifformearde Smallenbroek wie in ARP-foaroanman út Drinte. Begjin jierren tritich gie er oan 't wurk by de Tsjinst Domeinen. Fan 1939 oant 1941 wie er riedslid, wethâlder en nei de kapitulaasje wie er in skoft waarnimmend boargemaster fan de gemeente Elburch. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie er in foaroansteand en wisberet fersetsman. Yn 1942 moast er ûnderdûke, mar yn 1944 waard er oppakt en fêstset, earst yn de Amsterdamske finzenis oan de Weteringskâns, dêrnei yn de Skeveningske straffinzenis, dêr't er yn maaie 1945 befrijd waard.
Nei in koarte perioade yn de Twadde Keamer, wie er fan 1946 ôf oan steatelid en deputearre fan Drinte, wat er ek bleau doe't er yn 1956 weromkaam yn de Keamer. Yn 't earstoan wie er wurdfierder foar maatskiplik wurk en ynlânske saken en fan 1963 ôf fraksjefoarsitter, as opfolger fan Van Eijsden dy't siik wie.
Yn 1965 ferruile er syn fertsjinstwurdigjende funksjes foar it ministerskip fan Binnenlânske Saken yn it kabinet-Cals. As minister hie er te meitsjen mei gesachsproblemen yn Amsterdam en mei de perikels om it houlik fan prinses Beatrix hinne. Yn 1966 gie er ôf út reden fan in ferkearsoertreding dy't er makke hie. Hy kaam dêrnei op in leech plak op de kandidatelist en luts him dêrom werom. Yn 1967 waard die steatsried.
Jan Smallenbroek stoar yn de âldens fan 65 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|