
Jan Ritskes Kloosterman
Jan Ritskes Kloosterman (Twizel, 23 febrewaris 1847 - dêre, 17 febrewaris 1914) wie in boer (mar fielde dêr neat foar en liet it al gau oan in oar oer) en dichter.
Hy skreau Fryske natoerpoëzij mei in religieuze ynslach.
De Fryske skriuwer en dichter Simke Kloosterman wie iennich bern fan Jan Ritskes Kloosterman.
Op 26 juny 2010 wie de Jan Ritskes Poëzijnacht yn Twizel ta syn neitins.
Wurk
- Fryske wâldblomkes (1883)
- Finneblomkes (1907)
- Fryske stikken (1912)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Kloosterman, Jan Ritskes. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.