Jan Schotanus (Jellum, 12 augustus 1950) is in Frysk skriuwer fan berne- en jeugdboeken, sawol yn it Frysk as Nederlânsk. Hy hat ek hiel wat wurk yn it Frysk oerset, ûnder oare foar it iepenloftspul fan Jorwert. Hy wurket as master yn it basisûnderwiis.
Bibliografy
- 1983 - In swalker op 'e kust
- 1986 - Heechterp (mei oare skriuwers)
- 1986 - Ajram fan 'e Edrei
- 1989 - De kwestje fan Quad
- 1989 - De swannen fan Hoxwier
- 1990 - Mentha Minnema en it klokkemystearje
- 1995 - Mentha Minnema en it smokkelmystearje
- 1995 - In hânfol geiten (ferhalebondel, mei oaren)
- 1997 - Gefaarlik spul foar Mentha Minnema (mei Anny de Jong en Riemkje Hoogland- Pitstra)
- 2001 - Een nacht op het eiland
- 2002 - Nacht op it eilân
- 2003 - De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
- 2008 - De Fallei fan de Ungeduerigens (oersetting nei in gedicht fan Edgar Allan Poe)
- 2010 - Fûgelfrij yn de Canyon (Traveliers rige)
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.