Jan Smallenbroek (De Like, 25 desimber 1852 - Assen, 18 maart 1932) wie in Nederlânsk arsjitekt.

Libben en wurk

Smallenbroek wie in soan fan Albert Smallenbroek en Bouwina van der Velde. Syn heit en pake wiene wettermûnder yn de provinsje Grinslân. Hy waard opsichter by Rykswettersteat en letter arsjitekt. Hy troude yn 1876 yn Assen mei Trijntje Offereins (1854-1913) en festige him yn Drinte. Harren soan Albert Smallenbroek gie yn de fuotleasten fan syn heit en waard ek arsjitekt.

Smallenbroek stoar yn de âldens fan 79 jier en waard beïerdige op it Suderbegraafplak yn Assen.

Bouwurken (in kar)

JierLokaasjeOmskriuwing
1901Assen, Grinzerstrjitte14Betheltsjerke (ryksmonumint)
1902Súdlaren, Stasjonswei by Bovendiepen neist de Grifformearde tsjerkeKristlike Skoalle foar LU en ULO (yn 1989 ôfbrutsen)[1]
1905Assen, Vaart ZZ 1ferbouwing fan hotel Het wapen van Drenthe (gemeentlik monumint)
1906Assen, Torenlaan 11went (ryksmonumint)
1906-1907Assen, Stasjonsstrjitte 11Hûs Ebbenerve, went (ryksmonumint)
1907Assen, Wilhelminastrjitte 19-21dûbele went (gemeentlik monumint)
1917-1918Peize, Riedhûsstrjitte 1gemeentehûs (ryksmonumint)

Bibliografy

  • Battjes, J.T. (1996) Assen Architectuur en Stedebouw 1850-1940 Zwolle: Waanders ISBN 9040098123
  • Gerding, M. (redaksje) (2013) Buurt met karakter. Assen Oud-Zuid en haar inwoners, Vereniging Assen Oud-Zuid. ISBN 978-90-9027936-7

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.